[go: up one dir, main page]

Lift (hefmeganisme)

In lift is in meganysk transportssysteem, dat bedoeld is foar it ferfier fan persoanen en guod op en del yn hege gebouwen. De wichtichste ûnderdielen fan in lift binne de liftkoai, de liftskacht, de liftdoarren, de liftkeabels, de gelieders, de betsjinningspanielen en it eigentlike meganyk dat de lift omheech en omleech takelet. De ierste primitive, troch minske- of bistekrêft oandreaune, liften bestiene al yn 'e Aldheid. De earste lift yn 'e moderne sin fan it wurd waard yn 1823 yn Londen boud. Der besteane ferskate soarten liften, lykas passazjiersliften, dy't bedoeld binne foar persoaneferfier, en transportliften, dêr't men spesifyk guod mei omheech en omleech bringt. In bekend ûnderdiel fan 'e 'liftûnderfining' is de liftmuzyk, dy't faak yn grutte bedriuwsgebouwen fia lûdsprekkers yn 'e lift ôfspile wurdt.

De doar fan in typyske lift.

It ferfier yn in lift fynt plak yn in saneamde liftkoai, soms ek wol liftkabine neamd, dy't him yn in fertikale iepen romte yn in gebou befynt dy't de liftskacht of liftkoker hjit. De koai ferpleatst him op en del troch de skacht oer fêste gelieders hinne, hingjend oan 'e liftkeabels. De skacht is yn 'e measte gefallen oan alle kanten omsletten mei op eltse ferdjipping in doar, dêr't de lift dan hohâlde kin om persoanen en/of guod yn en/of út te litten. It kin lykwols ek wêze dat de lift oan 'e bûtenkant fan in gebou makke is, of oan 'e râne fan in grutte binnenromte yn in gebou. Yn sokke gefallen is de skacht oan ien kant iepen en is de oantsjutting 'skacht' eins net botte tapaslik.

 
In lift mei in liftkoai dy't út glês bestiet, sadat de passazjiers sicht rûnom hawwe.

De koai is nettsjinsteande de beneaming ornaris oan alle kanten ticht. Yn âldere gebouwen sjocht men noch wolris in lift dy't wier de foarm fan in koai hat, yn 'e sin fan in mei traaljewurk ôfsletten kabine ynstee fan ien dy't omjûn is troch tichte wanden. As de lift oan 'e bûtenkant fan in gebou of oan 'e râne fan in grutte binnenromte yn in gebou sit, is der oan 'e 'iepen kant' faak in finster yn 'e liftkoai, dat de passazjiers útsjoch nei bûten biedt, in útfynsel dat minsken mei hichtefrees ornaris net bot op priis stelle.

In lift wurdt betsjinne mei in betsjinningspaniel yn 'e liftkoai, dêr't men de ferdjipping op yntoetse kin dêr't men hinne wol. Oan 'e bûtenkant fan 'e lift sit op eltse ferdjipping ek in paniel mei in toets dy't yndrukt wurde moat om 'e lift nei jin ta te roppen.

It meganyk dat de liftkeabels opwynt en wer ôfrinne lit, befynt him yn in masineromte, dy't almeast boppe-yn it gebou of boppe-op it dak pleatst is, rjocht boppe de liftskacht. Dêr sit ek de skeakelkast dy't de bestjoering fan 'e lift regelet. Soms kin de masineromte ek njonken de skacht sitewearre wêze. Dat kin sawol boppe-yn as ûnderyn in gebou wêze. By hydraulyske liften makket it nammentlik neat út wêr't de masineromte sit.

 
In liftskacht.

Om begryplike redens binne der yn in liftsysteem in protte feilichheidsmaatregels ynboud. Sa heart it ûnmooglik te wêzen dat de doar fan 'e lift earne op in ferdjipping iepengean kin sûnder dat de liftkoai derefter hinget. Soe dat wol kinne, dan soe dat rare ûngelokken ta gefolch hawwe kinne fan lju dy't yn 'e liftskacht te pletter foelen. Wol is it mooglik om foar ûnderhâld de liftdoarren mei in spesjale kaai te iepenjen sûnder dat de koai dêr is. Foar it gefal dat om 'e iene of oare reden de liftkeabels brekke, wat eins net mooglik wêze moatte soe, binne de gelieders ûntwurpen om by te fluch omleech gean fan 'e liftkoai as remmen te fungearjen. Underyn de skacht befynt him de schachtput, dêr't buffers yn oanbrocht binne foar it gefal dat de koai al op in ûnbehearske wize omleech komt.

De ierst bekende ferwizing nei in lift komt foar yn it wurk fan 'e Romeinske arsjitekt Fitruvius, dy't skreau dat de Grykske útfiner Archimedes yn 236 f.Kr. nei alle gedachten de earste lift aller tiden boude. Lettere boarnen fermelde liften dy't makke wiene fan himpen touwen dêr't troch krêft fan minsken of bisten houten platfoarms mei omheech lutsen waarden. Sa hie it Kolosseum yn Rome yn it jier 80 likernôch 25 liften dy't brûkt waarden om wylde bisten út 'e kelders wei nei de arenaflier op te takeljen. Elts fan dy liften koe sa'n 270 kg hâlde en waard oandreaun troch acht sterke manlju.

 
Elisha Otis demonstrearret syn 'feilichheidslift' op 'e wrâldtentoan-stelling yn New York yn 1854.

Yn 'e santjinde iuw waarden der prototypes fan 'e lift ynstallearre yn ferskate paleizen yn Ingelân en Frankryk, wêrûnder it Paleis fan Versailles yn 'e tiid fan 'e Sinnekening Loadewyk XIV, dy't in saneamde "fleanende stoel" bouwe liet om in mêtresse nei syn sliepkeamer te bringen.

De earste lift yn 'e moderne betsjutting fan dat begryp, dy't net oandreaun waard troch minske- of bistekrêft, mar troch steamtechnology, waard yn 1823 boud troch Burton en Homer. Dat wiene twa arsjitekten yn Londen, dy't harren fining oanpriizgen as in aparte toeristyske attraksje mei de namme "stigende keamer". Yn it folgjende desennium waarden de primitive iere troch steam oandreaune liften fierder ûntwikkele. Yn 1846 fûn sir William Armstrong in hydraulyske kraan út foar it laden en lossen yn 'e haven fan Newcastle-upon-Tyne. Dat systeem ferfong al rillegau de steammasine as oandriuwing fan liften.

 
In hal mei trije liften njonken inoar yn in kantoargebou.

Yn 1852 yntrodusearre de Amerikaanske útfiner Elisha Otis de saneamde 'feilichheidslift', dy't it fallen fan 'e koai foarkaam as de keabel briek. Dy fining presintearre er sels yn it Crystal Palace op 'e wrâldtentoanstelling yn New York yn 1854 op dramatyske wize mei in presintaasje wêrby't er syn eigen libben weage. De earste lift fan Otis waard op 23 maart 1857 ynstallearre yn it E.V. Haughwout Building oan Broadway. De earste elektryske lift waard yn 1880 yn Dútslân boud troch Werner von Siemens.

Soarten liften

bewurkje seksje

As men it oer in lift hat, wurdt ornaris in passazjierslift bedoeld, dy't ûntwurpen is foar persoaneferfier. In ekstra flugge passazjierslift wurdt in ekspreslift neamd; yn tige hege wolkekliuwers hat men faak ferskate gewoane passazjiersliften mei dêropta ien ekspreslift foar heechpleatste persoanen. In poadiumlift is in spesjalisearre lift yn in teäter of skouboarch, wêrmei't persoanen of guod út 'e romte ûnder it poadium nei it nivo fan it poadium optild wurde kinne. In transportlift of frachtlift is yn it earste plak bedoeld foar it ferfier fan guod, en pas yn it twadde plak foar it ferfier fan persoanen.

 
In betsjinnings-paniel yn 'e liftkoai.

Transportliften binne yn 'e regel folle grutter as passazjiersliften. In spesjaal soarte transportlift is in autolift; sokke liften binne soms ynboud yn parkeargaraazjes of parkearkelders, hoewol't de wenstige manear om 'e auto dêryn te krijen in omleech of omheech liedende op- of ôfrit is. In soartgelikens type transportlift wurdt op fleandekskippen brûkt om 'e fleanmasinen út 'e hangaar nei it dêroppe leine fleandek te krijen en wer werom.

In hiel spesjaal soarte lift is in paternosterlift, dy't bestiet út in konstant bewegende keatling fan lytse kabines. Dy binne oan ien kant iepen, sadat men deryn stappe kin, en slute fierders ek net ôf. Men moat der dêrom goed om tinke dat men de hannen of oare lichemsdielen net earne tusken kriget. Om't it in keatling is, binne der by in paternoster twa iepenings njonkeninoar nei deselde lift, wêrby't de iene omleech en de oare omheech beweecht.

 
In paternosterlift.

Ferskate apparaten dy't net alle skaaimerken hawwe dy't ornaris mei liften ferbûn binne, wurde dochs wol liften neamd. In treplift is bgl. in stoel dêr't minder falide minsken op plaknimme kinne, om by in trep lâns nei boppen of nei ûnderen beweegd te wurden. In skjirrelift is in platfoarm foar wurk bûtendoar, in soarte fan heechwurker, dy't mei in skjirjende ûnderkonstruksje it platfoarm oant wol tweintich meter heech de loft yn bringe kin.

  • Yn liften wurdt gauris troch lûdsprekkers saneamde liftmuzyk spile. Dat is yn 'e regel neatsizzende muzak, fan itselde type as de muzyk dy't men te hearren kriget as men oan 'e tillefoan earne yn 'e wacht set wurdt.
  • Minsken mei klaustrofoby fine it nimmen fan 'e lift beëangstigjend en beklimme faak mei sin de trep om 'e lift mije te kinnen, ynsafier't dat praktysk is.
  • Ien fan 'e dingen dêr't klaustrofoben fral bang foar binne, is dat de elektrisiteit útfalt wylst se yn 'e lift sitte. Dan kin de liftkoai fêst komme te sitten tusken twa ferdjippings yn. Faak moat men dan wachtsje oant de elektrisiteit der wer op komt of men holpen wurdt troch de rêdingstsjinsten. Foar sokke gefallen is eltse lift tarist mei in alaarmknop of in tillefoan of beide.
  • De Nederlânske horrorfilm De Lift, fan regisseur Dick Maas, út 1983, giet oer in him misdragende lift dy't mei opsetsin minsken begjint dea te meitsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.