Q (James Bond)
Q is yn 'e James Bond-filmsearje de koadenamme fan 'e kertiermaster (Ingelsk: quartermaster, dêrfandinne "Q") fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6. Likemin as by M, it haad fan MI6, is dizze oantsjutting persoanspesifyk; ynstee giet er fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Q stiet oan it haad fan 'e (fiktive) research and development-ôfdieling fan MI6 dy't Q Branch hjit, en it is sadwaande syn taak om geheim agint James Bond ta te rissen mei nije útfinings en technologyske snufkes dy't him by steat stelle syn misjes ta in goede ein te bringen.
Q personaazje út 'e James Bond-searje | ||
Akteur Desmond Llewelyn spile Q yn op twa nei alle James Bond-films fan Eon Productions oant syn ferstjerren yn 1999. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | Q | |
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | kertiermaster fan MI6 | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
James Bond M Miss Moneypenny Felix Leiter | |
geastlike heit | Richard Maibaum | |
ûntstean | 1963 |
Untstean en ynspiraasje
bewurkje seksjeIt personaazje Q spilet gjin rol yn 'e oarspronklike James Bond-romans fan Ian Fleming, hoewol't der wol ferskate kearen nei him en syn ôfdieling ferwiisd wurdt. Sa wurdt yn 'e roman Casino Royale tsjin Bond sein: "Freegje Q mar om alle gereid dêr'tst ferlet fan hast", en yn Diamonds Are Forever: "Dêr giet Q Branch oer." Charles Fraser-Smith, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch it Britske Special Operation Executive (SOE) tariste mei nije útfinings, wurdt rûnom beskôge as de ynspiraasjeboarne foar Q en de Q Branch.
Yn 'e earste James Bond-film komt in personaazje foar dat majoar Boothroyd hjit en dat Bond fan in nij pistoal foarsjocht. Senarioskriuwer Richard Maibaum wurke dat personaazje foar de ferfolchfilm From Russia with Love (1963) út ta Q. Under ynfloed fan 'e ferfilmings waard Q letter wol opnommen yn 'e autorisearre James Bond-romans fan Christopher Wood, John Gardner en Raymond Benson.
Foarkommen
bewurkje seksjeIt personaazje Q komt foar yn alle James Bond-films fan Eon Productions útsein Dr. No, Live and Let Die, Casino Royale (2006) en Quantum of Solace. Q kaam ek foar yn twa films dy't net fan Eon wiene: Casino Royale (1967) en Never Say Never Again. De Welske akteur Desmond Llewelyn spile de rol yn alle Eon-films (behalven Live and Let Die) fan 1963 oant syn ferstjerren yn 1999. Hy rekke sa mei de rol ferklibbe dat it neitiid dreech wie om him te ferfangen. Dat waard oplost troch syn opfolger, komyk John Cleese, al foar de dea fan Llewelyn te yntrodusearjen as R, de assistint fan Q. Yn 'e James Bond-romans fan John Gardner waard mei Ann Reilly de earste froulike Q yntrodusearre, dy't fan Bond fuortendaliks de bynamme "Q'ute" kriget (cute, mei deselde útspraak, betsjut "skattich" yn it Ingelsk).
Spilers
bewurkje seksjejierren | film | akteur |
---|---|---|
films fan Eon Productions | ||
1962 | Dr. No | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1963 – 1971 | From Russia with Love | Desmond Llewelyn |
Goldfinger | ||
Thunderball | ||
You Only Live Twice | ||
On Her Majesty's Secret Service | ||
Diamonds Are Forever | ||
1973 | Live and Let Die | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1974 – 1999 | The Man with the Golden Gun | Desmond Llewelyn |
The Spy Who Loved Me | ||
Moonraker | ||
For Your Eyes Only | ||
Octopussy | ||
A View to a Kill | ||
The Living Daylights | ||
Licence to Kill | ||
GoldenEye | ||
Tomorrow Never Dies | ||
The World Is Not Enough | ||
1999 – 2002 | The World Is Not Enough (as R) | John Cleese |
Die Another Day | ||
2006 – 2008 | Casino Royale | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
Quantum of Solace | ||
2012 – 2021 | Skyfall | Ben Whishaw |
Spectre | ||
No Time to Die | ||
films fan oare studio's | ||
1954 | Casino Royale | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1967 | Casino Royale | Geoffrey Bayldon |
1983 | Never Say Never Again | Alec McCowen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |