Hijum
Hijum | ||
Nikolaastsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 415 (2022) [1] | |
Oerflak | 3,67 km² lân: 3,64 km² wetter 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 114 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 17' N 5° 45' E | |
Kaart | ||
Hijum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Hijum leit noardlik fan Feinsum, eastlik fan Alde Leie en súdwestlik fan Hallum. Yn 2022 hie Hijum 415 ynwenners. De doarpskearn fan Hijum leit om de krusing fan de Lege Hearewei en it Leijsterpaed.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hijum is ûntstien op in kwelderwâl. De Hijumer Feart, de âlde namme 'Hijumermear', is de grinsskieding mei de gemeente Noardeast-Fryslân. De namme Hijum is te ferklearjen as 'hiem' of 'wenplak'. De âldste terpfynsten fan Hijum geane werom op de 1e iuw nei Kristus. Doe't yn de 12e iuw dêr in dyk oanlein waard, dêr't no de Hege Hearrewei rint, kaam Hijum yndyks te lizzen. Ut dy tiid datearret ek de Nikolaastsjerke. It kleaster Mariëngaarde hie in soad lânbesit yn Hijum.
De lânadel wie yn Hijum fertsjintwurdige troch de A(e)binga's en Em(m)inga's. As stamheit fan de Aebinga’s wurdt yn de 15e iuw Folkert Gosses Eabinga neamd. Hy wie grytman fan it noardlike part fan Ljouwerteradiel. De Abinga's hearden by de Fetkeapers en doe't Karel V yn 1511 as lânshear fan Fryslân ynhuldige waard, wegere Binnert Abinga trou te swarren oan de nije lânshear. Op syn besit waard (tydlik) beslach lein. Troch in houlik fan syn dochter mei Haring Heringa gyng de state letter oer op de Heringa's. Yn 1518 hat de Swarte Heap yn Hijum slim hûsholden, werby't tsjerke en doarp foar in part ferneatige waarden. Fan de state wie yn de 18e iuw net in soad mear oer, yn 1732 makke Jacobus Stellingwerf in tekening fan de ruïne.[2]
Nei de reformaasje waarden Hijum en Feinsum twillingdoarpen en diene de doarpen in soad meiïnoar. Dat is noch jimmeroan sa.
Yn 'e twadde helte fan 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw wenne en wurke de doe ferneamde stjerrekundige Arjen Roelofs yn Hijum. Hy is mei twa bruorren en in suster op it hôf fan Hijum begroeven.
De middenstân foar Feinsum en Hijum siet yn Hijum. Der hat ek noch in sûkereifabrykje west. Om 1900 hinne waard de Hijumer terp foar it measte ôfgroeven. Sa is it tsjerkhôf in eilân wurden mei in krâns fan beammen omfieme troch leger lân. Tusken 1901 oant 1940 hie Hijum in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Anjum. It stasjonsgebou is bewarre bleaun (De Loane 5).
Sûnt 2018 leit Hijum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nikolaastsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Hijum).
De tsjerke is yn de twadde helte fan 12e iuw boud. Grutte dielen fan de muorren bestean út dowestien. Oarspronklik wie de tsjerke wijd oan Sint-Nikolaas, de patroanhillige fan de seefarders. Der wurdt wol tocht dat der doe yn Hijum skippers wenne hawwe. Hja hienen oer Alde Leie in goede ferbining mei de Middelsee. Oer de lêste pastoar, út 1580, de dominikaan hear Pibo, is noch it nedige bekend. Hy beklaget him tige hoe’t er yn Hijum behannele is.
Foar de lytse herfoarme gemeente Hijum-Feinsum waarden de ûnderhâldskosten fan de tsjerke te swier en dêrom is de tsjerke oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
Grifformearde tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1877 waard yn Hijum in ôfskieden tsjerke stifte, dy't him letter oansletten hat by de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De tsjerke hat de namme Betheltsjerke krige en waard yn it ramt fan de tsjerkefúzje fan de herfoarmen en grifformearden yn 2014 sletten.
Mariëngaarder Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Hege Hearrewei by de Hijumer Feart stie de iennige mûne fan it doarp en wat lang de iennichste nôtmûne fan Ljouwerteradiel west hat. Oare nammen fan de 'Mariëngaarder Mûne' wiene de 'Menaarder-', 'Bilgarder-' of 'Bilgaarder Mûne'. Der wurdt wol tocht dat de mûne troch it kleaster stifte is. Letter kaam der in partikuliere mealder. Yn 1869 is de standermûne ôfbaarnd.
Oer de brân is it folgjende ferhaal optekene. De lêste mealder, Palsma, woe wol fan de mûne ôf. Hy fûn in keaper foar 3.000 gûne en joech dy lok. Mar letter betocht Palsma him wer en de nije eigener woe him de mûne wol wer ferkeapje. Palsma koe de mûne foar 4.500 gûne weromkeapje. Palsma hat dat dien, mar it begrutte him wol oer dy 1.500 gûne dy’t er der op tajaan moast. Syn húshâldster wist dêr wol rie op. De mûne wie foar 5.000 gûne tsjin brân fersekere; as de reade hoanne kraaide dan sprong Palsma der noch mei winst út. Sa barde it dan de hûshâldster de mûne yn 'e brân stiek. Allinne begûn doe it gewisse fan de húshâldster te sprekken en hja joech harsels as dieder oan.[3]
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshûs fan Hijum-Feinsum hjit "De Kampioen", dêr komt ek de feriening Doarpsbelang gear. It jierlikse doarpsfeest wurdt om bar yn Hijum en Feinsum holden.
Bynamme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hijumers hawwe as bynamme 'kikkerts'.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De iepenbiere basisskoalle is ferneamd nei Arjen Roelofs.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Feinsum hat it doarp in fanfare: Crescendo. De measte ferienings binne mienskiplik.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynwennertal hat lang sa om de 300 west. Nei 1945 is der in oanwaaks komd om’t Ljouwerters harren dêr nei wenjen setten. It gemeentebestjoer hat dat oantrune troch yn Hijum wenten te bouwen.
Jier | 1749* | 1840* | 1909* | 1939* | 1958* | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 | |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 108 | 310 | 458 | 532 | 519 | 516 | 448 | 429 | 421 | 390 | 415 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arjen Roelofs (1754-1828), stjerrekundige
- Rindert Straatsma (1937-2006), frisiast
- Janneke Spoelstra (1962), Frysk skriuwster
- Willem Poelstra (1975-1999), marathonreedrider
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alde Ringwei, Breedyk, De Loane, Efter de Wâl, Ekersein, Finnepaad, Hege Hearewei, Lege Hearewei, Leiesterpaad, Mieddyk, Oerd, Poaitrije, Popkereed, Skoallestrjitte, Terp, Wallinga's-trije.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |