[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Theodor Storm

Ut Wikipedy
Theodor Storm
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Theodor Woldsen Storm
nasjonaliteit Deensk
Dútsk
berne 14 septimber 1817
berteplak Hüsem (Denemark)
stoarn 4 july 1888
stjerplak Hademarschen (Dútslân)
etnisiteit Noardfrysk
wurk
taal Dútsk
sjenre lit. romans, poëzij
perioade 2e helte 19e iuw
streaming reälisme, naturalisme
bekendste
  wurk(en)
Immensee
Der Schimmelreiter
jierren aktyf 18491888
offisjele webside
www.theodorstorm.co.uk

Theodor Storm (folút: Hans Theodor Woldsen Storm; Hüsem, 14 septimber 1817Hademarschen, 4 july 1888), wie in Dútsk skriuwer, dichter en abbekaat. Syn pro-Dútske hâlding brocht him yn konflikt mei de Deenske autoriteiten yn syn heitelân Sleeswyk, en hy brocht mear as tsien jier yn ballingskip troch. Hy is it bekendst wurden mei syn novellen Immensee en Der Schimmelreiter.

Storm waard yn 1817 berne yn it Noardfryske Hüsem, oan 'e westkust fan Sleeswyk, dat (krekt as Holstein) doedestiden formeel noch in ûnôfhinklik hartochdom wie, dat yn in personele uny mei Denemark ferbûn wie (d.w.s. de Deenske kening wie ek hartoch fan Sleeswyk en Holstein). Syn heit wie de abbekaat Johann Casimir Storm (1790-1874) en syn mem de húsfrou Lucie Woldsen (1797-1879). Storm gie nei skoalle yn Hüsem en Lübeck, en studearre rjochten te Kiel en Berlyn. Wylst er noch studearre, publisearre er al syn earste dichtbondel, mei fersen fan himsels en fan 'e bruorren Tycho en Theodor Mommsen.

It hûs yn Hademarschen, dêr't Theodor Storm syn lêste jierren trochbrocht.

Nei't er yn 1843 syn stúdzje ôfrûne hie, wurke er as abbekaat yn Hüsem, oant him yn 1852, nei ôfrin fan 'e Earste Deensk-Dútske Oarloch, syn foech ûntnommen waard troch de Deenske autoriteiten, fanwegen syn ûnfermoedsoenlike pro-Dútske hâlding. Storm ferfear sadwaande yn 1853 nei Potsdam, yn it Prusyske Brandenburch, en yn 1856 nei Heiligenstadt, yn Tueringen. Yn 'e simmer fan 1864 kaam er yn Baden-Baden, dêr't er nûge wie troch in freon, de skriuwer en skilder Ludwig Pietsch, yn 'e kunde mei de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev. Neitiid briefken se jierrenlang, en stjoerden se inoar eksimplaren fan harren wurk.

Storm kearde pas yn 1865 yn Sleeswyk werom, nei't dat by de Twadde Deensk-Dútske Oarloch ûnder in dield Prusysk-Eastenrykske besetting kommen wie. Hy waard doe in distriktsmagistraat (Landvogt) ûnder it nije bewâld. Yn 1880 sette er him nei wenjen yn Hademarschen, dat justjes mear it binnenlân yn leit (mar noch altyd yn Sleeswyk-Holstein), dêr't er him syn lêste jierren talei op syn skriuwwurk. Yn 1888 kaam er dêr yn 'e âlderdom fan santich jier te ferstjerren oan kanker. Storm wie twaris troud, earst mei Konstanze Esmarch, dy't yn 1864 stoar, en neitiid mei Dorothea Jensen.

As auteur wie Storm wie ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan it post-romantysk reälisme. Hy hat 50 novellen en in dichtbondel skreaun, mei dêryn ferskate bekend gedichten. Syn twa meast ferneamde wurken binne de novelle Immensee (1849) en syn masterwurk Der Schimmelreiter, skreaun yn syn lêste libbensjier 1888. Storm syn wurk kin sjoen wurde as foarútrinnend op 'e nije literêre streaming fan it naturalisme. Hy wurdt wurdearre om syn kombinearjen fan tagonklikens mei djipsinnigens yn syn wurk, dat de measte saneamde Heimatkeunst fan syn tiid te boppe giet.

Der Schimmelreiter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hûs fan Storm yn Hüsem; no Storm-Museum en ûnderkommen fan it Theodor Storm Gesellschaft.

Der Schimmelreiter, dat yn Storm syn bertekrite yn Noard-Fryslân spilet en ek twaris yn it Westerlauwersk Frysk oerset is, ferhellet oer Hauke Haien, in boeresoan, dy't earder as alle oaren fan syn gealju begrypt hoe faai oft de seediken derhinne lizze. Troch ferstân en ambysje bringt Haien it ta dykgraaf. Yn dat amt set er it oanlizzen fan in nije polder mei sterkere diken troch. Hy kriget te meitsjen mei ûnbegryp en tsjinwurking. De striid dy't dêrút fuortkomt, is er mânskernôch foar, mar de see sels makket him úteinlings dochs noch lytsman. De tema's fan it boek binne: de striid tsjin it wetter en it konflikt tusken yndividu en mienskip.

Priuwke fan Storm syn poëzij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Die Stadt (oer Hüsem)
Am grauen Strand, am grauen Meer
Und seitab liegt die Stadt;
Der Nebel drückt die Dächer schwer,
Und durch die Stille braust das Meer
Eintönig um die Stadt.
Es rauscht kein Wald, es schlägt im Mai
Kein Vogel ohn' Unterlaß;
Die Wandergans mit hartem Schrei
Nur fliegt in Herbstesnacht vorbei,
Am Strande weht das Gras.

Bibliografy (in kar)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Scholarly literature, op dizze side.