[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Akkaadjers

Ut Wikipedy
Akkaadjers

It Akkadyske Ryk yn grien, Elam yn giel en de Hoerrityske
keninkriken yn pears. Mei pylken binne de rjochtings oanjûn
wêryn't it Akkadyske Ryk him útwreide.
algemiene ynformaasje
oare namme(n) Akkadiërs
taal Akkadysk
godstsjinst Akkadysk heidendom
historiografy
tiidrek 24e21e iuw f.Kr.
gebiet noardeasten fan 'e Fruchtbere
Healmoanne
yn it Midden-Easten
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

De Akkaadjers of Akkadiërs wiene in folk dat yn 'e fiere Aldheid it noardeasten fan 'e Fruchtbere Healmoanne yn it Midden-Easten bewenne, de krite dy't no it sintrale diel en it noarden fan Irak beslacht. Hja wiene in Semityske groep dy't in Eastsemityske taal spriek, it Akkadysk.

It tinken is dat de Akkaadjers har om 3000 f.Kr. hinne of yn 'e iuwen direkt dêrnei yn wat no Irak is, nei wenjen setten. Hja kamen út it westen, dêr't yn 'e Levant it wierskynlike oarsprongsgebiet fan alle Semityske folken lei. Yn elts gefal wiene se om 2600 f.Kr. fêstige yn it noarden fan Mesopotaamje, mei't fan dy tiid ôf Akkadyske eigennammen yn Sûmearysktalige teksten oerlevere binne.

De Akkaadjers binne ferneamd nei de stêd Akkad, dy't it mulpunt fan harren beskaving waard. It is lykwols ûndúdlik oft se dy stêd sels stifte hawwe, of dat dy al bestie doe't se him yn besit namen. Der binne nammentlik oanwizings dy't op dy lêste mooglikheid tsjutte; sa is de etymology fan it toponym 'Akkad' ûndúdlik, mar yn elts gefal net fan Semityske oarsprong. De lokaasje fan Akkad is letter ferlern gien en de stêd, wêrfan't fêststiet dat er bestien hat, is noch altyd net weromfûn. Alteast, men hat noch gjin inkele weromfûne ruïnestêd mei wissichheid as Akkad identifisearje kinnen.

In brûnzen kop fan in Akka-dysk hearsker, yn 1931 ûntdut-sen yn Ninevee. Saakkundigen ornearje dat it in ôfbylding fan Sargon is of, wierskynliker, fan dy syn pakesizzer Naram-Sin.

Histoarysk sjoen binne de Akkaadjers ferneamd wurden troch de foarming, yn 'e earste helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., fan it Akkadyske Ryk, dat wol as it earste ryk út 'e minsklike skiednis beskôge wurdt. It waard wierskynlik yn of omtrint 2334 f.Kr. stifte troch kening Sargon fan Akkad, en besloech dielen fan wat no Irak, Iraan, Syrje, Koeweit en Turkije binne. Ek bûten dat gebiet wie de Akkadyske ynfloed grut, en de militêre macht fan it ryk rikte sels oan Dilmûn ta, oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân (yn wat no Omaan is).

It Akkadyske Ryk berikte syn hichtepunt om 2250 f.Kr. hinne, wêrnei't de Akkadyske macht fluch yn it neigean rekke, folge troch in hommels útinoar fallen fan it ryk yn 2154 f.Kr. Nei in perioade fan gaos klofte de befolking fan Mesopotaamje úteinlik gear ta twa Akkadysksprekkende naasjes: Assyrje yn it noarden en Babyloanje yn it suden. De Akkaadjers as etnyske groep foelen meitiid ek útinoar yn twa dêrmei oerienkommende folken: de Assyrjers en de Babyloanjers.

De preesteresse Enhedûanna, de dochter fan Sargon fan Akkad. Hja wie in ferneamd dichteresse en ien fan 'e ierst bekende froulju út 'e minsklike skiednis.

De taal fan 'e Akkaadjers wie it no al tiden útstoarne Akkadysk, dat soms ek wol Assyrysk-Babyloanysk of Assyro-Babyloanysk neamd wurdt. It hearde ta de Eastsemityske kloft fan 'e Semityske talen en is oerlevere yn 'e foarm fan ynskripsjes yn spikerskrift op klaaitabletten fan likernôch 2500 f.Kr. ôf. It wie de offisjele taal fan it Akkadyske Ryk, mar letter ek fan 'e Assyryske en Babyloanyske riken, dêr't de wichtichste dialekten fan it Akkadysk nei neamd binne: it Assyrysk en it Babyloanysk.

Tsjin 'e tiid fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, wie it Akkadysk de lingua franca fan it hiele Midden-Easten wurden, Egypte ynbegrepen. Yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk, om 'e achtste iuw f.Kr. hinne, rekke it stadichoan yn ûnbrûk en waard it as sprektaal ferfongen troch it Arameesk. As deade taal waard it neitiid noch iuwenlang brûkt foar de wittenskip en as liturgyske taal. De lêst bekende Akkadyske tekst datearret út 'e earste iuw nei Kristus.

De Akkaadjers hongen it Akkadysk heidendom oan, mei in mytology dy't sterk liket op oare Semityske foarmen fan it heidendom. De wichtichste godheid dy't yn Akkad fereare waard, wie (de Eastsemityske) Isjtar, dy't oerienkomt mei de Sûmearyske Inanna en de Westsemityske Astarte. Hja waard yn Akkad oantsjut as ‘Aštar-annunītum, "Oarlochssuchtige Isjtar". Har oarehelte Ilaba waard ek yn Akkad fereare.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.