[go: up one dir, main page]

Ian Fleming (folút: Ian Lancaster Fleming; Londen, 28 maaie 1908Canterbury, 12 augustus 1964) wie in Britsk skriuwer fan benammen skrillerromans en spionaazjefiksje, dy't bekend wurden is as de geastlike heit fan geheim agint James Bond. Hy wurke as sjoernalist, bankier en effektehanneler foar't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch as ofsier tsjinne by de Britske Marine Ynljochtingedifyzje, wêrby't er út 'e earste hân ûnderfining opdie mei spionaazje. Nei ôfrin fan 'e oarloch waard Fleming wer sjoernalist en redakteur. Syn earste roman publisearre er pas yn 1953, doe't er 45 jier wie. Njonken de James Bond-romansearje skreau er ek it bekende berneboek Chitty-Chitty-Bang-Bang en twa non-fiksjewurken. Yn 1964 beswiek er mei 56 jier oan in hertoandwaning.

Ian Fleming
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ian Lancaster Fleming
nasjonaliteit Britsk
berne 28 maaie 1908
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 12 augustus 1964
stjerplak Canterbury (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre skrillerromans, spionaazjeromans
perioade mids 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
James Bond-romansearje
Chitty-Chitty-Bang-Bang
jierren aktyf 19531964
offisjele webside
www.ianfleming.com
Dizze side giet oer de Ingelske skriuwer en geastlike heit fan James Bond. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ian Fleming (betsjuttingsside).

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Famylje en komôf

bewurkje seksje

Fleming waard yn 1908 berne op 27 Green Street yn 'e Londenske wyk Mayfair, as de soan fan politikus Valentine Fleming, in lid fan it Britske Legerhûs foar Henley fan 1910 oant 1917, en dy syn frou Evelyn "Eve" Rose. De Flemings wiene in rike famylje dy't oarspronklik út Skotlân kaam en dêre ta de Clan Fleming hearde. Ian Fleming wie in pakesizzer fan 'e Skotske finansier Robert Fleming, de oprjochter fan 'e sakebank Robert Fleming & Co. en in mei-oprjochter fan 'e Scottish American Investment Company. Syn heit Valentine, dy't oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch tsjinst naam yn it Britske Leger en opklom ta de rang fan majoar, kaam op 20 maaie 1917 oan it Westfront yn Frankryk te sneuveljen.

 
It tinkteken foar de slachtoffers fan 'e Earste Wrâldoarloch yn Glenelg (Skotlân). Om't Fleming syn heit Valentine dêr grûn besiet, stiet ek syn namme fermeld.

Fleming wie de twadde fan fjouwer soannen yn 'e húshâlding fan syn âldelju. Syn âldere broer Peter Fleming (1907-1971) wie in reisferhaleskriuwer dy't troud wie mei de aktrise Celia Johnson en dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch behelle wie yn kommando-operaasjes efter de fijannige linys yn Noarwegen en Grikelân. Fleming syn jongere bruorren wiene Richard (1911-1977) en Michael (1913-1940). Michael Fleming tsjinne oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch by de Britske ynfantery en beswiek oan syn ferwûnings nei't er ûnder de Slach om Frankryk troch de Dútsers kriichsfinzen nommen wie. Fierders hie Fleming ek noch in jongere healsuster, Amaryllis Fleming (1925-1999), dy't in oerwûn bern wie fan syn mem en de keunstner Augustus John, mei wa't syn mem yn 1923 in jierrenlange bûtenechtlike relaasje begûn.

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Yn 1914 gie Fleming nei de kostskoalle Durnford School op it eilân Purbeck yn it Ingelske greefskip Dorset. Dêr hied der bot te lijen ûnder ferskriklik iten, lichaamlike ûntbearings en narjen troch oare learlingen.

Fan 1921 oant begjin 1927 genoat Fleming fierder ûnderwiis oan it Eton Kolleezje, in bekende kostskoalle foar de Britske riken. Hy blonk dêr net út troch syn learen, mar nammenste mear troch syn prestaasjes op atletysk mêd. Teffens wied er redakteur fan 'e skoalkrante The Wyvern. Tsjin dy tiid hie Fleming in libbensstyl ûntwikkele dy't him allegeduerigen yn oanfarring brocht mei syn hûsmaster, in E.V. Slater. Dyselde hie krityk op Fleming syn gebrûk fan hierfet, syn besit fan in auto, syn omslaan mei froulju en syn hâlden en dragen yn it algemien. Hy beprate Fleming syn mem om Fleming in jier earder as wenst wie fan Eton te heljen om him ynstee nei it Keninklik Militêr Kolleezje, Sandhurst te stjoeren, de Britske militêre akademy. Dêre bleau er minder as in jier; ein 1927 moast er it ynstitút ferlitte sûnder in ofsierspost bemachtige te hawwen, om't er oanhelle rekke wie mei de geslachtssykte gonorroe.

 
It Eton Kolleezje, dêr't Fleming fan 1921 oant 1927 nei skoalle gie.

Fuort dêrnei waard Fleming troch syn mem nei de Tennerhof stjoerd, in lytse kostskoalle yn it Eastenrykske Kitzbühel, dêr't er taret wurde moast op in baan by it Britsk Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Oan it haad fan dy skoalle stiene in eardere Britske spion, Ernan Forbes Dennis, en dy syn frou Phyllis Bottome, in romanskriuwster. Nei't Fleming oan 'e Tennerhof syn feardichheid yn frjemde talen oppoetst hie, studearre er koart oan 'e Loadewyk Maksimiliaan Universiteit München yn Dútslân en de Universiteit fan Sjenêve yn Switserlân. Yn Sjenêve begûn er in romantyske relaasje mei in Monique Panchaud de Bottens, mei wa't er him ferloofde krekt foar't er yn septimber 1931 nei Londen weromkearde om talittingseksamen te dwaan foar it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Dêrby behelle Fleming ridlike sifers, mar it slagge him net om in baan yn 'e wacht te slepen.

Sjoernalist, bankier, effektehanneler

bewurkje seksje

Troch yngripen fan syn mem, dy't foar him lobbyde by sir Roderick Jones, de algemien direkteur fan it parseburo Reuters, krige Fleming dêr yn oktober 1931 in baan as sjoernalist en redakteur. Yn dy hoedanichheid brocht er yn april 1933 tiid troch yn Moskou, de haadstêd fan 'e Sovjet-Uny, dêr't er ferslach die fan it stalinistyske showproses fan seis yngenieurs fan it Britske bedriuw Metropolitan-Vickers. Op 'e dolle rûs tsjinne er in oanfraach yn foar in fraachpetear mei Josef Stalin sels, en ta syn ferbjustering ûntfong er in troch Stalin persoanlik ûndertekene brief werom, wêryn't dyselde syn ûntskuldigings oanbea om't er him soks net oan tiid die. Nei syn weromkear út Moskou beëinige Fleming syn ferloving ûnder druk fan syn mem, dy't drige om 'e útkearing fan bûsjild út syn beheard fermogen ôf te snijen.

Yn oktober 1933 bûgde Fleming fannijs foar druk fan syn mem en oare famyljeleden, dy't woene dat der de bankêre sektor yn gie. Hy fûn wurk as bankier by de sakebank Cull & Co., en yn 1935 kaam er by Rowe & Pitman te wurkjen as effektehanneler. Yn gjinien fan beide funksjes wied er botte súksesfol. Begjin 1939 begûn er in bûtenechtlike affêre mei Ann Charteris O'Neill, de frou fan baron Shane O'Neill. Op dat stuit ûnderhold hja ek in bûtenechtlike relaasje mei Esmond Harmsworth, de eigner fan 'e krante The Daily Mail.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn maaie 1939 waard Fleming rekrutearre troch skout-by-nacht John Henry Godfrey, de direkteur fan 'e Marine Ynljochtingedifyzje fan 'e Britske Keninklike Marine. Yn augustus 1939 gied er dêr foltiids oan it wurk as Godfrey syn persoanlike assistint, hoewol't Fleming syn biograaf Andrew Lycett opmurk dat er dêr "gjin dúdlike kwalifikaasjes" foar hie. As ûnderdiel fan syn oanstelling waard oan Fleming yn july 1939 de rang fan luitenant-op-see twadde klasse takend, wêrnei't er in pear moannen letter befoardere waard ta luitenant-op-see earste klasse.

Fleming, dy't in kundich bestjoerder wie en goed mei minsken omgean koe, wie yn syn nije posysje fan ûnskatbere wearde foar Godfrey. De skout-by-nacht stie bekend om syn ûnhandige hâlden en dragen en syn prikkelbere karakter, dêr't er yn regearingsfermiddens fijannen mei makke. Hy brûkt Fleming dêrom geregeldwei as tuskenpersoan mei it regear en mei oare seksjes fan 'e marine. Dêrnjonken liet Godfrey oan it begjin fan 'e oarloch by de marine ferskate memo's sirkulearje mei suggestjes foar anty-Dútske spionaazje-operaasjes, wêrfan't histoarisy oertsjûge binne dat se eins út 'e koker fan Fleming kamen. Sa wie ien fan 'e suggestjes út it saneamde Trout Memo fan 29 septimber 1939 om misliedende dokuminten te plantsjen op in lyk klaaid as in Britsk ofsier, en dat lyk earne efter te litten dêr't de Dútsers it fine soene. Dat is winliken wat yn 1943 by Operaasje Mincemeat dien waard om 'e Dútsers op 'e ferkearde skonk te setten foarôfgeande oan 'e Alliëarde ynvaazje fan Itaalje út Noard-Afrika wei.

 
De Admiraliteit yn Londen, dêr't Fleming yn 'e Twadde Wrâldoarloch wurke.

Fleming wurke ek gear mei kolonel "Wild Bill" Donovan, de spesjale gesant fan 'e Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt yn it Feriene Keninkryk op it mêd fan mienskiplike spionaazje-aktiviteiten. Yn maaie 1941 reizge er mei Donovan ôf nei de Feriene Steaten, dêr't er holp by it oprjochtsjen fan it Office of the Coordinator of Information, dat al rillegau omfoarme waard ta it Office of Strategic Services (OSS), dêr't nei de oarloch de ynljochtingetsjinst CIA út fuortkomme soe. Fan 1941 oant 1942 stie Fleming fierders oan it haad fan Operaasje Goldeneye, in Britsk plan om in netwurk fan spionnen yn Spanje te behâlden foar it gefal dat nazy-Dútslân ek dat lân besette soe.

Yn 1942 rjochte Fleming in tige súksesfolle ienheid op dy't bestie út Britske kommando's en dy't No. 30 Commando of 30 Assault Unit neamd waard. Dy hie ta taak om by de opmars fan Britske troepen yn 'e neite fan 'e frontliny te bliuwen of soms dêr foarút te tsjen, mei it doel om dokuminten te bemachtigjen út kommandosintra fan 'e fijân. Fleming folge dêrby it foarbyld fan in Dútske ienheid dy't yn 1941 troch Otto Skorzeny oanfierd wie om by de Slach om Kreta in soartgelikense funksje te ferfoljen. Fleming gie net it "fjild" yn mei No. 30 Commando, mar selektearre doelwiten foar de ienheid en beoardere de operaasjes út Londen wei. Dat stelden de leden fan 'e ienheid begryplikerwize net bot op priis, en Fleming wie ûnder harren dan ek net populêr. Ein 1942 waard Godfrey as haad fan 'e Marine Ynljochtingedifyzje ferfongen troch kaptein-op-see Edmund Rushbrooke, wêrnei't Fleming syn ynfloed yn 'e organisaasje belune, hoewol't er wol it befel oer No. 30 Commando behold.

Yn maart 1944 hie Fleming it tafersjoch oer de distribúsje fan geheime ynljochtings nei ienheden 'e Britske Keninklike Marine yn tarieding foar Operaasje Overlord en D-Day. Op 6 juny fan dat jier waard er ferfongen as haad fan No. 30 Commando, mar hy bleau ek neitiid by dy ienheid belutsen. Wilens en nei de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje besocht er de ienheid yn it fjild, benammen nei in wraam op Cherbourg. Fleming siet der nammentlik oer yn dat de ienheid dêrfoar as in gewoane kommando-ienheid brûkt wie, wat in fergriemen fan 'e spesjale ynljochtingesamlingsfeardichheden fan 'e leden wie. Nei syn bemuoienis waard it tafersjoch oer de ynset fan 'e ienheid herfoarme om soks tenei foar te kommen. Letter folge Fleming No. 30 Commando doe't de ienheid Dútslân binnenkrong en dêr yn Schloß Tambach de Dútske marine-argiven fan 1870 ôf ûntdiek en feilichstelde.

It súkses fan No. 30 Commando krige neifolging troch de oprjochting fan in twadde kommando-ienheid mei in selde soarte fan misje, dy't T-Force kaam te hjitten (koart foar "Target Force"). Fleming wie lid fan 'e kommisje dy't dêr it tafersjoch op hie en doelen foar útkeas. T-Force wie benammen súksesfol by de ynname fan 'e Dútske havenstêd Kiel, dêr't de ienheid in ûndersyklaboratoarium feilichstelde dêr't motors foar de V-2-raket, de Messerschmitt Me 163-jachtfleanmasine en in nije generaasje ûnderseeërs ûntwurpen waarden.

 
It haadgebou fan it lângoed Goldeneye, yn Jamaika, dêr't Ian Fleming alle James Bond-romans skreau.

Yn maaie 1945 waard Fleming demobilisearre, mar hy bleau noch oant 16 augustus 1952 lid fan 'e Britske marinereserve. Yn oktober 1947 krige er de Deenske Kening Kristiaan Frijheidsmedalje takend foar syn bydrage oan 'e ûntsnapping fan Deenske ofsieren nei it Feriene Keninkryk ûnder de Dútske besetting fan Denemark.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Yn 1942 hie Fleming in Britsk-Amerikaanske topmoeting op it mêd fan spionaazje bywenne yn 'e Britske koloanje Jamaika, yn it Karibysk Gebiet. Hoewol't it suver oan ien stik troch reind hie doe't hy dêr wie, hied er likegoed besletten dat dit it plak wie dêr't er nei de oarloch wenje woe. Syn freon Ivar Bryce holp him om in perseel grûn te finen yn Saint Mary Parish, dêr't Fleming yn 1945 in wente sette liet dy't er Goldeneye neamde. De namme kaam neffens himsels sawol fan Operaasje Goldeneye, dêr't er sels yn 'e oarloch lieding oan jûn hie, as fan 'e roman Reflections in a Golden Eye, fan Carson McCullers út 1941, wêryn't it gebrûk fan Britske marinebases yn it Karibysk Gebiet troch de Amerikaanske Marine beskreaun waard.

Nei't er yn maaie 1945 ôfswaaid wie út aktive tsjinst, krige Fleming in baan as bûtenlânmanager yn 'e Kernsley Group, dy't doedestiden û.o. de krante The Sunday Times yn besit hie. Yn dy funksje hie hy it tafersjoch op it wrâldwide netwurk fan korrespondinten, hoewol't er sels ek artikels skreau. Syn kontrakt joech him eltse winter in fearnsjier frij, en dy fakânsje brocht er stiiffêst troch op syn lângoed yn Jamaika. Hy wurke foltiids foar The Sunday Times oant desimber 1959, mar gie noch oant 1961 troch mei it skriuwen fan artikels en it bywenjen fan gearkomsten.

Underwilens wie baron O'Neill, de man fan Fleming syn mêtresse Ann Charteris O'Neill, yn 'e oarloch sneuvele. Hja ferwachte om dêrnei mei Fleming te trouwen, mar dy hold de boat ôf om't er frijfeint bliuwe woe. Sadwaande troude se op 28 juny 1945 ynstee mei har oare minner Esmond Harmsworth, dy't ûnderwilens de twadde boarchgreve Rothermere wurden wie. Likegoed sette se har affêre mei Fleming fuort, wêrby't se winterdeis nei Jamaika reizge, sabeare om 'e akteur Noël Coward te besykjen, dy't in freon en buorman fan Fleming wie. Yn 1948 befoel Ann fan Fleming syn dochter Mary, dy't deaberne wie. Omreden fan har oanhâldende omslaan mei Fleming liet Rothermere him yn 1951 fan syn frou skiede, wêrnei't Fleming en Ann op 24 maart 1952 yn Jamaika dochs noch yn it houliksboatsje stapten. Dat wie in pear moannen foar't yn augustus fan dat jier harren soan Caspar berne waard. Sawol Fleming as Ann begiene ûnder harren houlik oerhoer: sy mei Hugh Gaitskell, de foaroanman fan 'e Labourpartij, en hy mei syn buorfrou Blanche Blackwell.

Karriêre as skriuwer

bewurkje seksje

Fleming hie yn 'e oarloch foar it earst tsjin freonen opmurken dat er wolris besykje woe en skriuw in spionaazjeroman. Yn 1952 kaam dat der einlings fan, doe't er fan 17 febrewaris ôf binnen twa moannen yn syn winterfakânsje op Jamaika it boek Casino Royale skreau. It ferhaal gie oer de aventoeren fan in James Bond, dy't geheim agint is foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6 en bekend stiet ûnder it koadenûmer 007. De foarfallen en personaazjes yn Casino Royale (en de lettere ferfolchromans) basearre Fleming op syn eigen ûnderfinings mei ynsidinten en persoanen yn 'e oarloch en as sjoernalist.

De namme James Bond soed er nei eigen sizzen oernommen hawwe fan 'e ornitolooch James Bond, waans fûgelgids Birds of the West Indies by him yn 'e boekekast stie. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat Fleming eins de namme skoan ûntliend hawwe kin oan in Welske geheim agint mei wa't er sels ûnder de Twadde Wrâldoarloch gearwurke hie, in James C. Bond. It uterlik fan syn personaazje basearre er op dat fan 'e komponist, sjonger en akteur Hoagy Carmichael. It karakter fan Bond stalde er gear út karaktertrekken fan himsels en fan oare lju dy't er kend hie.

It hânskreaune manuskript fan Casino Royale waard yn Londen úttypt troch Fleming syn readhierrige sekretaresse by The Sunday Times, Joan Howe (de mem fan reisferhaleskriuwer Rory MacLean), op wa't er foar in part it personaazje fan Miss Moneypenny basearre. Geandewei 1952 skaafde Fleming syn boek fierder by, oant er it úteinlik sjen liet oan syn freon William Plomer. Hoewol't Fleming sels noch mingde gefoelens oer syn wurk hie, fûn Plomer it goed genôch om it troch te stjoeren nei útjouwerij Jonathan Cape. Dêr wie men yn 't earstoan net botte entûsjast oer de roman, mar it bedriuw publisearre ek de goedferkeapjende reisboeken fan Fleming syn broer Peter, en doe't dy druk útoefene, besleat men Casino Royale dan mar út te jaan. It boek ferskynde op 13 april 1953 yn in hardcoveredysje mei in omslach dy't troch Fleming sels ûntwurpen wie. It waard in grut súkses, dêr't de útjouwerij binnen it jier twa werprintingen fan útbringe moast om oan 'e fraach te foldwaan.

Doe't er Casino Royale skreaun hie, benutte Fleming tenei eltse winterfakânsje op Jamaika om in nij boek yn 'e James Bond-searje te skriuwen. Uteinlik soene der fan syn hân tusken 1953 en 1966 tolve romans en twa ferhalebondels oer Bond ferskine. De lêste roman, The Man with the Golden Gun, en de lêste bondel, Octopussy and The Living Daylights, waarden postúm publisearre. Saillant detail wie, dat Fleming foar de smjunten tsjin wa't Bond it opnimme moat, de nammen brûkte fan lju dy't er koe, faak guon dy't er net lije mocht. Scaramanga, út The Man with the Golden Gun, ferneamde er bgl. nei in klasgenoat op Eton mei wa't er net koe, en Goldfinger, út 'e roman mei deselde namme, ferneamde er nei arsjitekt Ernő Goldfinger, waans ûntwerpen oft er ferskriklik fûn.

 
Paperbackedysjes fan Fleming syn James Bond-rige.

Tsjinslaggen

bewurkje seksje

De earste fiif boeken fan 'e James Bond-rige krigen oer it algemien positive resinsjes fan 'e literatuerkritisy, mar dat feroare doe't Fleming yn maart 1958 oanfallen waard troch Bernard Bergonzi, dy't skreau foar it tydskrift Twentieth Century. Dyselde bespeurde yn 'e Bond-searje "in sterk oanwêzich elemint fan foyeurisme en sado-masogisme" en fûn dat it de boeken folslein ûntbriek oan "lykfol hokker etyske kontekst". Doe't in moanne letter de roman Dr. No útkaam, lieten de measte kritisy dy folslein ôfrinne. Fleming loek him de krityk oan en begûn oan syn wurk te twifeljen, eat dat neffens syn biograaf Andrew Lycett bliken docht út 'e prakkesaasjes dy't Bond hie yn it folgjende boek dat útkaam, de ferhalebondel For Your Eyes Only.

Yn 1958 begûn Fleming gear te wurkjen mei Ernest Cuneo, in freon fan syn freon Ivar Bryce, en teffens mei de senarioskriuwer Jack Whittingham en de jonge Ierske regisseur Kevin McClory, om in Bond-ferhaal yn 'e foarm fan in filmsenario te skriuwen. De gearwurking gie muoisum en tsjin desimber 1959 hie Fleming syn bekomst derfan. Dy winterfakânsje skreau er op Jamaika in 'ferboeking' fan it senario, dy't er letter publisearre ûnder de titel Thunderball. Nei't McClory yn maart 1960 in him tastjoerd eksimplaar fan it boek lêzen hie noch foar't it publisearre wie, spanden hy en Whittingham in rjochtsaak foar plagiaat tsjin Fleming oan oer it auteursrjocht. It juridysk hottefyljen dêroer soe úteinlik oant 2006 oanhâlde, mar it waard yn 1963 (tydlik) oplost doe't Fleming syn beide eardere meiwurkers in skikking oanbea: McClory krige it auteursrjocht en de filmrjochten op it senario, mar Fleming krige it auteursrjocht op 'e roman, dêr't by it kolofon yn fermeld waard: "basearre op in filmsenario fan Kevin McClory, Jack Whittingham en de auteur".

De hurde krityk dy't Fleming krigen hie op Dr. No en lettere wurken liek de ferkeapsifers fan syn boeken net bot te beynfloedzjen. Dy hiene altyd goed west en bleaune dat ek. Mar op 17 maart 1961 ferskynde der in artikel yn it Amerikaanske tydskrift Life wêryn't presidint John F. Kennedy de James Bond-roman From Russia, with Love neamde as ien fan syn tsien favorite boeken. Fan gefolgen skeaten de ferkeapsifers fan dat en oare boeken fan Fleming yn 'e Feriene Steaten de loft yn.

Yn juny fan dat jier ferkocht Fleming de filmrjochten op alle James Bond-romans en -ferhalen, útsein Casino Royale en Thunderball, foar $50.000 oan 'e Kanadeeske filmprodusint Harry Saltzman. Dyselde foarme neitiid mei Albert R. Broccoli de filmstudio Eon Productions en makke yn 1962 de earste James Bond-film, te witten: Dr. No, mei de Skotske akteur Sean Connery yn 'e rol fan Bond. De film wie in grut kommersjeel súkses en late ta it begjin fan in filmrige dy't anno 2021 noch altyd rint. Fleming hie earst syn twifels hân oer de geskiktheid fan Connery foar de rol, mar nei't er de film seach, wied er om. Connery syn fertolking hie sels ynfloed op 'e beskriuwing fan Bond yn lettere romans en ferhalen, mei't Fleming foar syn spion in Skotsk-Switserske ôfstamming betocht en in gefoel foar humor tafoege dat yn eardere Bond-romans dúdlik net oanwêzich west hie.

Oar skriuwwurk

bewurkje seksje

Yn april 1961 krige Fleming in hertoanfal ûnder in wyklikse gearkomste by The Sunday Times. Wylst er neitiid oan it opbetterjen wie, joech Duff Dunbar, ien fan syn freonen, him in eksimplaar fan it berneboek The Tale of Squirrel Nutkin fan Beatrix Potter en suggerearre dat er syn tiid op bêd brûke koe om it selsoptochte ferhaaltsje foar it koesen dat er altyd oan syn soan Caspar fertelde, op te tekenjen. Fleming fûn dat in treflik idee en sette him fuortendaliks oan it wurk. It resultaat wie syn iennichste berneboek, Chitty-Chitty-Bang-Bang, dat yn oktober 1964 postúm troch Jonathan Cape publisearre waard.

Behalven fiksje skreau Fleming ek twa non-fiksjewurken. Yn 1957 ferskynde it earste dêrfan, The Diamond Smugglers, dat foar in diel basearre wie op it ûndersyk dat er dien hie foar syn fjirde Bond-roman, Diamonds Are Forever. Yn 1960 waard Fleming ynhierd troch de Kuwait Oil Company om in boek oer Koeweit en syn ierdoaljeyndustry te skriuwen, mar dat wurk waard nea útjûn om't it Kûweityske regear (neffens Fleming sels) net oer de mylde krityk koe dy't er yn it boek opnommen hie en der likemin ferwizings yn hawwe woe nei it romantyske, mar minder beskaafde ferline fan it emiraat. In twadde non-fiksjeboek fan Fleming ferskynde úteinlik yn 1963. Dat wie Thrilling Cities, in werprinting fan artikels út The Sunday Times dy't basearre wiene op Fleming syn yndrukken fan grutte wrâldstêden dy't er yn 1959 en 1960 besocht hie.

Yn 1964 waard Fleming troch tillefyzjeprodusint Norman Felton oansocht om in spionaazjesearje foar de tillefyzje te skriuwen. Sadwaande levere er ferskate ideeën, wêrûnder de nammen foar de personaazjes Napoleon Solo en April Dancer, foar de tillefyzjesearje The Man from U.N.C.L.E. Nei in fersyk dêrta fan Saltzman en Broccoli, dy't graach mooglike juridyske swierrichheden mije woene dy't fuortkomme koene út in oerlaping fan ideeën mei de Bond-films, loek Fleming him lykwols út dat projekt werom.

 
It grêf fan Ian Fleming yn Sevenhampton.

Fleming wie syn hiele folwoeksen libben in swiere smoker en drinker. Sa is bekend dat er mei 38 jier wol 70 sigaretten deis smookte. Sûnt de 1930-er jierren liet er dy spesjaal foar himsels meitsje by Morland yn Grosvenor Street. Yn 1961, doe't er 53 jier wie, krige er in hertoanfal dêr't er mar mei muoite fan opbettere. Op 11 augustus 1964 ferbleau Fleming yn in hotel yn Canterbury, yn it Ingelske greefskip Kent. Nei in wurchsume dei krige er jûns let in nije hertoanfal. Hy waard halje-trawalje nei it Kent en Canterbury Sikehûs brocht, dêr't er yn 'e iere moarn fan 12 augustus (op 'e tolfde jierdei fan syn soan Caspar) kaam te ferstjerren. Fleming waard 56 jier. Syn lêste (optekene) wurden wiene rjochte oan 'e ferpleechkundigen fan 'e ambulânse dy't him nei it sikehûs ried: "It spyt my sa dat ik jimme ta lêst wêze moat, jonges. Ik kin my net yntinke hoe't jim sa hurd kinne mei it ferkear op 'e dyk sa't dat tsjintwurdich is."

Fleming waard begroeven op it tsjerkhôf fan Sevenhampton yn Wiltshire. Hy liet in fermogen nei fan £302.147 (omrekkene nei jild fan 2019 wie dat £6.168.011). Syn lêste beide boeken, de roman The Man with the Golden Gun en de ferhalebondel Octopussy and The Living Daylights, waarden postúm publisearre, krekt as syn berneboek Chitty-Chitty-Bang-Bang. Fral The Man with the Golden Gun wie eins noch net klear foar publikaasje, mar hoewol't de útjouwerij it manuskript oan Kingsley Amis foarlei, waard letter besletten om syn suggestjes ta redaksje net op te folgjen en it út te bringen sa't it wie. Dêr kamen inkeld mylde resinsjes op, mei't eltsenien foar it ferstân hie dat Fleming it sa net ferskine litten hie as er der noch west hie.

Yn oktober 1975 die Fleming syn soan Caspar mei 23 jier selsmoard troch it ynnimmen fan in oerdoazis medisinen. Hy waard by syn heit begroeven. Fleming syn widdo Ann ferstoar yn 1981 en waard doe ek yn itselde grêf beïerdige.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.