[go: up one dir, main page]

Gene Siskel (folút: Eugene Kal Siskel; Chicago, 26 jannewaris 1946Evanston, 20 febrewaris 1999) wie Amerikaansk sjoernalist en in foaroansteand filmkritikus. Hy skreau foar de krante de Chicago Tribune, en tegearre mei syn kollega Roger Ebert presintearre er ferskate populêre filmrubriken op 'e Amerikaanske tillefyzje.

Gene Siskel
Gene Siskel yn 1989.
Gene Siskel yn 1989.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eugene Kal Siskel
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 26 jannewaris 1946
berteplak Chicago (Illinois)
stoarn 20 febrewaris 1999
stjerplak Evanston (Illinois)
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Asjkenazysk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 19691999
offisjele webside
www.genesiskel.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Siskel waard yn 1946 berne yn Chicago as de soan fan Nathan William Siskel en dy syn frou Ida Kalis, dy't allebeide Joadske ymmigranten út Ruslân wiene. Hy ferlear syn âldelju doe't er njoggen jier wie en waard dêrnei fierder grutbrocht troch syn omke en muoike. Nei't er slagge wie foar syn eineksamens fan 'e middelbere skoalle, learde Siskel fierder oan 'e Culver Akademys, in militêre skoalle yn Culver (Indiana). Yn 1967 behelle er in bachelorgraad yn filosofy oan 'e Universiteit fan Yale, yn New Haven. Ien fan syn heechlearaars dêr wie Pulitzerpriiswinner John Hershey, waans referinsje Siskel yn 1969 oan in baan holp by de krante de Chicago Tribune.

Nei't er syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Yale ôfrûne hie, folge Siskel in ofsiersoplieding foar de nasjonale reserve fan it Amerikaanske Leger, dy't er yn 1968 mei súkses ôfsleat. Dêrnei wied er in skoftke militêr sjoernalist. Yn 1969 kaam er foar de Chicago Tribune te wurkjen, dêr't er oansteld waard as filmkritikus. Siskel skreau syn earste filmresinsje in moanne foar't er troch de Tribune oannommen waard, oer de film Rascal. Yn 'e tsjinst fan 'e Tribune ûntjoech er him al rillegau ta in foaroansteand kritikus.

Yn 1975 begûnen Siskel en syn kollega Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times tegearre de filmrubryk Sneak Previews op 'e regionale tillefyzjestjoerder WTTW yn Chicago, en letter ek op 'e Amerikaanske nasjonale tillefyzje by PBS. It duo waard ferneamd om 'e 'tomme omheech'- of 'tomme omleech'-konklúzjes fan harren resinsjes. Se betochten de fraze "twa tommen omheech", foar as se it allebeide in goede film fûnen. Yn 1982 giene se by PBS wei en brochten se yn syndikaasje in nije filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje, At the Movies with Gene Siskel & Roger Ebert. Doe't dat programma yn 1986 ferhuze nei Buena Vista Television, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company, kaam it Siskel & Ebert & the Movies te hjitten.

Siskel en Ebert waarden sa bekend dat se tegearre as gastakteurs ferskynden yn in ôflevering fan it berneprogramma Sesame Street. Siskel die ek mei, as himsels, oan in ôflevering 'e komeedzjesearje The Larry Sanders Show, fan Garry Shandling.

Siskel stie derom bekend dat er faak negative resinsjes skreau oer films dy't har neitiid ûntjoegen ta reuseftige kaskreakers yn 'e bioskopen. Foarbylden dêrfan wiene de horrorfilm Poltergeist, de aksjekomeedzje Beverly Hills Cop, de aventoerefilms Indiana Jones and the Last Crusade en Robin Hood: Prince of Thieves, de plysjefilm The Silence of the Lambs, de western Unforgiven en de science fiction-films The Terminator, Predator en Independence Day. Films dy't er wol hiel goed fûn, foelen faak wer net of net bot yn 'e smaak by it bredere publyk, lykas My Dinner with Andre, Shoah en Fargo.

Priveelibben

bewurkje seksje

Siskel troude yn 1980 mei Marlene Iglitzen, in tillefyzjeprodusinte foar CBS yn New York. Hja krigen twa dochters, Kate en Callie, en ien soan, Will. Beide dochters studearren letter ôf oan 'e Universiteit fan Yale, krekt as harren heit.

Op 8 maaie 1998 waard by Siskel in harsenstumor fêststeld. Trije dagen letter ûndergied er in harsensoperaasje. Op 3 febrewaris 1999 kundige er oan dat er omreden fan sykteferlof in skoftke net op 'e tillefyzje te sjen wêze soe, mar hy ferwachte mei koarten werom te wêzen. Gene Siskel ferstoar lykwols santjin dagen letter, op 20 febrewaris 1999, oan komplikaasjes feroarsake troch in nije harsensoperaasje. Hy waard 53 jier âld.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.