[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mesopotaamje

Ut Wikipedy
Kaart fan it eartiidske Mesopotaamje

Mesopotaamje (fan it Gryksk foar tusken de rivieren) is de eartiidske namme foar it gebiet tusken de rivieren Tigris en Eufraat. In oare namme foar it gebiet wie Twastreamelân. It grûngebiet leit foar in grut part binnen de grinzen fan de hjoeddeistige lannen Irak, Syrje en Iran. Krekt as yn Egypte wie der fruchtber lân omdat de rivieren alle jierren oerstreamen.

Troch it fruchtbere lân wie Mesopotaamje foar folken tige bekoarlik om te wenjen, mar om it lân yn besit te krijen en te hâlden moast der kriich om fierd wurde. In rige fan folken hat yn rin fan de tiid it gebiet koarter as langer yn besit hân. Guon dêrfan hellen in heech beskavingsnivo en makke in bloeitiid troch. Sa om-ende-by de 3500 f.Kr. libben de Sumearjers yn it suden en de Akkadjers mear yn it noarden. Sy waarden opfolge troch de Babiloanjers ûnder Hammuraby 1710 f.Kr.-1668 f.Kr.) dy't oant sirka 1100 f.Kr. it foar sizzen hienen. Nei de Babiloanjers oermastere de Assyrjers it hiele gebiet. Iuwen letter soe der in nij Babylonysk ryk ûnder Nebukadnezar wer in koarte bloeitiid krije. Ek de Perzen hawwe it gebiet yn besit hân tusken 538 f.Kr. oant 331 f.Kr., wêrnei't it yn de hannen foel fan Aleksander de Grutte út Masedoanje.

Skaaimerken fan de Mesopotamyske keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat de folken yn Mesopotaamje hieltyd striden moasten foar it behâldt fan harren fruchtbere lân is der as in mienskiplik skaaimerk yn it karakter fan de keunst in soad militêre ynfloed werom te finen. Benammen yn de byldzjende keunst kaam dat ta utering yn de faak realistyske útbylding fan striid- en jachttafrielen. Minsk en dier waarden neffens harren natuerlike stal werjûn.

Der binne mânske paleizen boud yn Mesopotaamje. Dêrby waard in protte gebrûk makke fan klaai. Pylders, lykas de Griken en Romeinen dy hienen, kamen dêrby nea foar. Troch in tekoart oan hout waard oan ferwulfbou dien en op de terrassen waarden beammen en strewellen plante wêrtroch de Hingjende tunen fan Babylon ûntstienen. Yn it paleis wie de timpel, dêr't de timpeltoer Zikoerrat fan neamd waard. Op de top fan dizze Zikoerrat wienen in altear en it plak dêr't astrologen de stjerren bestudearren.