[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Feinsum

Ut Wikipedy
Feinsum
Fitustsjerke
Fitustsjerke
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 162 (2022) [1]
Oerflak 3,18 km²
lân: 3,14 km²
wetter 0,05 km²
Befolkingsticht. 52 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' N 5° 45' E
Offisjele webside
Side Feinsum
Kaart
Feinsum (Fryslân)
Feinsum

Feinsum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Feinsum leit noardlik fan Stiens, súdeastlik fan Alde Leie en besuden Hijum. Yn 2022 hie Feinsum 162 ynwenners. De doarpskearn fan Feinsum leit oan de Holdingawei.

De buorskip Poelhuzen heart ek by Feinsum.

De namme Feinsum is net sa maklik te ferklearjen. Ek de ferhollânske foarmen binne net dúdlik. In ferklearring is dat de namme fan in persoansnamme komt. Finke, Fins en Feintsehiem soenen dan de basis wêze. Oaren tinke oan de fûgelnamme Fink. Wer oaren miene dat de betsjutting te krijen hat mei in min soarte fan turflân. Sûnt 2009 is de plaknamme offisjeel Frysk.

Der wurdt tocht dat de earste Feinsumers fiskers west hawwe. Om't de Middelsee op 'en doer net sa maklik mear te berikken wie, waard der op lânbou oergien. Mooglik ûntstie it doarp om in úthôf fan Mariëngaarde hinne. Wol is it wis dat it kleaster Mariëngaarde in grut part fan de grûn yn hannen hie.

Jacobus Stellingwerf, de tsjerke fan Feinsum yn 1723

Yn 1515 holden sân Gelderske soldaten, leden fan de Swarte Heap harren op yn de toer fan de Fitustsjerke. Doe't Ljouwerters besochten dy út te rikjen en de toer yn 'e brân stieken ferstoaren de soldaten. Yn Mariëngaarde lei in grutte troepemacht fan de Geldersken ûnder lieding fan Tsjaerd Mockema en út wraak en om tefoaren te kommen dat Ferwerderadiel skea dien waard, foelen dy doe út en stieken Martenastate yn Koarnjum yn 'e brân.

Nei de reformaasje yn 1580 naam de Feinsumer lânadel de macht fan it kleaster Mariëngaarde oer. De wichtichste famylje wie Holdinga, dy't harren state in pear hûndert meter westlik fan de tsjerke hie. Yn 1511 waard Wiffka Holdingen neamd as bewenner fan Holdingastate. Yn 1640 wie Gratina fan Holdinga de eigeneresse fan Holdingastate. It skaai liket mei har útstoarn te wêzen. Oare lânadel yn Feinsum wiene de Eminga's (dy't oan de Iestdyk wennen), de Mellinga's (dy't súdlik fan de Holdinga's op in terp wennen) en de Aebinga's (dy't harren state flak ûnder Hijum hiene). Fan de aadlike states is neat fan werom te finen as de oerlevere nammen.

Yn de jierren 1878-1888 waarden de terpen fan Feinsum ôfgroeven. Om de ierde ôf te fieren waard in opfeart nei de Feinsumer Feart groeven.

Sûnt 2018 leit Feinsum yn de gemeente Ljouwert, dêfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel.

De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Feinsum).

De 13e-iuwske Sint-Fitustsjerke waard wijd oan de hillige needhelper Fitus. Om't de lytse herfoarme gemeente Feinsum-Hijum twa âlde tsjerke net ûnderhâlde koe, waard de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

It gebou 'De Welkom'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Evagelisaasjegebou De Welkom

Yn 1913 stiften frije-evangelysken út Alde Leie yn Feinsum in evangelisaasjegebou dat de namme ‘De Welkom’ krige. It waard foaral brûkt foar it hâlden fan sneinsskoalle. Yn ‘e wike waard it brûkt troch sawol de frije-evangelysken as de herfoarmen. Yn 1950 is it gebou sletten.

It fûns fan it roggejild wie mooglik ynsteld troch de abten fan Mariëngaarde en betsjutte in útkearing oan de earmen fan Hallum, Hijum, Feinsum, Alde Leie en Aldebiltsyl. Mei de opheffing fan Mariëngaarde yn 1578 gyng de ferplichting fan it fûns op de oerheid oer. Alle jierren moast ôfhinklik fan de roggepriis in bedrach útbetelle wurde oan de fiif earmfâdijen. Ynearsten wie dat trochïnoar 500 gûne, mar nei 1660 in fêst bedrach fan 700 gûne. Nei in ûnderbrekking yn de Frânske tiid naam it Ryk yn 1816 de ferplichting oer, mar de betellings rûnen net goed mear. Nei in útspraak fan de Hege Ried moast it Ryk yn 1837 it roggejild wer alle jierren útkeare. Om 1858 hinne is der in nije regeling tusken de earmfâden fan Ljouwerteradiel en it Ryk kommen, it Ryk kocht de ferplichting ôf.[2]

De halte Feinsum fan it Noarder Lokaalspoar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon fan Feinsum

Feinsum hie ek in halte fan de tredde klasse fan it Noarder Lokaalspoar. Nei’t de treinen net mear rieden, is it stasjonsgebou op fersyk fan de ANWB, fanwege de ferkearsfeiligens, ôfbrutsen. It spoar is noch lang brûkt foar it ferfier fan ierappels. In stikje fan it âlde spoar is no it fytspaad tusken Feinsum en Stiens.

Oade oan de halte
Hans Jouta

De feriening foar Doarpsbelang fergadert yn de konsistoarjekeamer fan de tsjerke. It ferieningslibben spilet him foar it grutste part yn 'e mande mei Hijum ôf. In fytspaad ferbynt it doarp mei it oardel kilometer fierderop lizzende Hijum wêr't ek it doarpshûs is. De feestvereniging "Mei elkoar ien" organisearret foar Hijum en Feinsum alle jierren it doarpsfeest, it iene jier yn Hijum, it oare jier yn Feinsum. In pear kear yn 't jier ferskynt foar beide doarpen it krantsje "De Rattelwacht".

De bynamme fan in ynwenner fan Feinsum is flinter. De oarsprong fan dy skelnamme is dat Feinsumers lykas flinters in soad hin en wer tyskje en dat men der net in soad fan op oan koe.[3]

In eigen skoalle hat it doarp net, de iepenbiere Arjen Roelofsskoalle fan Hijum is it tichtste by.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids foel Alde Leie ûnder Feinsum en doe't dat plak yn 1975 selsstannich waard ferlear Feinsum yn ien klap in soad ynwenners. Feinsum krige hast gjin nijbou en mei't de hûshâldings lytser waarden en it ferdwinen fan fersjennings sakke it ynwennertal noch mear. De lêste tiid is it ynwennertal stabyl.

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2022
Ynwenners 601 506 470 451 373 160 162 162
Slachdykstermûne

Bewesten Feinsum stiet de Slachdykstermûne, in út 1864 datearjende poldermûne, dy't yn 2007/2008 hielendal restaurearre waard.

Breedyk, Hege Hearewei, Holdingawei, Iestdyk, Poeldyk, Poelhuzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Ljouwerteradiel, G. Abma (1984), side 439
  3. Scheldnamen van de dorpen in Leeuwarderadeel

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje