Chicago
Chicago is de grutste stêd fan it Amerikaanske Midwesten, en de op twa nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten (nei New York en Los Angeles). Yn 2012 hie it rom 2,7 miljoen ynwenners, wylst de hiele stêdekloft mei Chicago as sintrum (ynformeel ek wol "Chicagolân" neamd) sels in befolking fan hast 9½ miljoen minsken hie. Chicago leit yn it noarden fan it fêstelân fan 'e Feriene Steaten, oan 'e igge fan 'e Michiganmar, yn 'e steat Illinois (al wreidet de stêdekloft him út oant yn 'e oangrinzgjende steaten Indiana en Wiskonsin). Chicago is it haadplak fan Cook County, mar omfettet ek in lyts diel fan DuPage County. De namme "Chicago" komt fan shikaakwa, it wurd foar "wylde sipel" of "wylde knyflok" yn 'e taal fan 'e pleatslike Majêmy- en Illinois-Yndianen. De stêd wurdt ek wol The Windy City ("De Wynderige Stêd") neamd, om't it der sa hurd waaie kin.
Chicago | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Illinois | |
County | Cook County (ek in stikje yn DuPage County) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.714.856 (2012) | |
Oerflak | 606 km² (ynkl. wetter) 588 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.447,4 / km² | |
Stêdekloft | 9.461.105 (2012) | |
Hichte | 182 m | |
Oar | ||
Stifting | 1780 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 | |
Koördinaten | 41°52′55″N 87°37′40″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofchicago.org | ||
Kaart | ||
De lizzing Chicago yn Illinois. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Foar oare betsjuttings, sjoch: Chicago (betsjuttingsside).
Geografy
bewurkje seksjeChicago leit yn 'e noardeastlike hoeke fan 'e Amerikaanske steat Illinois. It is de wichtichste stêd fan 'e stêdekloft fan Chicago, en grinzget yn it easten en noardeasten oan 'e Michiganmar, de súdlikste fan 'e fiif Grutte Marren fan Noard-Amearika. De stêd is foar in diel boud op 'e Chicago Portage, in earder draachplak, dêr't hannelsguod te foet oerbrocht waard fan 'e bopperin fan 'e rivier de Chicago, dy't útmûne yn 'e Michiganmar, nei de bopperin fan 'e Des Plaines, in sydrivier fan 'e Illinois, dy't útkomt yn 'e Mississippy. Sawol de rivier de Chicago as de rivier de Calumet streame troch Chicago, hoewol't de streamrjochting fan 'e rivier de Chicago oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw mei in yngenieus systeem fan silen omdraaid is, sadat dy rivier no by de Michiganmar wei streamt (en it rioelwetter fan 'e stêd meinimt dêrby wei).
It stedssintrum fan Chicago is de saneamde Chicago Loop, dêr't de grutte bedriuwen út 'e tsjinstesektor fêstige binne, lykas banken en fersekeringsmaatskippijen. De stêd beslacht in oerflak fan 606 km², wêrfan't 588 km² lân en 17,6 km² oerflaktewetter is. De kustline fan 'e stêd is 42 km lang. De hichte is trochinoar 181 m boppe seenivo, mar rint útinoar fan 176 m boppe seenivo oan 'e kust fan 'e Michiganmar oant 205 m boppe seenivo by Blue Island. De stêdekloft fan Chicago wurdt wol Chicagolân (Chicagoland) neamd, in namme dêr't de stêd sels en alle foarstêden ûnder beflapt wurde kinne.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e krite dêr't no Chicago leit, wennen yn 'e achttjinde iuw de Potawatomy-Yndianen, dy't dêr de Majêmy en de Sôk en Foks ferdreaun hiene. Yn 1795, oan 'e ein fan 'e Noardwestlike Yndiaanske Oarloch, kaam it gebiet yn Amerikaanske hannen. Op it plak dêr't no Chicago leit, wie doe in draachplak, dêr't men guod út it gebiet fan 'e Grutte Marren oer lân ferfierde nei de bopperin fan it rivierestelsel fan 'e Mississippy, en fise fersa. Chicago waard dêr yn 1833 offisjeel stifte; it hie doe likernôch 200 ynwenners. Yn 1837 krige it de status fan stêd.
Yn 1871 briek de Grutte Brân fan Chicago út, en tusken 8 en 10 oktober fan dat jier waard in grut part fan de stêd yn 'e jiske lein. Fan 'e 300.000 ynwenners rekke in trêde sûnder hûs. It tal deaden foel relatyf noch ta, en bedroech 200 oant 300. De spoarwegen en it meastepart fan 'e yndustry oerlibben de brân ûnskansearre, dat de weropbou koe daliks mei begûn wurde. Dy weropbou feroarsake trouwens in revolúsje yn 'e boukeunst. Ynstee fan hout waard de nije stêd fan stiel en stien boud, wat foar dy tiid in wrâldprimeur wie. De útfining fan 'e lift en de elektrisiteit makke dat kantoartuorren fan mear as acht boulagen ûntwurpen wurde koene. Der waard drok eksperimintearre mei bousels fan getten izer, stiel en betonskelet. Yn 1885 waard yn Chicago de earste wolkekliuwer fan 'e wrâld boud.
Tusken 1 en 4 maaie 1886 wie Chicago it toaniel fan grutskalige ûngeregeldheden tusken fakbûnsleden en de plysje, dy't har hichtepunt krigen yn 'e saneamde Haymarket Riot. By de rebûlje waard in bom tusken de plysjes smiten; de (ûnderstelde) oanfierders waarden arrestearre en feroardiele. In stikmannich fan harren krige de deastraf, hoewol't der gjin hurd bewiis foar harren belutsenens by de oanslach wie.
De Universiteit fan Chicago waard oprjochte yn 1892. Yn 1893 waard yn Chicago de World's Columbian Exposition holden, in soarte fan alternative wrâldtentoanstelling, en yn 1933 nochris. Yn 'e tiid fan 'e Drûchlizzing, yn 'e jierren tweintich en tritich fan 'e tweintichste iuw, kaam Chicago fierhinne yn 'e gryp fan in tal gangsterbindes, wêrfan't de (wreed)ferneamdste dy fan Al Capone wie. Chicago hie ienris it grutste iepenbierferfiersnetwurk fan 'e Feriene Steaten. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw rieden der mear as 3.000 trams oer goed 1.000 myl oan spoar. Nei grutte fúzjes fan 'e ûnderskate iepenbierferfiersbedriuwen yn 'e stêd waard yn 1947 de Chicago Transit Authority (CTA) oprjochte.
Under it boargemasterskip fan 'e Demokraat Richard J. Daley, dy't yn 1955 keazen waard, ferlieten de measte (rikere) blanke Chicagoërs de binnenstêd en ferfearen nei de bûtenwiken en foarstêden, sadat yn it hert fan 'e stêd hiele wiken inkeld mar mear troch swarten en letter ek Latino's bewenne waarden. Meganisearring en automatisearring fan 'e yndustry late boppedat ta in grutte wurkleazens ûnder krekt de dochs al earmere lagen fan 'e befolking. Yn 1966 laten Martin Luther King en Albert Raby de saneamde Chicago Freedom Movement, dy't late ta ôfspraken tusken boargemaster Daley en fertsjintwurdigers fan 'e swarte befolking. Twa jier letter fûnen yn Chicago ûnder de tumultueuze Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968 grutskalige demonstraasjes plak tsjin 'e Fjetnamoarloch, wêrby't it ta ferheftige konfrontaasjes mei de plysje kaam.
Bestjoer
bewurkje seksjeChicago is in gemeente, dy't bestjoerd wurdt troch in keazen boargemaster mei in termyn fan fjouwer jier en gjin beheining op it tal terminen. De boargemaster stelt kommissarissen en oare funksjonarissen oan om lieding te jaan oan 'e ûnderskate ôfdielings (departments) fan it stedsbestjoer. Behalven de boargemaster binne ek it amt fan city clerk (likernôch in gemeentesekretaris) en it amt fan treasurer ("skathâlder", in soarte fan wethâlder fan Finânsjes), keazen funksjes. De wetjaande macht berêst by de City Council, de gemeenteried, dy't bestiet út 50 saneamde aldermen oftewol gemeenteriedsleden. Dy wurde by ferkiezings troch de ynwenners fan Chicago keazen, en fertsjintwurdigje allegear ien fan 'e fyftich wards of wiken fan 'e stêd, dy't yn dizze kontekst fungearje as harren kiesdistrikten. De Gemeente Chicago omfettet ferskate publike tsjinsten, wêrûnder in eigen plysje, it Chicago Police Department (CPD), en in eigen brânwacht, it Chicago Fire Department (CFD).
Chicago hjoed de dei
bewurkje seksjeChicago is hjoed de dei in ynternasjonaal sintrum foar hannel, yndustry, telekommunikaasje en it bankwêzen, mei fanwegen it feit dat de pleatslike lofthaven, O'Hare International Airport, in ferfiersknooppunt foar hiele Noard-Amearika is. Sterker noch, O'Hare is de op ien nei drokste lofthaven fan 'e wrâld. Yn 2012 waard Chicago mei dêrtroch oandien troch 46,2 miljoen Amerikaanske en bûtenlânske reizgers.
Ien fan 'e besjensweardichheden yn Chicago is de Willis Tower (foarhinne de Sears Tower), dy't nei syn bou yn 1974 jierrenlang it heechste gebou fan 'e Feriene Steaten wie en dat op 'e nij waard nei de ferwuostging fan 'e Twin Towers yn New York, op 9/11.
Elts jier yn oktober wurdt yn 'e stêd it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago holden.
Demografy
bewurkje seksjeTroch de florearjende ekonomy fan 'e stêd setten yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw withoefolle ymmigranten út Jeropa har yn Chicago nei wenjen. Yn 1900 bestie 77% fan ynwenners fan 'e stêd út lju dy't yn it bûtenlân berne wiene, twatrêde dêrfan wiene Dútsers, Ieren, Poalen, Sweden en Tsjechen. Ek tsjintwurdich noch stiet Chicago bekend om syn grutte mienskippen fan Ierske (209.000), Dútske (202.000), Poalske (165.000), Italjaanske (102.000) en Litouske (100.000) oarsprong.
Neffens de folkstelling fan 2010 hie de befolking fan Chicago doe de folgjende rasiale opbou: 31,7% blanken; 32,9% swarten; 13,3% (blanke) Latino's; 5,5% Aziaten (wêrûnder 1,6% Sinezen; 1,1% Yndiërs; 1,1% Filipino's; 0,4% Koreänen; 0,3% Pakistanen; 0,3% Fjetnamezen; 0,2% Japanners; en 0,1% Tai); 2,7% fan mingd ras; 0,5% Yndianen; en 13,4% lju fan oar komôf.
Ferneamde ynwenners
bewurkje seksjeBerne yn Chicago
bewurkje seksje
|
|
Wenne (mar net berne) yn Chicago
bewurkje seksje- Saul Bellow (1915-2005), skriuwer
- Nancy Davis Reagan (1921-2016), aktrise en first lady fan 'e Feriene Steaten
- Oprah Winfrey (1954), presintatrise
- Barack Hussein Obama (1961), presidint fan de Feriene Steaten
- Kanye West (1977), rapper en muzykprodusint
- Ariella Ferrera (1979), pornoaktrise
- Audrey Bitoni (1979), pornoaktrise
Stoarn yn Chicago
bewurkje seksje- George Crook (1828-1890), militêr
- John F. Finerty (1846-1908), sjoernalist en politikus
- Mildred Hill (1859-1916), skoaljuffer en lietsjeskriuwster
- Enrico Fermi (1901-1954), natuerkundige
- Mahalia Jackson (1911-1972), sjongster
- Ralph Schwarz (1967-1992), Nederlânsk roeier
- Roger Ebert (1942-2013), filmkritikus
Klimaat
bewurkje seksjeChicago hat in fochtich lânklimaat, mei fjouwer dúdlik ûnderkate jiertiden, waarme oant hjitte en faak neare simmers en kâlde snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –0,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 24 july 1934 en –33 °C op 20 jannewaris 1985. Chicago kriget jiers trochinoar 992,9 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 94,2 sm snie.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|