[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tim McGraw

Ut Wikipedy
Tim McGraw
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samuel Timothy McGraw
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 maaie 1967
berteplak Delhi (Louisiana)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Ingelsk
Italjaansk
Nederlânsk
Skotsk
Tsjechysk
Ulstersk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint gitaar, stim
grutste hit(s) Don't Take the Girl
It's Your Love
Live Like You Were Dying
jierren aktyf 1990 – no
prizen 3 × Grammy Award
offisjele webside
www.timmcgraw.com

Tim McGraw (folút: Samuel Timothy McGraw; Delhi (Louisiana), 1 maaie 1967) is in Amerikaansk sjonger fan countrymuzyk, lietsjesskriuwer, muzikant, muzykprodusint en akteur. Hy is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e Amerikaanske countrymuzyk, en hy hat troch de jierren hinne trije Grammy Awards en withoefolle oare prizen wûn. McGraw hat yn wrâldwiid mear as 80 miljoen platen ferkocht, wat him ta ien fan 'e bêst ferkeapjende country-artysten aller tiden makket. McGraw hat 16 studio-albums útbocht (teljier: 2023), wêrfan't 10 it earste plak fan 'e Top Country Albums-list helle hawwe, en 65 singles, wêrfan't 25 it earste plak fan 'e hitlisten Hot Country Songs en/of Country Airplay helle hawwe. Syn bekendste hits binne Don't Take the Girl, It's Your Love en Live Like You Were Dying. Hy is troud mei in oare countrystjer, sjongster Faith Hill, mei wa't er ferskate duëtten opnommen hat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McGraw waard yn 1967 berne yn Delhi, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, as it ienlingsbern fan Elizabeth Ann "Betty" D'Agostino, in servearster, en Frank Edwin "Tug" McGraw jr., dy't letter yn 'e Feriene Steaten ferneamd wurde soe as honkbalspiler foar de New York Mets en de Philadelphia Phillies. McGraw is fan tige mingd etnysk komôf, mei't syn pake oan memmekant Italjaansk wie en syn beppe oan memmekant Iersk, wylst er oan heitekant Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk), Ingelsk, Skotsk, Frânsk, Nederlânsk, Tsjechysk en Dútsk bloed hat.

McGraw syn heit Tug spile yn 1966 honkbal foar de Jacksonville Suns, en wenne yn Jacksonville yn in appartemint boppe dat fan 'e húshâlding D'Agostino. Betty D'Agostino gie doedestiden noch nei de middelbere skoalle, en doe't hja in relaasje mei Tug krige en swier rekke, waard hja troch har âldelju nei famylje yn Louisiana ta stjoerd om it bern te krijen. Tim McGraw waard troch syn mem grutbrocht yn it plakje Start (Louisiana). Hy droech de efternamme Smith en miende dat syn styfheit Horace Smith syn biologyske heit wie. Yn 1978 fûn er by tafal syn eigen bertebewiis doe't er yn in kast nei krystpresintsjes socht, wêrnei't syn mem him fertelde hoe't it echt siet. McGraw besocht doe kontakt te krijen mei syn biologyske heit, mar dy ûntstried sân jier lang dat McGraw syn soan wie, oant er him einlings en te'n lêsten erkende doe't er mei achttjin jier mearderjierrich waard. Neitiid ûntjoegen hja in nauwe bân en holden dy oant Tug McGraw yn 2004 kaam te ferstjerren.

Wolkomsboerd fan it plakje Start, yn 'e steat Louisiana, dat dermei pronket dat Tim McGraw der opgroeid is.

As bern mocht McGraw graach oan ferskate sporten dwaan, wêrûnder honkbal. Nei de middelbere skoalle koed er troch in sportbeurs trochleare oan 'e Universiteit fan Noardeast-Louisiana (no de Universiteit fan Louisiana te Monroe). Yn dy snuorje learde er gitaar te spyljen en song er út en troch as strjitmuzikant. Nei eigen sizzen brochten syn keamergenoaten syn gitaar gauris wei op in sideplak om't er yn dy tiid fan gitaarspyljen noch net folle bakte. Yn 1987 kearde McGraw syn mem werom nei Jacksonville, yn Floarida, en McGraw gie mei. Hy learde noch in jier oan it Mienskipskolleezje fan Floarida te Jacksonville, mar doe joech er it learen oer en ferfear nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, de haadstêd fan 'e Amerikaanske countrymuzykyndustry, mei as doel om in karriêre as muzikant te begjinnen.

Nei ferskate jierren yn Nashville omstipt te hawwen wylst er it neat te rom hie, loek McGraw yn 1990 de oandacht fan platemaatskippij Curb Records. Hy hie in demosingle makke dêr't syn heit Tug in kopy fan krigen hie, en Tug draaide dat nûmer wylst er mei in goekunde fan him út 'e plate-yndustry ûnderweis wie. In pear wiken letter mocht McGraw syn tape foar de platebazen by Curb ôfspylje, en dy beaen him op grûn dêrfan in kontrakt oan. Twa jier letter, yn 1992, hied er syn earste hitsje mei Welcome to the Club, in nûmer fan syn nei himsels neamde debútalbum Tim McGraw.

Nei noch in pear oare lytse hitsjes brochten McGraw en Curb Records yn 1994 syn twadde album út, Not a Moment Too Soon ("Gjin Momint te Betiid"), in nuveraardich tapaslike titel foar de cd dêr't er mei trochbriek. De earste single fan dy plaat, Indian Outlaw, liet nochal wat stof opwaaie om't de liettekst delbûgend foar Yndianen oer wêze soe, en guon radiostasjons wegeren om it nûmer te draaien. De kontroverse joech McGraw lykwols bekendheid en die him dêrtroch mear goed as kwea. De twadde single fan Not a Moment Too Soon, mei as titel Don't Take the Girl, helle it earste plak op 'e countryhitlisten Hot Country Songs en Country Airplay, en brocht it sels ta it santjinde plak op 'e mainstreamhitlist Billboard Hot 100. De trêde single fan itselde album, Down on the Farm, helle oan 'e ein fan dat jier it twadde plak op 'e countryhitlisten, en yn 1995 behelle McGraw mei de fjirde single, de titelsong Not a Moment Too Soon, foar de twadde kear in earste plak.

Tim McGraw en Faith Hill op 'e útrikking fan 'e American Music Awards yn 2009.

All I Want wie McGraw syn trêde album, dat publisearre waard yn 1995, en daliks nei it earste plak Top Country Albums-list sprong. Der waarden mear as 2 miljoen eksimplaren fan ferkocht. De nûmers I Like It, I Love It en She Never Lets It Go to Her Heart wiene wer nûmer 1-hits, wylst trije oare lieten fan 'e cd yn 'e top 5 kamen. Yn 1996 gie McGraw op in toernee mei sjongster Faith Hill as syn iepeningsact. It bewuste toernee hiet The Spontaneous Combustion Tour ("It Spontane Untbrâningstoernee"), op 'e nij in tige tapaslike namme, want Hill en McGraw foelen as in blok foarinoar en krigen al mei gauwens in affêre. Hill briek har ferloving mei muzykprodusint Scott Hendricks ôf, en doe't bliken die dat se yn ferwachting wie, trouden sy en McGraw op 6 oktober 1996.

McGraw syn folgjende album wie Everywhere, dat yn 1997 wer boppe-oan yn Top Country Albums-list stie en dêr't 4 miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. It duët It's Your Love, mei Hill, stie seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e hitlisten, wûn sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards, en waard nominearre foar 2 Grammys (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis). Oare topnûmers fan deselde cd wiene de titelsong Everywhere, Where the Green Grass Grows en Just to See You Smile, dat in rekôr fêstige troch 42 wiken lang yn 'e hitlisten hingjen te bliuwen. Mei syn fyfde album A Place in the Sun, út 1999, sette McGraw syn opmars fuort. Dy cd waarden sa'n 3 miljoen eksimplaren fan ferkocht, en nûmers as Please Remember Me, Something Like That en My Best Friend dominearren wikenlang de countryhitlisten. Oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren naam McGraw noch twa duëtten mei syn frou op, dy't allebeide diel útmakken fan albums fan har. Just to Hear You Say that You Love Me wûn ferskate prizen, mar it wie Let's Make Love dat McGraw syn earste Grammy besoarge.

Yn 2000 kaam McGraw syn earste kompilaasje-album út, titele Greatest Hits, dat njoggen wiken lang boppe-oan yn 'e albumlisten stie, en dêr't krapoan 6 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene. Dêrmei wie it ien fan 'e bêst ferkeapjende albums út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Datselde jiers rekken McGraw en kollega-sjonger Kenny Chesney op toernee yn Buffalo behelle yn in hângemien mei de plysje, nei't Chesney it yn 'e kop krige om in ritsje op in plysjehynder te meitsjen en de plysjes mienden dat er it hynder stelle woe. Doe't McGraw him dermei bemuoide, waarden beide sjongers arrestearre foar mishanneling, mar nei ûnderfreging sûnder oanklacht frijlitten. Under in konsert op it George Strait Country Music Festival, in pear wike letter, ferskynde Faith Hill oan 'e ein fan 'e jûn yn in plysje-unifoarm op it poadium om, ta hilariteit fan it publyk, in ferraste McGraw yn hânboeiens ôf te fieren.

Tim McGraw yn 2003 by in optreden foar soldaten fan 'e Amerikaanske Loftmacht.

McGraw syn sechsde album, Set This Circus Down, kaam út yn april 2001, en omfette û.m. de hits Grown Men Don't Cry, Angry All the Time (in duët mei Faith Hill), The Cowboy in Me en Unbroken. Teffens song er yn datselde jier it duët Bring On the Rain, mei sjongster Jo Dee Messina, dat op it earste plak yn 'e hitlisten binnenkaam. Yn 2002 brocht McGraw it album Tim McGraw and the Dancehall Doctors út, dat er tsjin 'e gewoanten fan 'e countrymuzyk yn mei syn toerneeband de Dancehall Doctors opnommen hie. (Yn 'e Amerikaanske countrymuzyk is it wenst om albums op te nimmen mei saneamde sesjemuzikanten, en toernees ôf te wurkjen mei toerneebands, en dy beide net trochinoar te heljen.) McGraw woe mei dizze cd lykwols erkenning skinke oan 'e bydrage dy't syn fêste toerneeband oan syn súkses levere hat. It nûmer Real Good Man helle it earste plak en She's My Kind of Rain it twadde plak op 'e hitlisten.

Live Like You Were Dying wie McGraw syn achtste album, dat útkaam yn 2004. De titelsong Live Like You Were Dying, opdroegen oan McGraw syn biologyske heit Tug McGraw, dy't earder dat jiers oan in harsenstumor ferstoarn wie, waard in grut súkses en wûn in Grammy Award en ferskate oare prizen. Oan 'e ein fan datselde jier hie McGraw noch in grutte hit mei Over and Over, in ûnwierskynlik duët mei hiphop-sjonger Nelly, dat tsien wiken lang boppe-oan 'e hitlisten stie. It wie McGraw syn earste oerstap nei in oar sjenre (dat fan 'e softrock-ballad), en wie ek yn it bûtenlân in grut súkses, dêr't it in nûmer 1-hit wie yn it Feriene Keninkryk en yn 'e top tsien stie yn Denemark, Dútslân, Eastenryk, Kanada, Roemeenje en Switserlân.

McGraw syn Soul2Soul II Tour fan 2006 waarden hast 1,1 miljoen kaartsjes foar ferkocht en brocht krapoan $89 miljoen yn 't laadsje, wat it ta it meast opbringende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk makke. Yn 2007 kaam der alwer in nij album fan McGraw út, Let It Go, wêrfan't de earste single, Last Dollar (Fly Away) op 'e nij in nûmer 1-hit wie, wylst If You're Reading This en it duët mei Faith Hill I Need You elts twa Grammy-nominaasjes yn 'e wacht sleepten. Yn dyselde snuorje wie McGraw ek aktyf as muzykprodusint, û.m. fan it duo Halfway to Hazard. McGraw syn tsiende studio-album, Southern Voice, waard útjûn yn oktober 2009, mei as súksesfolste nûmer It's a Business Doing Pleasure with You. It folgjende album, Emotional Traffic, dat úteinlik yn 2012 útkaam, wie McGraw syn lêste album foar platelabel Curb Records, mei't der spul ûntstien wie oer de publikaasje (yn 2008) fan in trêde kompilaasje-cd sûnder McGraw syn tastimming. De deilisskip waard yn 'e rjochtseal útfochten doe't McGraw dêrnei net mear foar Curb wurkje woe en de platemaatskippij him oanklage foar kontraktbrek. Yn novimber 2011 stelde de rjochter McGraw yn it gelyk.

McGraw by in optreden yn 2009 yn Dallas.

Yn maaie 2012 tekene McGraw in nij kontrakt mei Big Machine Records, dêr't er yn 2013 syn tolfde studio-album, Two Lanes of Freedom, útbrocht. Dat album omfieme û.o. Highway Don't Care, in duët mei Taylor Swift. Yn septimber 2014 kaam McGraw syn twadde album by Big Machine út, mei as titel Sundown Heaven Town. De grutste hit dêrfan wie Shotgun Rider, dy't wer ris it earste plak op 'e countryhitlisten helle. In nij studio-album, McGraw syn fjirtjinde, ferskynde yn novimber 2015, mei as titel Damn Country Music. Fan april 2017 oant en mei maart 2018 giene McGraw en Hill tegearre op toernee troch de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Ierlân. Underwilens kaam yn novimber 2017 by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn febrewaris 2020 kearde McGraw werom by Big Machine Records, dêr't er yn augustus fan dat jier syn sechstjinde studio-album útbrocht: Here on Earth. Hy soe dêrmei ek wer op toernee, mar dat gie net troch fanwegen de koroanafiruspandemy.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven as sjonger is McGraw ek aktyf as akteur. Syn debút makke er datoangeande yn 1997 yn in ôflevering fan The Jeff Foxworthy Show, as de rivaal fan haadpersoan Jeff Foxworthy. Letter spile er û.m. in sheriff yn 'e film Black Cloud (2004) en in bazige heit fan in jonge spiler fan Amerikaansk fuotbal yn 'e film Friday Night Lights (2004). Syn earste haadrol hied er yn 2006, yn Flicka, in ferfilming fan it bekende boek fan Mary O'Hara oer de leafde tusken in famke en in mustang. McGraw spile de rol fan 'e heit, dy't syn dochter net begrypt. Dêrnjonken produsearre er ek de soundtrack fan 'e film. Koart foar't Flicka útkaam, krige McGraw in eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, op Hollywood Boulevard yn Los Angeles, tusken dy fan Julie Andrews, William Shatner en Greta Garbo yn. Yn 2007 hie McGraw in lyts roltsje yn 'e aksjeskriller The Kingdom as in oerlibbene fan in terroristyske oanslach op in Amerikaanske legerbasis yn Saûdy-Araabje. Yn 2008 spile er ien fan 'e bruorren fan it personaazje fan Vince Vaughn yn 'e krystkomeedzje Four Christmases.

Tim McGraw syn stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Yn 2009 fertolke McGraw in wichtige byrol yn 'e film The Blind Side, as Sean Tuohy, de man fan Sandra Bullock har personaazje Leigh Anne Tuohy. De film wie basearre op it wierbarde ferhaal fan Michael Oher, in dakleaze Afro-Amerikaanske teenager út in brutsen gesin, dy't yn Memphis, yn it Amerikaanske Suden, opnommen wurdt yn 'e rike blanke húshâlding fan 'e Tuohy's, dy't him helpe om syn talinten te ûntdekken. Foar har rol yn The Blind Side wûn Sandra Bullock in Oscar yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2010 kaam fierders de film Country Strong út, wêryn't McGraw in James Canter spilet, de man en manager fan 'e fiktive countrysjongster Kelly Canter (spile troch Gwyneth Paltrow). Yn 2021 spile McGraw mei syn frou Faith Hill en akteur Sam Elliot ien fan 'e haadrollen yn 'e westernsearje 1883, in spin-off fan Taylor Sheridan syn súksesfolle neo-westernrige Yellowstone.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn wurk is McGraw ek allegeduerigen djip behelle yn goeddiedige aktiviteiten. Sa rjochte er yn 1994 al it muzykfestival Swampstock op yn syn bertegebiet yn noardeastlik Louisiana, dêr't elts jier 11.000 minsken op ôfkomme. De opbringst giet folslein nei de pleatslike mienskip, dy't der nije sportfjilden en sportnedichheden mei oanlein en oanskaft hat en der teffens stúdzjebeurzen foar de jongerein út 'e krite mei betellet. Fierders holp McGraw om jild yn te sammeljen foar it Country Music Foundation Hall of Fame and Museum yn Nashville, en hold er yn it ferline geregeldwei lytse benefytkonsertsjes yn 'e stêden dy't er oandie op toernee, de jûns foarôfgeande oan it eigentlike konsert.

Tim McGraw posearret yn 2010 mei in matroas fan 'e Amerikaanske Marine.

Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina setten McGraw en Faith Hill harren persoanlik yn om foarrieden by de oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan Katrina gie. Letter dat jier rjochten McGraw en Hill de Neighbor's Keeper Foundation ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting") op, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen. Dêrnjonken set McGraw him ek geregeldwei yn foar it Reade Krús, en mids 2010 organisearre er mei Hill in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.

McGraw hat der nea in geheim fan makke dat er lid fan 'e Demokratyske Partij is. Hy hat oanjûn grut respekt te hawwen foar de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton, en yn 2008 en 2012 stipe er Barack Obama. Yn fraachpetearen hat er yn 2006 en 2008 ferskillende kearen oanjûn dat him skielk in karriêre yn 'e polityk wol wat taliket. Sa soed er wol senator of mooglik gûverneur fan syn thússteat Tennessee wurde wolle.

Tim McGraw troude op 6 oktober 1996 mei sjongster Faith Hill. Hja hawwe trije dochters: Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Nei eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen. Se binne eigners fan Goat Cay, in lyts eilantsje yn 'e Bahama's dat se ûnoffisjeel omneamd hawwe ta L'Île d'Anges (Frânsk foar "it Eilân fan 'e Ingels"). Neffens de foto's dy't McGraw op it sosjaal medium Instagram pleatst fan it ferbliuw fan syn gesin op dat eilân, liket er him dêr benammen dwaande te hâlden mei angelfiskjen.

Yn 2015 rûsde it tydskrift Forbes it jierliks ynkommen fan McGraw op $38 miljoen. McGraw hat in fleanbrevet en besit in sportfleantúchje fan it model Cirrus SR22. Hy is de peetheit fan 'e soan fan akteurs Garrett Hedlund en Emma Roberts; hy en Hedlund rekken befreone nei't se allebeide spile yn 'e films Friday Night Lights en Country Strong.

útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
20 april 1993 Tim McGraw Curb Records n.f.t. n.f.t.
22 maart 1994 Not a Moment Too Soon Curb Records wûn in American Music Award foar album fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (6× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
19 septimber 1995 All I Want Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada (platina)
3 juny 1997 Everywhere Curb Records wûn in CMA Award foar album fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (5× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
4 maaie 1999 A Place in the Sun Curb Records wûn in CMA Award foar album fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Kanada (platina)
24 april 2001 Set This Circus Down Curb Records wûn in American Music Award foar bêste country-album flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada (platina)
26 novimber 2002 Tim McGraw and the Dancehall Doctors Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada (platina)
24 augustus 2004 Live Like You Were Dying Curb Records wûn in American Music Award foar album fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (4× platina)
flagge fan Kanada (platina)
27 maart 2007 Let It Go Curb Records nom. foar in Grammy Award foar bêste country-album flagge fan de Feriene Steaten (platina)
flagge fan Kanada (goud)
20 oktober 2009 Southern Voice Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (goud)
24 jannewaris 2012 Emotional Traffic Curb Records n.f.t. n.f.t.
5 febrewaris 2013 Two Lanes of Freedom Big Machine Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
flagge fan Kanada (goud)
16 septimber 2014 Sundown Heaven Town Big Machine Records n.f.t. n.f.t.
6 novimber 2015 Damn Country Music Big Machine Records n.f.t. flagge fan Kanada (goud)
17 novimber 2017 The Rest of Our Life
(duëtalbum mei Faith Hill)
Arista Nashville n.f.t. n.f.t.
21 augustus 2020 Here on Earth Big Machine Records n.f.t. n.f.t.

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
útbrocht titel label prizen en nominaasjes resultaat
21 novimber 2000 Greatest Hits Curb Records wûn in Billboard Music Award foar country-album fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (6× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
28 maart 2006 Reflected: Greatest Hits, Vol. 2 Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
flagge fan Kanada (platina)
29 april 2008 Greatest Hits: Limited Edition Curb Records n.f.t. n.f.t.
6 maaie 2008 Collector's Edition Curb Records n.f.t. n.f.t.
7 oktober 2008 Greatest Hits 3 Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
7 oktober 2008 Limited Edition: Greatest Hits, Volumes 1, 2 & 3 Curb Records n.f.t. n.f.t.
30 novimber 2010 Number One Hits Curb Records n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
22 jannewaris 2013 Tim McGraw & Friends Curb Records n.f.t. n.f.t.
4 febrewaris 2014 Love Story Curb Records n.f.t. n.f.t.
16 juny 2015 35 Biggest Hits Curb Records n.f.t. n.f.t.
21 oktober 2016 McGraw: The Ultimate Collection Curb Records n.f.t. n.f.t.
15 juny 2018 The Biggest Hits of Tim McGraw Curb Records n.f.t. n.f.t.
20 novimber 2020 McGraw Machine Hits: 2013–2019 Big Machine Records n.f.t. n.f.t.
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1991 What Room Was the Holiday In n.f.t. n.f.t.                      Tim McGraw
1992 Welcome to the Club n.f.t. n.f.t.
1993 Memory Lane n.f.t. n.f.t.
Two Steppin' Mind n.f.t. n.f.t.
1994 Indian Outlaw n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina) Not a Moment Too Soon
Don't Take the Girl n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
Down on the Farm n.f.t. n.f.t.
Not a Moment Too Soon n.f.t. n.f.t.
1995 Refried Dreams n.f.t. n.f.t.
I Like It, I Love It n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (2× platina) All I Want
Can't Be Really Gone n.f.t. n.f.t.
1996 All I Want Is a Life n.f.t. n.f.t.
She Never Lets It Go to Her Heart n.f.t. n.f.t.
Maybe We Should Just Sleep on It n.f.t. n.f.t.
1997 It's Your Love
(mei Faith Hill)
wûn 4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award,
nom. foar Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina) Everywhere
Everywhere n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Just to See You Smile wûn in Billboard Award foar countrysingle fan it jier flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
1998 One of These Days n.f.t. n.f.t.
Where the Green Grass Grows n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
For a Little While n.f.t. n.f.t.
1999 Please Remember Me n.f.t. n.f.t. A Place in the Sun
Something Like That n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
My Best Friend n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
2000 Some Things Never Change n.f.t. n.f.t.
My Next Thirty Years n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
2001 Grown Men Don't Cry n.f.t. n.f.t. Set This Circus Down
Angry All the Time
(mei Faith Hill)
n.f.t. n.f.t.
The Cowboy in Me n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
2002 Unbroken n.f.t. n.f.t.
Red Rag Top n.f.t. n.f.t. Tim McGraw and the Dancehall Doctors
Tiny Dancer n.f.t. n.f.t.
2003 She's My Kind of Rain n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Real Good Men n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Watch the Wind Blow By n.f.t. n.f.t.
2004 Live Like You Were Dying wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in man;
wûn 2 ACM Awards, 1 CMA Award en 1 CMT Music Award
flagge fan de Feriene Steaten (4× platina) Live Like You Were Dying
Back When n.f.t. n.f.t.
2005 Drugs or Jesus n.f.t. n.f.t.
Do You Want Fries with That? n.f.t. n.f.t.
My Old Friend n.f.t. n.f.t.
2006 When the Stars Go Blue n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina) Tim McGraw Reflected: Greatest Hits Vol. 2
My Little Girl n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (2× platina)
2007 Last Dollar (Fly Away) n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud) Let It Go
I Need You
(mei Faith Hill)
nom. foar 2 Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking flagge fan de Feriene Steaten (platina)
If You're Reading This nom. foar 2 Grammy Awards foar bêste country-liet en bêste countrynûmer songen troch in man flagge fan de Feriene Steaten (platina)
Suspicions n.f.t. n.f.t.
2008 Kristofferson n.f.t. n.f.t.
Let It Go n.f.t. n.f.t.
2009 Nothin' to Die For n.f.t. n.f.t.
It's a Business Doing Pleasure with You n.f.t. n.f.t. Southern Voice
Southern Voice n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
2010 Still n.f.t. n.f.t.
Felt Good on My Lips n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina) Number One Hits
2011 Me and Tennessee
(mei Gwyneth Paltrow)
n.f.t. n.f.t. Country Strong (soundtrack)
Better than I Used to Be n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud) Emotional Traffic
2012 Right Back Atcha, Babe n.f.t. n.f.t.
Truck, Yeah n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina) Two Lanes of Freedom
One of Those Nights n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
2013 Highway Don't Care
(mei Taylor Swift)
nom. foar in Grammy Award foar bêste countryduo of -band flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
Southern Girl n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
2014 Lookin' for That Girl n.f.t. n.f.t. Sundown Heaven Town
Meanwhile, Back at Mama's
(mei Faith Hill)
nom. foar in Grammy Award foar bêste countryduo of -band flagge fan de Feriene Steaten (platina)
Shotgun Rider n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (platina)
2015 Diamond Rings and Old Barstools
(mei Catherine Dunn)
n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud)
Top of the World n.f.t. n.f.t. Damn Country Music
2016 Humble and Kind wûn de CMT Music Award foar fideoclip fan it jier flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina)
flagge fan Kanada (2× platina)
How I'll Always Be n.f.t. n.f.t.
2017 Speak to a Girl
(mei Faith Hill)
n.f.t. n.f.t. The Rest of Our Life
The Rest of Our Life
(mei Faith Hill)
n.f.t. n.f.t.
2018 Neon Church n.f.t. n.f.t. Here on Earth
2019 Thought About You n.f.t. n.f.t.
2020 I Called Mama n.f.t. n.f.t.
2021 Undivided n.f.t. n.f.t.
7500 OBO n.f.t. n.f.t.
jier titel prizen en nominaasjes resultaat album
1996 Hope
(mei ferskate artysten)
n.f.t. n.f.t. net op album útbrocht
1998 Just to Hear You Say That You Love Me
(mei Faith Hill)
wûn 2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award;
nom foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking
n.f.t. Faith
2000 Let's Make Love
(mei Faith Hill)
wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t. Breathe
2001 Bring On the Rain
(mei Jo Dee Messina)
n.f.t. n.f.t. Burn
2004 Over and Over
(mei Nelly)
n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten (goud) Suit
2005 Like We Never Loved at All
(mei Faith Hill)
wûn in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t. Fireflies
2008 Nine Lives
(mei Def Leppard)
n.f.t. n.f.t. Songs from the Sparkle Lounge
2012 Feel Like a Rock Star
(mei Kenny Chesney)
wûn in CMA Award flagge fan de Feriene Steaten (goud) Welcome to the Fishbowl
2016 Lovin' Lately
(mei Big & Rich)
n.f.t. n.f.t. Gravity
May We All
(mei Florida Georgia Line)
n.f.t. flagge fan de Feriene Steaten  (3× platina) Dig Your Roots
Forever Country
(mei ferskate oare artysten)
n.f.t. n.f.t. net op in album útbrocht
Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1997 The Jeff Foxworthy Show Lionel gastrol; ôfl. Feud for Thought
2000 Sesame Street himsels gastrol; ôfl. #3919
2008 Saturday Night Live n.f.t. as presintator; ôfl. Tim McGraw/Ludacris & T-Pain
2011 Who Do You Think You Are? n.f.t. geneälogyprogramma; ôfl. Tim McGraw
2013 Cake Boss himsels realitytillefyzjeprogramma; ôfl. A Cowboy In Hoboken
2015 Repeat After Me himsels gastrol; ôfl. 1x4
2016 The Voice n.f.t. as adviseur; realitytillefyzjeprogramma
2019 Brad Paisley Thinks He's Special   n.f.t. te gast
2021 Yellowstone James Dutton gastrol; 2 ôfl. yn seizoen 4
2021–2022 1883 James Dutton haadrol; 10 ôfl.
films
2004 Black Cloud sheriff Cliff Powers
2004 Friday Night Lights Charles Billingsley   nom. foar in MTV Movie Award foar bêste trochbraak fan in akteur
2006 Flicka Rob McLaughlin nom. foar in Critics' Choice Award foar bêste liet (My Little Girl)
2007 The Kingdom Aaron Jackson
2008 Four Christmases Dallas McVie
2009 The Blind Side Sean Tuohy
2010 Dirty Girl Danny Briggs
2010 Country Strong James Canter
2015 Tomorrowland Eddie Newton
2017 The Shack Willie

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album
1994 American Music Award wûn album fan it jier Not a Moment Toon Soon
wûn bêste nije manlike sjonger n.f.t.
Billboard Music Award wûn bêste nije country-album Not a Moment Too Soon
wûn bêste nije manlike artyst n.f.t.
TNN/Music City News Award wûn manlike fideoclipartyst fan it jier n.f.t.
1995 American Music Award wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
1997 ACM Award wûn bêste single fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
wûn bêste liet fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
wûn bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
Billboard Music Award wûn single fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
CMA Award nominearre sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
TNN/Music City News Award wûn fideoclip fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
1998 Billboard Music Award wûn bêste countrysingle fan it jier Just to See You Smile
CMA Award wûn album fan it jier Everywhere
Grammy Award nominearre bêste countryliet (mei Faith Hill) It's Your Love
nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) It's Your Love
1999 ACM Award wûn bêste fideoclip fan it jier (mei Faith Hill) It's Your Love
wûn bêste sangbarren fan it jier (mei Faith Hill) Just to Hear You Say That You Love Me
wûn sjonger fan it jier n.f.t.
CMA Award wûn album fan it jier A Place in the Sun
wûn sjonger fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) Just to Hear You Say That You Love Me
TNN/Music City News Award wûn liet fan it jier (mei Faith Hill) Just to Hear You Say That You Love Me
wûn fokale gearwurking fan it jier (mei Faith Hill) Just to Hear You Say That You Love Me
2000 ACM Award wûn sjonger fan it jier n.f.t.
Billboard Music Award wûn manlike artyst fan it jier n.f.t.
CMA Award wûn sjonger fan it jier n.f.t.
National Fatherhood Initiative wûn heit fan it jier n.f.t.
2001 American Music Award wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
Billboard Music Award wûn bêste country-album Greatest Hits
wûn bêste countrysingle-artyst n.f.t.
wûn bêste country-album-artyst n.f.t.
wûn bêste manlike country-artyst n.f.t.
wûn bêste country-artyst n.f.t.
CMA Award wûn artyst fan it jier n.f.t.
Grammy Award wûn bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) Let's Make Love
2002 American Music Award wûn bêste country-album Set This Circus Down
wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
2003 American Music Award (jann.) wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
American Music Award (nov.) wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste countrynûmer songen troch in man She's My Kind of Rain
Radio Music Award wûn bêste manlike country-artyst n.f.t.
2004 CMA Award wûn single fan it jier Live Like You Were Dying
NIAF Award wûn NIAF Special Achievement Award in Music n.f.t.
People's Choice Award wûn favorite country-artyst fan it jier n.f.t.
Radio Music Award wûn bêste manlike country-artyst n.f.t.
2005 ACM Award wûn single fan it jier Live Like You Were Dying
wûn liet fan it jier Live Like You Were Dying
American Music Award wûn album fan it jier Live Like You Were Dying
wûn favorite manlike country-artyst n.f.t.
CMT Music Award wûn meast ynspirearjende fideoclip Live Like You Were Dying
Grammy Award wûn bêste countrynûmer songen troch in man Live Like You Were Dying
People's Choice Award wûn favorite country-artyst fan it jier n.f.t.
2006 Grammy Award wûn bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) Like We Never Loved at All
People's Choice Award wûn favorite manlike artyst fan it jier n.f.t.
2007 Grammy Award nominearre bêste countrynûmer songen troch in man If You're Reading This
nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Faith Hill) I Need You
nominearre bêste country-liet If You're Reading This
nominearre bêste countryliet (mei Faith Hill) I Need You
nominearre bêste country-album Let It Go
2012 CMA Award wûn bêste sangbarren fan it jier (mei Kenny Chesney) Feel Like a Rock Star
2013 British Country Music Award wûn ynternasjonale liet fan it jier (mei Taylor Swift) Highway Don't Care
Grammy Award nominearre bêste country-album Two Lanes of Freedom
nominearre bêste countryduo of -band (mei Taylor Swift) Highway Don't Care
2014 Grammy Award nominearre bêste countryduo of -band (mei Faith Hill) Meanwhile, Back at Mama's
People's Choice Award wûn ikoan fan it jier n.f.t.
2016 CMT Music Award wûn fideoclip fan it jier Humble and Kind

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.