[go: up one dir, main page]

James Bond is in ferneamde fiktive Britske geheim agint (mei koadenûmer 007, útspr.: double oh-seven) yn 'e tsjinst by de bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6, dy't yn 1953 skepen waard troch auteur Ian Fleming. Syn romansearje oer James Bond, dy't úteinlik tolve romans en twa bondels mei koarte ferhalen omfieme, genoat yn 'e 1950-er jierren in beskate populariteit. Yn 1962 waard de earste filmadaptaasje fan syn wurk makke, dy't útsûnderlike súksesfol wie. Oant en mei 2021 soene der yn 'e James Bond-filmsearje yn totaal 28 films ferskine, wêryn't de rol fan Bond fertolke waard troch sokke ikoanyske akteurs as Sean Connery en Roger Moore. Nau mei Bond ferbûn binne de Bond girls, de tsjeppe jonge froulju dêr't de geheim agint yn elts fan syn aventoeren mei omgiet en net selden ek mei omslacht.

James Bond
personaazje út 'e James Bond-searje
It waaksen byld fan James Bond (mei de likenis fan akteur Daniel Craig) by Madam Tussaud yn Londen.
It waaksen byld fan James Bond (mei de likenis fan akteur Daniel Craig) by Madam Tussaud yn Londen.
persoanlike bysûnderheden
bynamme 007
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt geheim agint foar MI6
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
M, Q, Felix Leiter, Miss
   Moneypenny
, Bond girls
geastlike heit Ian Fleming
ûntstean 1953

Ian Fleming bewearde dat er de namme 'James Bond' ûntliend hawwe soe oan in wiere James Bond (1900-1989), in Amerikaanske ornitolooch. Dyselde wie de skriuwer fan it non-fiksjeboek Birds of the West Indies, dat Fleming yn 'e boekekast stean hie doe't er nei in gaadlike namme foar syn geheim agint socht. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat Fleming eins de namme skoan ûntliend hawwe kin oan in Welske geheim agint mei wa't er sels ûnder de Twadde Wrâldoarloch tsjinne hie, in James C. Bond.

 
It haadgebou fan it lângoed Goldeneye, yn Jamaika, dêr't Ian Fleming alle James Bond-romans skreau.

Persoanlikheid

bewurkje seksje

Syn geastlike heit, auteur Ian Fleming, stalde James Bond gear út 'e fysike skaaimerken en karaktertrekken fan in stikmannich kommando's mei wa't er ûnder de Twadde Wrâldoarloch sels tsjinne hie by de Ynljochtingedifyzje fan 'e Britske Keninklike Marine. Dêr foege er syn eigen styl en smaak oan ta.

De James Bond dy't op dy wize ûntstie, is in Ingelsman dy't as geheim agint foar de Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6 wurket. Hy is de soan fan Andrew Bond en Monique Delacroix, in Switserse. Hy wennet yn Londen, mar is ynternasjonaal aktyf. Hy is lang fan stal, mei in atletysk lichem en in knap uterlik. Syn leeftyd is ûnbeskaat, mar kin earne yn 'e tritich of fjirtich rûsd wurde, hoewol't er yn Fleming syn romans nea âlder wurdt.

Hy hâldt fan drinken, smoken, gokken, flugge auto's en seks mei tsjeppe froulju. Syn favorite drankje is oer it algemien in martini, dy't skodde wurde moat en net omret (shaken, not stirred). Syn foarleafde foar smoken is troch de feroarjende hâlding sûnt de 1980-er jierren yn 'e films sterk op 'e eftergrûn rekke sa net alhiel útbant, mar de oarspronklike Bond fan Fleming smookte 60 oant 70 sigaretten deis. De auto dy't it meast mei Bond assosjearre wurdt, is de Aston Martin.

Bond is in útsûnderlik skerpskutter en in tige feardich fjochter yn man-tsjin-mangefjochten. Ek is er in ekspêr yn skyen, swimmen en it spyljen fan poker en golf. As Bond immen deadet docht er dat sûnder te wifeljen of der letter emosjoneel mei om te pakken. Soks komt meastal foar as er syn oarders útfiert of as er himsels ferdigenet, mar soms hannelet er ek út wraak.

  De Wikipedy hat ek in side James Bond (romansearje).

Wurken fan Fleming

bewurkje seksje
 
Paperbackedysjes fan 'e James Bond-rige fan Ian Fleming.

Wurken fan oare skriuwers

bewurkje seksje

Spin-off-searjes

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side James Bond (filmsearje).
 
De Aston Martin DB5 wurdt yn 'e James Bond-filmsearje gauris brûkt as ferfiermiddel fan James Bond.
 
Daniel Craig, ien fan 'e James Bond-fertolkers, op 'e filmset fan Casino Royale.

Films fan Eon Productions

bewurkje seksje

Bond-fertolkers

bewurkje seksje

Besibbe personaazjes

bewurkje seksje

Oare bekende personaazjes út 'e boeken en films oer James Bond binne M, de sjef fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 (en Bond syn baas), syn (of har) sekretaresse Miss Moneypenny, dy't smoarfereale is op Bond, en Q, in geniale útfiner yn 'e tsjinst fan MI6 dy't ferantwurdlik is foar alle technyske snufkes dêr't Bond gebrûk fan makket om syn aventoeren te oerlibjen. Fierders komt ek de mei Bond befreone Amerikaanske CIA-agint Felix Leiter yn ferskate boeken en films foar.

 
Rosamund Pike, de Bond girl út Die Another Day (2002).

De manlike smjunten tsjin wa't Bond it opnimme moat, binne faak ekstreme psychopaten, mei trewanten mei bysûndere fermogens, hoewol't er ek geregeldwei kreaze froulike tsjinstanners op syn paad fynt, dy't him ornaris besykje te ferlieden. Dêrnjonken wurket Bond faak gear mei in like kreaze froulike meistanner, wylst der ek net selden froulike personaazjes yn 'e films foarkomme dy't harren moeting mei Bond letter troch omstannichheden mei de dea bekeapje moatte. Sokke kreaze froulike personaazjes om James Bond hinne wurde oantsjut as Bond girls. Yn iere James Bond-films hiene se faak dûbelsinnige nammen, lykas Honey Ryder, Pussy Galore, Plenty O'Toole, Xenia Onatopp of Holly Goodhead. Foar de aktrises dy't sa'n rol spylje, betsjut it faak it begjin fan in grutte opgong yn 'e filmwrâld.

Foarbylden fan Bond girls binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side en ûnder References, op dizze side.