Miss Moneypenny
Miss Moneypenny (oftewol juffer Moneypenny) is in personaazje yn 'e James Bond-romansearje fan Ian Fleming en teffens yn 'e dêrop basearre James Bond-filmsearje. Hja is de sekretaresse fan M, it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6. Yn guon 21e-iuwske dielen fan 'e filmrige wurdt se ek ôfskildere as in geheim aginte. Yn sawol de romans as de filmsearje is Miss Moneypenny smoarfereale op James Bond, mei wa't se in flirterige (mar nea konsumearre) relaasje ûnderhâldt.
Miss Moneypenny personaazje út 'e James Bond-searje | ||
Aktrise Lois Maxwell spile Miss Moneypenny yn 'e earste 14 James Bond-films. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | sekretaresse fan it haad fan MI6 | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
James Bond M Q Felix Leiter | |
geastlike heit | Ian Fleming | |
ûntstean | 1953 |
Untstean en ynspiraasje
bewurkje seksjeIt personaazje Miss Moneypenny waard troch de Ingelske skriuwer Ian Fleming betocht foar de earste James Bond-roman, Casino Royale (1953). Har oarspronklike namme wie Miss Pettaval, mei't Fleming har foar in part basearre op Kathleen Pettigrew, de sekretaresse fan MI6-sjef Stewart Menzies. Dy namme feroare er om't er net woe dat soks al te dúdlik wie. Oare sekretaresses dy't nei alle gedachten ek eleminten bydroegen oan it personaazje Miss Moneypenny wiene: Vera Atkins fan it Special Operations Executive (SOE); Paddy Ridsdale fan 'e Britske Marine Ynljochtingedifyzje; Joan Bright Astley, mei wa't Fleming yn 'e Twadde Wrâldoarloch koart in relaasje hie; en Joan Howe, Fleming syn readhierrige sekretaresse by syn nei-oarlochske wurk foar The Sunday Times, dy't it manuskript fan Casino Royale foar him úttypte.
Persoanlikheid
bewurkje seksjeMiss Moneypenny is de sekretaresse fan M, it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6. Hja hat in militêre rang as ofsier by de Keninklike Frouljus Marinetsjinst, mei't dat in betingst is foar har posysje. Hja hat tastimming om alle topgeheime ynformaasje fan MI6 yn te sjen en gear te stallen. Miss Moneypenny is folslein tawijd oan har wurk en is in fertroulinge fan har baas. In protte tiid foar in sosjaal libben hat se net. Se is smoarfereale op geheim agint James Bond, mar makket har tagelyk gjin yllúzjes oer him. Harren omgong is maklik, licht en faak flirterich, mar harren relaasje wurdt nea konsumearre. Ferskate kearen besiket se Bond te helpen om streken dêr't er mei yn 'e problemen komme kin, geheim te hâlden foar M.
Oan 'e eftergrûn fan Miss Moneypenny waard noch yn 'e romans fan Ian Fleming, noch yn 'e films oandacht bestege, oant se nei de reboot fan 'e filmsearje yn 2012 yn Skyfall op 'e nij yntrodusearre waard as in geheim aginte mei de foarnamme Eve. Nei't in misje yn Turkije einiget mei in fiasko wêrby't se op in hier nei by fersin Bond deasjit, kiest se derfoar om it fjildwurk farwol te sizzen en ynstee de sekretaresse fan 'e nije M te wurden. Dizze Eve Moneypenny waard spile troch Naomie Harris en wie dêrmei de earste swarte Miss Moneypenny.
The Moneypenny Diaries
bewurkje seksjeSkriuwster Samantha Weinberg skreau fan 2005 oant 2008 ûnder it pseudonym Kate Westbrook The Moneypenny Diaries, in trilogy fan romans dy't de James Bond-ferhalen út it perspektyf fan Miss Moneypenny wei beljochtsje.
Aktrises
bewurkje seksjejierren | film | akteur |
---|---|---|
films fan Eon Productions | ||
1962 – 1985 | Dr. No | Lois Maxwell |
From Russia with Love | ||
Goldfinger | ||
Thunderball | ||
You Only Live Twice | ||
On Her Majesty's Secret Service | ||
Diamonds Are Forever | ||
Live and Let Die | ||
The Man with the Golden Gun | ||
The Spy Who Loved Me | ||
Moonraker | ||
For Your Eyes Only | ||
Octopussy | ||
A View to a Kill | ||
1987 – 1989 | The Living Daylights | Caroline Bliss |
Licence to Kill | ||
1995 – 2002 | GoldenEye | Samantha Bond |
Tomorrow Never Dies | ||
The World Is Not Enough | ||
Die Another Day | ||
2006 – 2008 | Casino Royale | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
Quantum of Solace | ||
2012 – 2021 | Skyfall | Naomie Harris |
Spectre | ||
No Time to Die | ||
films fan oare studio's | ||
1954 | Casino Royale | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1967 | Casino Royale | Barbara Bouchet |
1983 | Never Say Never Again | Pamela Salem |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |