[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Steat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ryk (steat))
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


In steat of lân is in troch in algemien gesach regearre folksmienskip mei harren gebiet, dy't sjoen wurdt as in rjochtspersoan.

In steat hat in oantal skaaimerken dy't in steat beskriuwe:

  • De steat hat in homogene groep fan minsken;
  • dy groep minsken bewennet in gebiet dat mei grinzen oan te jaan is, in lân;
  • oer de befolking fan dat lân wurdt op in bepaalde wize macht útoefene;
  • en dizze steat wurdt troch oare steaten erkend.

Steaten dy't organisearre binne as rjochtssteat hawwe in Grûnwet. In grûnwet jout oan hokker organen in steat hat en hoe't de macht fan de steat dêroer ferdield is. Ek steane yn in grûnwet de grûnrjochten dy't eltse boarger takomme. In grûnwet is lykwols gjin konstitutyf elemint foar in steat.

De Nederlânske steat hat ferskate lagen fan bestjoer. De steat bestiet út ferskate organen dy't wichtige saken op sintraal nivo regelje. Op regionaal nivo wurdt de steat foarme troch meardere provinsjes en op noch lytser nivo troch gemeenten. Formeel is de keninginne haad fan de steat.

It deistich bestjoer fan de steat leit by it regear, dat bestiet út de premier mei ministers. It regear wurdt kontrolearre troch de folksfertsjintwurdiging, yn Nederlân de Twadde Keamer (it parlemint) en Earste Keamer (de senaat).