[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wergea

Ut Wikipedy
Wergea
Doarpssicht mei Wergeasterfeart
Doarpssicht mei Wergeasterfeart
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 1.870 (2022) [1]
Oerflak 13,01 km², werfan:
- lân 12,65
- wetter 0,36 km²
Befolkingsticht. 148 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' N 5° 50' E
Offisjele webside
Side fan Wergea
Kaart
Wergea (Fryslân)
Wergea

Wergea is in doarp oan de Wergeaster Feart yn de gemeente Ljouwert. Opfallend binne de twa hast identike tsjerketuorren dy't it doarp de bynamme fan "It doarp mei de twa tuorren" joegen. Se binne fan hast alle rjochtings út goed te sjen.

Wergea is grut wurden troch't it doarp sawat healwei de Wergeaster Feart lei, dêr't in protte skipfeart wie. De feart wie iuwenlang de koartste ferbining tusken noard- en súd Fryslân. Oan de iene kant troch beropsfeart, in soarte fan lytse hannelfeart. De lading bestie benammen út jirpels en nôt fan it noarden nei it suden en Turf de oare kant wer út. Mei't Wergea sintraal lei diene in soad skippers dêr ynkeapen en wreide it doarp him út. Der waarden oaljemûnen boud, slachters en bakkers fûnen dêr wurk en der kamen winkeltjes yn tou, drank, piteroalje, lynkoeken en tar. Soms wienen der twa winkeltjes yn ien hûs. Benammen de freedmerk yn Ljouwert soarge foar in soad drokte fan skippen. Sa'n 50 boaten gienen op de hinnereis op tongersdei troch de twa Wergeaster klapbrêgen, dy't doe Suder- en Noarderholt hjitten. De earste lei yn it ferlingde fan de Giele Eker en foarme de oerbrêging mei de Lytse Buorren. It Noarderholt is noch altiten de brêgeferbining tusken de Tsjerkebuorren en de Ljouwerterdyk. Freedtemiddeis waard de rûte omkeard ôflein, wêrby't wèr tol betelle wurde moast oan de "brêgewippers". De argewaasje fan de skippers oer dy jildynhelderij utere him troch de Wergeasters foar "brêgebidlers" út te skellen.

Foar 1984 wie Wergea part fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Dêrnei wie it oant 1 jannewaris 2014 part fan de doedetiidske gemeente Boarnsterhim.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Bidler

Yn de buorren by de brêge stiet de eardere herfoarme tsjerke. Tsjintwurdich is de tsjerke in kultureel sintrum mei de namme "De Bidler". Ut en troch wurde der noch tsjinsten fierd. De oare tsjerkeis de roomske Sint-Martinustsjerke oan de dyk rjochting Warten. Beide tsjerketuorren bine ûnderbrocht yn de stifting "De Twa Tuorren".

De Tsien fan Martens Afke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wergea is it plak fan de De tsien fan Martens Afke fan Nynke van Hichtum. Yn 1903 ferskynde de earste útjefte fan it boek "Afkes Tiental". De earste jierren waard it min ferkocht, oant it ynienen yn 1906 yn 'e belangstelling kaam. It boek waard letter yn in soad talen werprinte. Yn it boek beskriuwt Sjoukje Bokma-de Boer - skûlnamme Nynke van Hichtum - de earste frou fan Mr. Pieter Jelles Troelstra de lekken en brekken fan in Fryske arbeidershúshâlding tsjin de ein fan de 19e iuw.

Hiltje Feenstra, yn it boek letter Wiepkje, hie twa jier lang tsjinstfaam by har west yn it hûs oan de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert. Fan har en út har besites oan mem Afke, yn werklikheid Harmke Feenstra-Tuinstra, hat de skriuwster de gegevens foar har boek helle.

Fan de yn it boeke beskreaune húshâlding Veenstra stiet in brûnzen byld fan Suze Berkhout yn it plantsoen oan de Nije Ljouwerterdyk. It Afkes Tsiental-byldsje is yn 1970 ûntbleate troch de, doe noch libjende soan Ale Feenstra (yn it boek lytse Wiebe) en beppesizzer Harmke Wijma-de Vries. Prinses Margriet wie by de ûnthulling, krektas frou Tjits Eisenga-de Groot, dy't it Afkes-Tsiental-boek yn it Frysk oersette. Eins wiene der tolve bern, want nei't it boek útkaam, waarden der noch twa spruten berne. It húske dêr't Marten en Afke mei harren tsien bern wennen, stie efter it hûs oan de Hillebuorren 8; de stege dêrhinne bestiet noch.

Ald Slot
Brêge en Tsjerkebuorren

Yn Wergea hat ek in stins stien, mar dy is yn 1782 ôfbrutsen. Mei it materiaal dêrfan is letter it Ald Slot boud. Wa't it boek "Afkes Tiental" lêst komt dêryn stikjes tsjin, wêryn't it slot beskreaun wurdt mei in grêft derom hinne. Efter it slot lei in bosk, dêr't winterdeis prikken socht waarden om de kachel mei te baarnen. In poarte joech tagong ta it Ald Slot hjit. In echtpear restaurearre it Ald Slot en makken der yn de jierren 1990 in museum fan. Yn 2018 is it Ald Slot ferkocht en sûnt wurdt it bewenne troch partikulieren.[2]

De gevel fan it Popma Gasthûs oan de Lytse Buorren wurdt fersierd mei in gevelstien fan it famyljewapen fan de Popma's. De Lytse- en de Grutte Buorren rinne bylâns de Wergeaster Feart (fan de brêge rjochting suden). Yn it Poptahûs koenen eartiids widdo's wenje.

Alde bakkerij (1663)

By Wergea steane twa poldermoles, de Himpenserpoldermûne en in pealtsjasker.

Mei de doarpen Eagum en Warstien hat it doarp it moanneblêd 'De Havenbank'. 'Us Doarpshûs' oan de Nijewei is it doarpshûs fan Wergea. Der binne ferskillende buertferienings: De Foudering, De Fricobuurt, Lyts Sinia, Oan 't Ald Djip, Oan 't wetter, Op en om de âld iisbaen, Op en om it âlde keatslân.

Grutte Buorren

Rounom de Kearewear is ien fan de buertferienings fan it doarp.

Bushokje
De Wikipedy hat ek in side De Bidler (Wergea).
De Wikipedy hat ek in side Sint-Martinustsjerke (Wergea).
De Wikipedy hat ek in side Fermanje fan Wergea (Gele Eker).
  • De herfoarmen fan Wergea foarmje sûnt de jierren 1980 mei de doarpen Warstiens en Warten de 'Herfoarme gemeente Wartengahe' en hat de tsjerkegebouwen yn Warstiens en Warten. De herfoarme tsjerke fan Wergea waard al begjin jierren 1980 bûten gebrûk steld en ferboud ta kultureel sintrum 'De Bidler'. Ut en troch fine dêr noch spesjale tsjinsten plak. De 'Herfoarme gemeente Wartengahe' is oansletten by de PKN
  • Oant 1978 die in oan de Grutte Buorren yn de jierren 1920 ferboude wente tsjinst as Grifformeard Evangelisaasjelokaal. it gebou is noch werom te kennen as tsjerke.
  • De Sint-Martinustsjerke is de iennige tsjerke fan Wergea dy't noch jimmeroan as tsjerke tsjinst docht. De tsjerke heart mei roomsk Ljouwert, Wytgaard en Jirnsum by de Sint-Fitusparochy.
  • De mennisten hiene in grutte tsjerke oan de Giele Eker (tsjintwurdich apparteminten), dy't yn de jierren 1950 sletten waard. Dêrnei tsjerkten de mennisten oan de Tsjerkebuorren yn in nijbou dy't troch leden fan de Mennonite Voluntary Service boud wie. Dy tsjerke waard yn 2009 ferkocht oan de herfoarme gemeente, dy't de tsjerke as konsistoarje brûkt. De Wergeaster mennisten falle tsjintwurdich ûnder de gemeente Midden-Fryslân en tsjerkje yn Grou.
  • Iepenbiere basisskoalle 'De Twamêster'
  • Iepenloftspul Wergea
  • Wurkgroep Werregea Ald-Wergea Nij
  • Fûgelwacht Idaarderadiel Noard
  • Sportferienings, - klubs: Biljartklub Castelein, De Sportpleats, gymnastykferiening UDI, Iisklub De Wergeaster Reed, keatsferiening 't Oosten, Stevige Stappers, Teatskommisje, tennisferiening Wergea, Fuotbalferiening Wergea, Wergeaster Darts Kommisje, Wettersportferiening WWS. [3]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1913 1954 1959 1964 1969 1973 2003 2004 2010 2012 2022
Ynwenners 1.424 1.483 1.463 1.467 1.515 1.684 1.638 1.576 1.636 1.660 1.830

Op woansdei 22 augustus 2007 waard súdwestlik fan it doarp de earste peal slein foar de nijbouwyk Grut Palma.

Brêge Hillebuorren

Berne yn Wergea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferstoarn yn Wergea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Wergea.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje