[go: up one dir, main page]

Denemark, offisjeel Keninkryk Denemark (Deensk: Kongeriget Danmark), is in Skandinavysk lân yn Noard-Jeropa. De haadstêd is Kopenhagen (København) en de keninginne fan de konstitúsjonele monargy is sûnt 2024 Frederik X. Grienlân en de Faeröer autonoame gebieten yn it Deenske keninkryk. Oant 1944 hearde ek Yslân by Denemark. Denemark is lid fan de Feriene Naasjes, de Jeropeeske Uny en de NAFO. Denemark hat net de euro mar de Deenske Kroan as nasjonale munt. De nasjonale taal, it Deensk, is nau besibbe oan it Sweedsk en Noarsk. Mei de oare Skandinavyske lannen hat Denemark in sterke histoaryske en kultuerele bân, mar ek organisatoarysk is Denemark lid fan de Noardske Ried.

Kongeriget Danmark
Flagge fan Denemark Wapen fan Denemark
Biedwurd:
Guds hjælp, folkets kærlighed, Danmarks styrke

"De help fan God, de leafde fan it folk, de krêft fan Denemark"
Folksliet: Der er et yndigt land
"Der is in leaflik lân"
Keninklik folksliet: Kong Christian stod ved højen Mast
Haadstêd Kopenhagen1
Offisjele taal Deensk2
Erkende streektaal Fêreusk
Grienlânsk
Dútsk3
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad Frederik X fan Denemark
- regearlieder Mette Frederiksen
Unôfhinklikheid 8e iuw
Oerflak 42.952 km²
- wetter 1,6%
Ynwennertal 5.932.654 (01-01-2023)
Befolkingstichtens 138,1 ynwenners/km²
Muntienheid Deenske kroan (DKK)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 5 juny
Ynternetdomein .dk
Telefoan +45
ISO 3166 DK, DNK, 208
1. Nuuk is de haadstêd fan Grienlân; Tórshavn is de haadstêd fan de Fêreu-eilannen.
2. Yn Grienlân is it Grienlânsk de offisjele taal; op de Fêreu-eilannen is it Fêreusk de offisjele taal.
3. It Dútsk is in minderheidstaal yn Sønderjylland.
 
Runestien Gorm by de tsjerke yn Jelling

De Denen teagen yn de 6e iuw út Skâne wei nei Jutlân en de westlike Eastsee-eilannen, dêr't hja oare Germaanske stammen út it stee krongen hawwe. Yn de 10e iuw ferienige Gorm de Alde († 950) in stikmannich lytse keninkrykjes ûnder syn bewâld. Syn soan Harald Blautosk naam om 960 hinne it kristendom as leauwen oan. Doe't yn 1035 de Ingelske kening Knût de Grutte stoar, koe de Deenske kening fierder mei it feroverjen fan parten fan de Britske eilannen, Noarwegen en Súd-Jutlân. Oant 1100 ta waarden de folken yn Denemark, Noarwegen en Sweden Wytsingen neamd. Nei in minne rite koe Waldemar I it lân fierder útwreidzje. Grutte parten fan de kustregio besuden de Eastsee waarden ferovere, yn 1219 oant Estlân oan ta. It besit fan dy gebieten hat lykwols net lang duorre; yn 1227 waarden de Denen yn de Slach by Bornhöved ferslein troch de Dútsers. Estlân waard yn 1346 oan de Dútske gebieten ferkocht en Denemark erkende yn 1370 de hearskippij fan de Hânze oer de Eastsee. De Deenske hearskers rjochten har doe mear op it noarden: yn 1397 waarden Denemark, Noarwegen, Yslân, Sweden en Finlân feriene yn 'e Kalmaruny, mei Denemark as oanfierder. Dat ferbûn hat oant 1523 bestien, doe't Sweden syn ûnôfhinklikens werom hawwe woe.

Oant de 17e iuw bleaunen de ferhâldings mei Sweden beskiedend, dêr't de beide keninkriken om de hearskippij oer Skandinaavje en it Baltyske gebiet striden. Skâne, Blekinge un Hallân wienen eigentlik de gebieten dêr't de Denen weikamen, mar dy gebieten waarden yn 1658 Sweedsk, en ek hjoed hearre dy gebieten by Sweden. It geastlike libben fan dy tiid wie beskaat troch de Reformaasje, dy't yn 1536 troch Christian III. ynfierd waard. De Reformminister Johann Hartwig Ernst von Bernstorff, Johann Friedrich Struensee en Andreas Peter von Bernstorff modernisearren it lân twiske 1751 en 1797 yn de sin fan de ferljochting, wêrby't de boerebefrijding fan 1788 tige wichtich wie. Yn 'e Napoleonistyske tiid besocht Denemark, yn in bûn mei de oare Eastseelannen, om in neutrale tredde macht te foarmjen. De Ingelske oanfal yn de Twadde Seeslach fan Kopenhagen twong it lân gear te wurkjen mei Frankryk, en it moast dêrom nei de delgong fan Frankryk al yn 1814 by Frede fan Kiel Hilgelân oan Grut-Brittanje jaan en Noarwegen oan Sweden. De Faeröer eilannen, Yslân, Grienlân en Deensk-Westynje bleaunen by Denemark.

Nei jierren fan ekonomyske ûnrêst ûnder de Napoleonistyske Oarloggen wie it kulturele klimaat tige geunstich. De tiid tusken 1800 en 1850 waard letter ek wol de Gouden Iuw fan Denemarken neamd.[1] De wichtichste minsken út dy Gouden Iuw waarden wiid ferneamd yn binnen- en bûtenlân. De grutste keunstners út dy tiid binne byldhouwer Bertel Thorvaldsen, skilder Christoffer Wilhelm Eckersberg en de romantyske dichter Adam Oehlenschlåger. Noch bekender waarden skriuwer Hans Christian Andersen en de filosoof Søren Kierkegaard.

Foar de Earste Wrâldkriich hie Denemarken goede kontakten mei sawol Grut-Brittanje as Dútslân en nei it útbrekken fan de oarloch ferklearre it Deenske regear dat Denemarken neutraal bliuwe soe. Dat hie grutte foardielen foar de ekonomy, hoewol't in tredde fan de Deeenske hannelsfloat stikken rekke en ûndergong troch de kriich. Troch de oarloch kaam ek it kommersjele en strategyske belang fan de Deenske koloniën yn West-Ynje op it aljemint, yn 1917 ferkocht Denemarken de Famme-eilannen oan de Feriene Steaten. Troch it ferlies fan Dútslân yn 1918 begûn it âlde grinskonflikt fan Sleeswyk-Holstein op 'e nij. It Ferdrach fan Versailles ferdielde de regio yn twa gebieten en nei in referindum yn 1920 kaam it noardlike diel wer by Denemarken. It súdlike part bleau ûnderdiel fan Dútslân.

 
Den Grundlovsgivende Rigsforsamling (De wetjaande ryksgearkomste op 23 oktober 1848, skildere troch Constantin Hansen)

Yn 1939 die it Deenske regear te witten dat se har neutrale status yn oarlochstiid hâlde woenen. Lykwols begûnen de Dútsers op 9 april 1940 mei harren offensyf yn Denemarken. Nei wat lytsskalich ferset troch de keninklike garde by Amalienboarch Slot begûn de besettingstiid. Yn de earste trije jier fan de besettingstiid koenen de measte oerheidstsjinsten yn Deenske hannen bliuwe. It Deenske regear woe sa min mooglik slachtoffers en wurke dêrom gear mei de Dútsers. De Deenske befolking fersette him bytiden fûl tsjin de Dútske besetters sadat de Dútsers yn 1943 it Deenske regear ferfongen troch in Dútsk bestjoer. It Deenske leger waard twongen om de wapens del te lizzen en de Dútsers begûnen mei de deportaasje fan Deenske joaden. Lykwols wienen de measte Deenske joaden yn 'e nacht foar de machtswiksel nei it neutrale Sweden ta brocht. Yn de lêste achtjin moannen fan de oarloch waard de Deenske Frijheidsried, de drager fan it ferset, hieltyd aktiver. It Deenske ferset hie yn 1945 sa'n 50.000 minsken dy't strieden tsjin de besetter. Nei it ferlies fan Dútslân yn 1945 kaam der in nij regear mei dêryn fersetslieders en politisy fan foar de kriich.

Troch it warbere ferset waard Denemarken erkend als bûnsmaat fan de Alliearden en waard yn 1945 lid fan de Feriene Naasjes. Yn 1949 waard Denemarken ek lid fan de NAFO. Dêrtroch kaam der in ein oan de neutraliteit dy't Denemarken sûnt 1864 neistribbe. As dielnimmer oan it Marshallplan koe it lân syn yndustry en lânbou by de tiid bringe sadat der in basis lein waard foar it lettere sukses. Yn 1953 waard in nije grûnwet fan krêft. Dêrút ûntstie in parlemint mei in inkelfâldige keamer en de grûnwet makke froulike troanopfolging mooglik. Dy wet waard tapast doe't prinses Margaretha yn 1972 keninginne waard, nei de dea fan har heit Frederik IX. Denemarken die net mei oan de Europeeske Mienskip dy't yn 1957 oprjochte waard, mar nei in referindum yn 1973 wie Denemarken it earste Skandinavyske lân dat lid waard. Lykwols stimde 87 persint fan de ynwenners tsjin de ynfiering fan de euro. Yn it tiidrek 1960-1980 wienen der ferskillende politike herfoarmingen. In rynsk sosjaal stelsel en in liberaal karakter wienen de resultaten fan dy herfoarmingen. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waard it lân stadichoan konservativer.

Yn 1998 waard de brêge oer de Grutte Belt iepene dy't de eilannen Fünen en Sjælland mei elkoar ferbynt. De Sontbrêge tusken Denemark (Keappenhaven) en Sweden (Malmö) waard yn it jier 2000 iepene. Yn 2001 waard Anders Fogh Rasmussen minister-presidint. Yn 2009 waard hy siktaris-generaal fan de NAFO.

 
Denemark út it hielal wei.

Yn Jeropa wurdt it grutste part fan Denemark foarme troch in grut part fan it skiereilân Jutlân (Jylland). Eastlik dêrfan leit in grut tal eilannen. It grutste is Sjellân dêr't de haadstêd leit. Fierders lizze hjir de eilannen Fún, Lollân, Falster en Langelân, en tal fan lytsere eilannen. De grutte eilannen binne ferbûn troch brêgen, en Fún is mei twa brêgen ferbûn mei Jutlân. Tusken Sjellân en Sweden leit de Sont, in smelle seenaute mei dêroerhinne de Sontbrêge. Fierder nei it easten lizze yn de Eastsee noch in stikmannich Deenske eilannen, dêr't Bornholm it grutste fan is.

Denemark wurdt begrinzgje troch it Skagerrak yn it noarden en it Kattegat en Sweden yn it easten. Yn it suden grinse Eastsee en Dútslân en yn it westen de Noardsee. Keappenhaven, Århus, Odense en Aalborg binne de iennichste stêden mei mear as 100.000 ynwenners.

Nettsjinsteande de lizzing fan Denemark mei oan wjersiden de see, Noard- en Eastsee, is de reinfal mei 700 oant 800 mm yn it westen normaal en yn it easten mei 500 oant 600 mm ûnder de trochsneed reinfal yn Midden-Jeropa. Ek de temperatueren binne matich: Yn july is de trochsneed temperatuer oan de Noardsee 16 °C, yn it easten fan Seelân is dat om de 18 °C. Oerdeis is de temperatuer sawat om de 20 °C, nachts sa om de 13 °C. Troch de golfstream binne de temperatueren winterdeis myld. Troch in tûke fan dy golfstream, de Noardatlantykstream, lizze de temperatueren om it friespunt hinne (oerdeis sa'n 2 °C, en nachts likernôch -3 °C). De wettertemperatueren oan de kust leit tusken de 3 °C yn 'e winter en 17 °C yn 'e simmer.

 
Klimaatdiagram fan Esbjerg
 
Klimaatdiagram fan Gardbogard (by Skagen)
 
Klimaatdiagram fan Keappenhaven

Mei Grienlân en de Faeröer hat Denemark krekt mear as 5,8 miljoen minsken. Neist de Skandinavyske mearderheid yn Denemark, wenje der ek Grienlânske, Faeröerske en Dútske minderheden. De taal yn Denemark is Deensk; de dialekten ferskille frijwat fan mekoar. Dútsk wurdt praat troch in minderheid yn Súdjutlân (Noard-Sleeswyk); Fêringsk wurdt praat op de Faeröer. De wichtichste ymmigrantetalen binne it Turksk, Oerdoe, Arabysk, Servokroatysk, Sweedsk en Noarsk. 79% fan de Denen heart by Folkekirken, in Evangelysk-Luterske tsjerke. Der binne in lyts tal protestanten en roomsk-Katoliken. 4% fan de Denen is Moslim.

 
De Grutte Beltbrêge

De frije merk-ekonomy fan Denemark is bot rjochte op lânbou, lytse yndustry, in hege libbensstanderd en in sterke wikselkoers, en is frijwat ôfhinklik fan hannel mei it bûtenlân. Denemark eksportearret iten en enerzjy. Denemark hat gjin skulden by oare lannen. Yn Denemark is de belesting foar produkten 25 % (ek foar boeken en iten). De belesting foar it salaris is op syn minst 39.6% foar folwoeksenen. Grutte bedriuwen yn Denemark binne: A. P. Moller-Maersk Groep (Maersk - ynternasjonaal transport), Lego (boartersguod), Bang & Olufsen (hi-fi apparaten), Carlsberg (bier), Vestas (wynmûnen), en Lundbeck en Novo Nordisk (medisinen).

De muntsoarte fan Denemark is de Deenske kroan (Deensk: Danske krone), dy't keppele is oan de Euro troch it ERMII. De wikselkoers is lykwichtich oan de euro mei likernôch 7.45 kroanen foar ien euro.

De grutste eilannen en Jutlân binne meiïnoar ferbûn troch brêgen. De Sontbrêge oer de Sont nei Sweden, de Grutte Beltbrêge oer de Grutte Belt tusken Sjellân en Fún en de Lytse Beltbrêgen oer de Lytse Belt tusken Fún en Jutlân. De treinorganisaasje yn Denemark is de Danske Statsbaner foar passazjiers en frachttreinen, mar likernôch in seisde fan it net wurdt riden troch oare maatskippijen. It spoar wurdt ûnderhâlden troch Banedanmark. Kopenhagen hat in lytse metro en de rest fan de stêdekloft is mei treinspoar ferbûn. De nasjonale loftfeartmaatskippij, tegearre mei Noarwegen en Sweden, is it Scandinavian Airlines System (SAS). It fleanfjild fan Kopenhagen, Kastrup Lufthavn is it grutste fan hiel Skandinaavje. De fearboat mei de Faeröer nimt Smyril Line foar har noed. Fierders hat DFDS ynternasjonale fearboattsjinsten nei Noarwegen en Grut-Brittanje en Scandlines nei Dútslân en Sweden.

Technyk en ynnovaasje

bewurkje seksje

Denemarken is in lân mei in heech nivo fan technyk en ynnovaasje. Bekende Deenske útfiningen binne Lego, de dynamo, de wiisger en de sonar.

Denemarken hat in protte universiteiten dy't universitêr ûnderwiis op heech nivo oanbiede. In pear bekende universiteiten yn Denemarken binne de Universiteit fan Kopenhagen, Technyske Universiteit fan Denemarken en de Universiteit fan Aarhus.

Denemark is in konstitusjonele monargy mei Margrethe II as de hjoeddeistige keninginne. De monarch kin premiers en oare ministers beneame en fuortstjoere. Ornaris kedize en kieze de partijlieders fan it parlemint de premier. De grûnwet fan Denemark is fan 1953. Denemark is sûnt 1973 lid fan de Europeeske Uny. De wetjouwende macht leit by it parlemint. De Folketing hat 179 sitten, de Faeröer en Grienlân hawwe beide twa fertsjintwurdigers yn it parlemint. De parlemintferkiezings wurde alle fjouwer jier holden. Formeel leit de útfierende macht by de monarch, mar yn 'e praktyk hawwe de premier en it kabinet dêr de sizzenskip oer. De Højesteret (Heechste Rie) is de heechste juridyske ynstânsje.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Sûnt 1 jannewaris 2007 is Denemark opdield yn 5 regio's. Dêrfoar hie Denemark 16 provinsjes.

Regio Haadsted Grutste stêd Ynwenners Gebiet km² Ynwennertichtens
(de km²)
Hovedstaden Hillerød Kopenhagen 1.636.749 2.561 639,1
Midtjylland Viborg Århus 1.227.428 13.142 93,4
Nordjylland Aalborg Aalborg 576.972 7.927 72,8
Sjælland Sorø Roskilde 816.118 7.273 112,2
Syddanmark Vejle Odense 1.189.817 12.191 97,6
Denemark Kopenhagen Kopenhagen 5.447.084 43.094 126,4
  • Struktuer: De Deenske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en in folksmilysje (Hjemmevaernet).
  • Mankrêft: Yn 2005 wienen der 1.175.108 Deenske mannen fan tusken de 16-49 jier. Dêrfan wienen 955.168 klear foar militêre tsjinst. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 31.317.
  • Budzjet: Militêr budzjet $3,3 miljard (2003). Persintaazje fan it BYP 1,5 % (2005).

Ferdivedaasje & kultuer

bewurkje seksje
 
Hans Christian Andersen

De mearkes fan Hans Christian Andersen binne de wichtichste Deenske bydrage oan de wrâldliteratuer. Wrâldferneamd is ek de teolooch, filosoof en skriuwer Søren Kierkegaard, ien fan de foarrinners fan it eksistialisme. Yn syn wurk komt dúdlik nei foaren, de fraach fan it bestean en de eangst, gearhingjend mei de fraach hoe't de mins dêrmei omgean moat.

Wat de stomme film oanbelanget is Denemark de grutste filmprodusint nei de Feriene Steaten, Dútslân en Frankryk. Asta Nielsen is it neamen wurdich wat har bydrage oan de filmkeunst oanbelanget, sy waard oan it begjin fan de 20e iuw ferneamd mei de stomme film Afgrunden fan de regisseur Urban Gad. De Deenske produksjestudio Nordisk Film hearde yn de tiid fan de Earste Wrâldkriich ta de grutste en produktyfste filmstudio's fan de wrâld. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw smieten de films fan Lars von Trier oer it generaal wol aardich wat diskusje op. Butenlânske films binne yn Denemark net syngronisearre, mar mei ûndertitels. Dat jildt net foar bernefilms.

It tal krantelêzers ûnder de Deenske befolking is 347,1 de 1000 ynwenners. 89 persint fan de befolking hie yn 2012 in ynternetferbining, it persintaazje breedbânferbiningen lei om de 83 persint. De grutste kranten fan it lân binne, los fan de fergese útdielkranten, de Jyllands-Posten, Berlingske en Politiken. De publike stjoerders binne Danmarks Radio en foar de telefyzje TV 2.

Fuotbal is de meast populêre sport yn Denemark. De Dansk Boldspil-Union (Deensk Fuotbalbûn) organisearret alle kompetysjes en is de stypjende organisaasje foar it nasjonale alvetal.

Nijsgjirrige plakken en bouwurken

bewurkje seksje
  • Dyrehavsbakken, âldste attraksjepark fan de wrâld, iepene yn 1583
  • Amalienborg, keninklik paleis yn Keappenhaven, boud fan 1750 ôf
  • Legoland, park fan it bedriuw Lego, iepene yn 1968
  • Frijstêd Christiania, anargistyske enklave deunby de haven fan Keappenhaven sûnt 1970, mei likernôch 1000 ynwenners en 750000 besikers yn 't jier
  • Grêfheuvels, runestiennen en tsjerke fan Jelling sûnt 1994
  • Katedraal fan Roskilde sûnt 1995
  • Kastiel Kronborg sûnt 2000
  • Iisfjord fan Ilulissa op Grienlân, natuermonumint sûnt 2004

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. guldalder.dk webside mei ynformaasje oer de Deenske Gouden Iuw
  Regio yn Denemark  

Haadstêd (Hovedstaden) | Midden-Jutlân (Midtjylland) | Noard-Jutlân (Nordjylland) | Súd-Denemark (Syddanmark) | Seelân (Sjælland)

  ·   ·  
Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·  
Noardske Ried  
Lannen:
  Denemark  Finlân  Yslân  Noarwegen  Sweden
Autonome gebieten:
  Ålâneilannen  Fêreu-eilannen  Grienlân
  ·   ·