Radio Music Award
Radio Music Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste lieten op Am. radio | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1999 | |
opheft | 2005 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
De Radio Music Awards wiene in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste lieten op 'e Amerikaanske radiostjoerders. De nominaasjes waarden basearre op 'e hoemannichte spyltiid dy't de lieten op 'e stjoerders taparte krigen, wat wer te krijen hie mei de populariteit. De Radio Music Awards waarden foar it earst útrikt yn 1999, en de seremoanje wie live te sjen op 'e stjoerder The WB. Yn 2000 waard it oernommen troch ABC, en letter waard it trochskood nei NBC, dy't dizze prizen yn 'e merk besocht te setten as de Golden Globes fan 'e muzykyndustry. Winners wiene û.m. NSYNC, Shakira, de Backstreet Boys, Janet Jackson, Mariah Carey, Elton John, Destiny's Child, Tim McGraw, Kelly Clarkson, Lenny Kravitz, Nelly, Avril Lavigne en Christina Aguilera. De lêste útrikking fûn plak yn 2005, wêrnei't de Radio Music Awards in stille dea stoaren.
Fêste kategoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- artyst fan it jier (mainstream-hitradio)
- liet fan it jier (mainstream-hitradio)
- artyst fan it jier (urban en rythmic-radio)
- liet fan it jier (urban en rythmic-radio)
- artyst fan it jier (alternative en rock-radio)
- liet fan it jier (alternative en rock-radio)
- artyst fan it jier (countryradio)
- liet fan it jier (countryradio)
- artyst fan it jier (rock-radio)
- liet fan it jier (rock-radio)
- artyst fan it jier (adult-hitradio)
- liet fan it jier (adult-hitradio)
- Legend Award
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |