[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ymperialisme

Ut Wikipedy

Ymperialisme is it proses dêr 't lannen harren macht yn oare dielen fan de wrâld by útwreidzje wolle troch gebieten te feroverjen en te behearskjen.

Sûnt ein 15e iuw wienen Europeeske lannen al dwaande mei ekspânsje. Foar dy tiid wie der noch sprake fan in oantal lykweardige grutte wrâldbeskavings. Dêrnei naam Jeropa troch har technyske, militêre en ekonomyske oerwicht mear en mear de lieding. Mei troch wikseljende kombinaasjes fan ekonomyske, wittenskiplike en religieuze motiven begûn de Europeeske macht rûnom op ierde fielber te wurden. Oant 1870 wie de Europeeske ynfloed yn Aazje en Afrika noch frij lyts. Europeanen beperkten har ta it stiftsjen fan hannelskoloanjes yn kustgebieten. Se grypten net yn yn de besteande produksjewizen, se dreaunen hannel yn produkten dy't de besteande ynlânske ekonomy fuortbrocht. Ek de politike struktueren lieten se yntakt. Yn de rin fan de 19e iuw wreiden de Europeeske koloanjes har stadichoan út.

Tusken 1870 en 1914 feroare dy efterhâldenheid radikaal. It tempo fan de Europeeske ekspânsje gie dramatysk omheech. Hast heul Afrika, Oseaanje en grutte dielen fan Aazje waarden ûnder Europeesk bestjoer brocht. De Europeanen begûnen harren koloanjes systematysk te eksploitearjen. Se begûnen it meitsjen fan produkten op in moderne ekonomysk manier oan te pakken. Sa ynvestearren se yn de mynbou en plantaazjekultueren as tabak, rubber, sûker, tee en kofje en ferbetteren se de ynfrastruktuer om de produkten makliker te ferhanneljen troch de oanlis fan spoarwegen en havens. Der waarden banken en fersekeringsmaatsjkippijne opsetten en de hoareka ûntwikkele him om Europeanen temjitte te kommen.

Mei it hieltiten groeiende Europeesk koloniaal gebiet waarden de Europeeske ideeën ek hieltiten fierder ferspriede, as earste it Kristendom en it Europeeske rjochtssysteem en op de lange duer fersprieden it humanisme, kommunisme en benammen nasjonalisme har yn de koloanjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: