[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Warren G. Harding

Ut Wikipedy
Warren Gamaliel Harding
Hantekening fan Harding

Warren Gamaliel Harding (Marion (Ohio), 2 novimber 1865San Francisco (Kalifornje), 2 augustus 1923) wie de 29ste Presidint fan de Feriene Steaten.

Yn 1915 waard Harding senator en yn 1920 waard er, as de Republikeinsk gadingmakker, ta 29ste presidint keazen.

Harding syn amtsperioade waard berucht troch de swiere korrupsje, en oare skandalen, dy't oant yn de heechste regearrûnten foarkaam. Dêrneist wie Harding, krekt as syn opfolger, in oertsjûge republikein dy't fan betinken wie dat de oerheid sa min mooglik yngripe moast yn de ekonomy.

Harding krige op in reis troch Amearika in oerhaal en stoar mei 57 jier yn San Francisco foardat syn earste amtsperioade ôfrûn wie. Hy waard opfolge troch syn ficepresidint Calvin Coolidge.

At er net foar de tiid stoarn wie, dan hie de Senaat in impeachment-proseduere tsjin him begûn.

Kabinetsleden ûnder Harding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade Bysûnderheden:
Charles E. Hughes Bûtenlânske Saken 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Albert B. Fall Binnenlânske Saken 1921 - 1923
John W. Weeks Oarloch 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Herbert Hoover Ekonomyske Saken 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge, 31e Presidint fan de FS
Andrew Mellor Finânsjen 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Harry M. Dougherty Justysje 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Henry C. Wallace Lânbou 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Heit fan Henry A. Wallace, Ficepresidint + Minister ûnder F.D.Roosevelt
Edwin Denby Marine 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Will H. Hays Posterijen 1921 - 1922
James J. Davis Arbeid 1921 - 1923 Idem ûnder Coolidge + Hoover
Hubert Work Posterijen 1922 - 1923 Idem ûnder Coolidge
Binnenlânske Saken 1923
Harry S. New Posterijen 1923 Idem ûnder Coolidge
(in) Libbensrin fan Harding
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Warren G. Harding fan Wikimedia Commons.