[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Biltsk

Ut Wikipedy
Biltsk
algemien
eigen namme Bildts
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 8.500 (2009)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Biltsk
dialekten Eastbiltsk, Westbiltsk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3

It Biltsk (Biltsk: Bildts) is in Hollânsk-Fryske mingtaal dy't sprutsen wurdt yn 'e ta de provinsje Fryslân hearrende gemeente It Bilt. It is ûntstien doe't Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, yn 1505 lju út súdlik Hollân hellen om 'e mûning fan 'e eardere Middelsee drûch te lizzen. De Hollanners setten har neitiid op it nije lân nei wenjen en trouden mei Friezen út 'e omlizzende kontreien yninoar om. Mei rekke ek har Hollânske spraak fermongen mei it Frysk, en sûnt hat dy in ûntjouwing kend dy't fierhinne parallel opgien is mei de taalûntwikkeling fan it Frysk. It doarp Minnertsgea, dat op it "âlde lân" lei en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Om 1500 hinne bestie it Bilt út in samling kwelders en slinken dy't earder de mûning fan 'e âlde Middelsee foarme hie. De earste stappen om dy krite drûch te lizzen, waarden set troch Albrecht fan Saksen, dy't yn 1498 de macht yn Fryslân yn 'e hannen krige. Syn beweechredens wiene simpel: Fryslân hied er mar yn lien krigen fan 'e Dútske keizer, mar it Bilt waard him troch de keizer skonken yn erflik eigendom. Dat wie fansels moai, mar salang't it in ûnbewenne woastenije wie, hied er dêr neat oan. Hy moast sjen dat dêr minsken kamen te wenjen, dy't him belesting betelje koene. Troch syn hommels ferstjerren, yn 1500, waard de yndiking lykwols ferskate jierren opholden. Yn 1505 sleaten Albrecht syn soannen en erfgenamten Hindrik en Joaris mei it Burd in ferdrach mei de bruorren Jacob, Floris en Dirk Oem van Wijngaarden en Thomas Beukelaar Simonsz. Dy mannen kamen út 'e omkriten fan Doardt en hiene dêre in protte ûnderfining mei yndiking en ynpoldering. Se brochten in kloft folk mei út súdlik Hollân, foar in grut part polderwurkers, mar ek boeren, en doe't dy mei de drûchlizzing dien wurk makke hiene, setten se har foar it grutste part op it nije lân nei wenjen.

De lokaasje fan it Biltske taalgebiet yn 'e provinsje Fryslân.

It Biltsk giet sadwaande fierhinne werom op it Aldsúdhollânsk dat de polderwurkers yn 'e sechstjinde iuw meinamen út 'e omkriten fan Doardt wei, en mear yn it miene súdlik Hollân. Mei't der fierders ek polderwurkers út West-Fryslân oanlutsen waarden, hat ek it Westfrysk in beskate ynfloed útoefene op it iere Biltsk, wylst it doe en letter sterk beynfloede waard en him fermong mei it Frysk út 'e oangrinzgjende kriten fan wat op it Bilt noch altyd 't Ouwe Land neamd wurdt. Uteinlik ûntstie der sa in mingtaal dy't foar sawol Frysktaligen as Nederlânsktaligen fierhinne nei te kommen is. Oant yn 'e tweintichste iuw bleau it Biltsk op it Bilt de dominante taal; lju út Fryslân dy't harren troch de iuwen hinne op it Bilt nei wenjen setten (yn it Biltsk Oudlanders neamd) pasten harren oan 'e besteande taalsitewaasje oan en begûnen Biltsk te praten.

It Biltsk as skriuwtaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste oerlevere tekst yn in taalfoarm dy't net suver Biltsk is, mar dêr wol hiel sterk nei oerhinget, is it Aantekeningenboek van Dirck Jansz. út omtrint 1600. Dêryn wurde foarmen brûkt dy't no net mear yn it Biltsk foarkomme, lykas merdt foar de moanne "maart" (no: maart) en it efterheaksel -schep, lykas yn blitschep, "blydskip" (no: -skap). Fierders is opfallend dat yn it Aantekeningenboek de [u:] fan "drúf", de [œ] fan "put" en de [ø:] fan "reus" skreaun (en dus blykber útsprutsen) wurde as de [i:] fan "wiid", resp. de [ɪ] fan "pit" en de [e:] fan "leed". Dat ferskynsel wurdt yn 'e taalkunde ûntrûning neamd, mei't fokalen dy't mei rûne lippen útsprutsen wurde, ferfongen binne troch guon dy't sûnder rûne lippen útsprutsen wurde. Foarbylden út it Aantekeningenboek binne deer, "doar" (no: deur) en bijertdt, "buert" (no: buurt). Untrûning komt noch altyd foar yn beskate Westfryske dialekten; sa sei men yn it no útstoarne Flylânsk fan iis hiis foar "ús hûs" en yn it Egmondsk seit men derp foar "doarp".[1]

De earste literêre publikaasjes yn it Biltsk wiene fan 'e hân fan 'e grutte Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914), dy't yn Froubuorren berne wie. Syn grutte wurken skreau er lykwols yn it Frysk; sûnt de tachtiger jierren fan 'e tweintichste iuw binne dy allegearre nei Biltsk ta oerset. Mar nettsjinsteande it wurk fan Dykstra en oare iere Biltske skriuwers, wie it Biltsk oant likernôch 1940 ta dochs fral in sprektaal, dêr't gjin fêste stavering foar bestie.

In grinspeal fan it Bilt mei it "âlde lân" fan Westergoa.

Tusken 1940 en 1950 lei Hotze Sytses Buwalda (1915-1994) út Westhoek de basis foar it Biltsk as skriuwtaal. Sa sette er yn in artikel yn Us Wurk, it tydskrift fan it Frysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins, sekuer útinoar hoe't it Biltsk stavere wurde moatte soe. Yn syn fisy wiene der dêrby twa grûnregels: yn it foarste plak moast de Biltske stavering sa ticht mooglik by dy fan it Nederlânsk bliuwe en dêrnjonken moast men út it skreaune Biltsk dúdlik de útspraak opmeitsje kinne. Om fral dat lêste te bewurkmasterjen, stelde Buwalda de ynfiering fan in hiele rige lûden mei diakrityske tekens foar (â, è, ê, î, ô, û, en ú), om't it Biltsk no ien kear oer folle mear ferskillende lûden beskikt as it Nederlânsk.

Yn 1953 kaam der foar it earst in Biltsk lêsboek foar de legere skoallen: Fan de Bildtse Grônd. Yn 1962 waard Hoe skrive wij in 't Bildts útjûn, dat in popularisearre ferzje fan Buwalda syn artikel oer de Biltske stavering wie. Yn deselde tiid wie men by de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy't harsels beskôget as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân, begûn mei it tarieden fan in Biltsk wurdboek. Oan it haad fan dat projekt stie wer Hotze Sytses Buwalda, dy't sûnt 1940 in meiwurker fan 'e Fryske Akademy wie. Doe't dyselde yn 1970 mei pinsjoen gong, bleau al it tariedende wurk foar it Biltske wurdboek foarearst lizzen, sawol om't de Fryske Akademy der gjin spesjalist mear foar hie, as om't der op dat stuit gjin jild foar wie. It duorre oant 1987 foar't de bal wer oan it rôljen kaam. Tsjin dy tiid wie it Amelânske wurdboek ree en it Ljouwerter wurdboek fierhinne klear, dat dêrnei koe it Biltske oanpakt wurde. Yn gearwurking mei û.o. de Stichting Ons Bildt kaam it wurk dan einlings en te'n lêsten ôf en koe yn 1996 it mânske, goed achttjintûzen wurden tellende Woordeboek fan 't Bildts publisearre wurde.

Ikkers op it Bilt, mei op 'e eftergrûn Nijebiltsyl.

Neitiid wurke redakteur Sytse Hotzes Buwalda (de soan fan) fyftjin jier oan in nije edysje fan it wurdboek, dat der úteinlik kaam ûnder einredaksje fan Hindrik Sijens fan 'e Fryske Akademy. It hie oarspronklik yn 2010 ferskine moatten, mar der ûntstie opûnthâld troch ûnienichheid tusken Buwalda en de Stichting Ons Bildt, dy't úteinlik sels late ta in brek tusken dy beide partijen. De nije edysje kaam der wol, mar waard troch Buwalda yn eigen behear útjûn, en wie doe fyftjin euro djoerder as dat hoecht hie. Likegoed fûn op 15 novimber 2013 de presintaasje op swide wize plak yn 'e Groate Kerk te Sint Jabik. De nije edysje telde 22.000 lemma's, mei dêrûnder neologismen, lykas kompjûtertermen, en teffens omfieme it de staveringsgids Hoe Skrive Wy in 't Bildts?, dy't û.m. oandacht besteget oan klamtekens op 'e wurden, meartallen en ferlytsingsfoarmen.

Buwalda ferfolmakke syn beskriuwing fan it Biltsk mei twa lytse taalgidsen: de Woordenlijst Nederlands-Bildts (mei't it Woordeboek fan 't Bildts inkeld fan it Biltsk nei it Nederlânsk oerset), en de Grammatica van het Bildts. Dy boekjes kamen yn 2022, resp. 2023 út by de nije, mei troch Buwalda sels oprjochte útjouwerij De Bildtse Boekerij. Dêr waard ek de nije edysje fan it Woordeboek fan 't Bildts by ûnderbrocht.

Biltsk en Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid hawwe de Bilkerts harren ôfset tsjin 'e Friezen en it Frysk, wylst de Friezen delseagen op 'e Bilkerts en it Biltsk. Yn 1980 kaam dizze lytse taalstriid ta in klimaks, mei't doe it Frysk in ferplichte fak waard op 'e basisskoallen yn Fryslân. Op it Bilt wie dêr safolle ferset tsjin, dat de Stichting Ons Bildt oprjochte waard, om foar de belangen fan 'e Bilkerts en it Biltsk op te kommen as wjergader fan 'e Ried fan de Fryske Beweging. Nei in ferheftige krêftmjitting kaam der in kompromis: it Frysk waard in ferplichte fak op 'e skoallen, mar net-Frysktalige gemeenten koene ûntheffing oanfreegje en dan ynstee fan it Frysk de eigen taal ûnderwize. Dêrta waard de Kemissy Bildts ("Kommisje Biltsk") oprjochte, dy't derfoar soarge moast dat der lesmateriaal foar it Biltsk kaam.

It iroanyske is, dat de Bilkerts, nei har jierrenlang tsjin it Frysk ôfset te hawwen, ynseagen dat der mear te winnen wie mei gearwurking en dat de Stichting Ons Bildt, dy't oprjochte waard om it wurk fan 'e Ried fan 'e Fryske Beweging te bestriden, ûnderwilens ien fan 'e lidorganisaasjes fan dyselde Ried wurden is. Dêrtroch hat de Ried him ek ta ynset foar it Biltsk ferplichte. En sa koe it dat de Ried foar de Fryske Beweging der by it Nederlânske regear op oanstien hat om it Biltsk as minderheidstaal erkend te krijen, mei in gelikense wetlike status as it Frysk, it Nedersaksysk en it Limburchsk. Spitigernôch hat dat om 'e nocht west. Sa't Henk Kas, lid fan 'e Kemissy Meertalighyd, it ferwurde: "Bildts en Frys naast nander. Metnander werke an 't behouwen fan kultuur en mimmetaal. Neffens mij kin 't niet mooier."

It wapen fan it Bilt, op 'e gevel fan it gemeentehûs te Sint Anne.

De hjoeddeistige taalsitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de ein fan 'e 1970-er jierren hat it Biltsk tige oan status wûn. Dat komt net yn it lêste plak trochdat de gemeente It Bilt sûnt de iere jierren tachtich stadichoan úteinset is mei it aktyf befoarderjen fan 'e eigen taal. Sa waard om 1980 hinne yn 'e Biltske gemeenterie noch útslutend Nederlânsk sprutsen, wylst in goede tsien jier letter eins alle leden, ynklusyf de boargemaster, Biltsk praten, útsein fansels de Frysktalige Minnertsgeasters. Fierders binne der twa lokale partijen, de Werkgroep Het Bildt en de Frije Bilkerts, dy't opkomme foar de Biltske taal en kultuer en oare Biltske belangen.

Bûten it bestjoerlike mêd hat de Stichting Ons Bildt, dy't subsidiëarre wurdt troch sawol de gemeente as de provinsje, sûnt syn oprjochting in berch wurk ferset. Sa ferskynden der allinnich al tusken 1980 en 1993 tritich Biltsktalige boeken, wat in protte is foar sa'n lyts taalgebiet. Dêrûnder wiene romans, gedichtebondels, skiednisboeken, berneboeken, skoalboeken, fotoboeken en it folsleine oeuvre fan Waling Dykstra. Fierders waarden der winskkaarten, kalinders en tegels en boarden mei Biltske spreuken útbrocht. En boppedat jout de stifting healjierlikse kursussen Biltsk, sawol foar Biltsktaligen as net-Biltsktaligen, en teffens kursussen Biltske skiednis jûn.

Komboerd fan 'e útbuorren Westhoek.

De Kemissy Bildts hat yn 1999 syn namme feroare yn Kemissy Meertalighyd ("Kommisje Meartaligens") en giet noch altyd troch mei it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar de legere skoallen yn 'e gemeente. Sa waard yn 2000 it lêsboek Din Din Doasy (sis mar "Hop Hop Hynke") oan 'e skoallen oanbean, dêr't yn it Biltsk oersette ferhalen en rymkes foar bern yn steane, dy't Fryske skriuwers spesjaal dêrfoar skreaun hiene. De Kemissy Meertalighyd, dy't krekt as de Stichting Ons Bildt finansjeel stipe wurdt troch gemeente en provinsje, wurket trouwens op allerhanne mêden hieltyd nauwer gear mei de Afûk, dy't foar it Frysk itselde wurk ferrjochtet. In nije opdracht foar de Kemissy is, sûnt 1999, it advisearjen fan 'e gemeente oer hoe't der yn 'e praktyk it bêste omgien wurde kin mei de trijetaligens (Biltsk-Frysk-Nederlânsk) op it Bilt.

Yn 2015 waard op inisjatyf fan 'e gemeente It Bilt de Stichting Bildts Aigene oprjochte, in koepelorganisaasje dêr't de Stichting Ons Bildt, it Bildts Dokumintasysintrum, it kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats en de Kemissy Meertalighyd yn feriene binne.

Wat it gebrûk fan it Biltsk yn 'e media oangiet, moat der fêststeld wurde dat der yn 'e skreaune parse hieltyd mear Biltsk brûkt wurdt, fral yn 'e pleatslike krante De Bildtse Post, dy't bestie fan 1935 ôf, mar der lykwols yn 2021 ûnder strûpte. Yn it plak dêrfan kaam neitiid in hûs-oan-hûsblêd mei deselde namme. Dêryn waard ek wol Biltsk skreaun, mar net sa'n protte, noch fan itselde nivo as yn syn foargonger. Underwilens wurde Biltsktalige famyljeberjochten yn 'e regionale deiblêden (Ljouwerter Krante, Frysk Deiblêd) almar gewoaner. Yn 2022 ferskynde fan 'e hân fan Gerard de Jong de earste roman yn it Biltsk, ûnder de titel Blau fan Dagen, Griis fan Ônrust.[2] Fierders is der in lokaal radiostasjon, Radio Eenhoorn, dat behalven it Bilt ek de gemeente Menameradiel betsjinnet. Op dy stjoerder binne faak Biltsktalige of alteast foar in part Biltsktalige programma's te hearren. Op 'e regionale radio en tillefyzje, krekt as yn 'e rest fan Fryslân fersoarge troch Omrop Fryslân, wurdt lykwols mar komselden Biltsk praat. Wol binne der op it Bilt fiif amateurtoanielferienings, wêrfan't teminsten twa tsjintwurdich alle jierren in stik yn it Biltsk opfiere.

It Biltsk genietet yn 'e provinsje Fryslân in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal, mar as "streektaal". Yn dy hoedanichheid wurdt it Biltsk û.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004, as in taalfoarm wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat. Yn 'e eardere gemeente It Bilt hie it Biltsk in semy-offisjele status, wat him û.m. utere yn it gebrûk fan it Biltsk yn 'e gemeenteriedsgearkomsten, al kitste de ynfiering fan offisjele, Biltsktalige plaknammen yn 2013 en nochris yn 2017 ôf. Yn 2018 gie It Bilt by in gemeentlike weryndieling op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke. Op nasjonaal nivo genietet it Biltsk yn Nederlân gjin inkele erkenning; it besykjen om in selde status (fan erkende minderheidstaal) foar it Biltsk te krijen dêr't it Frysk ek oer beskikt, hat oant no ta om 'e nocht west.

De Nijebiltdyk.

Neffens gegevens út 2009 waard it Biltsk doe op it Bilt noch sprutsen troch likernôch 3.600 minsken,[3] wat delkomt op sa'n 33% fan ynwenners fan 'e gemeente (mei dêrby it Frysktalige Minnertsgea meirekkene, wat it byld fansels wat fertekenet). Bûten it Bilt, yn 'e rest fan Fryslân, libje nochris 3.700[4] Biltsksprekkers, benammentlik konsintrearre yn oangrinzgjende Fryske doarpen as Stiens en Berltsum, en teffens yn Ljouwert.

De Bosatlas van Fryslân jout per Fryske gemeente de persintaazjes memmetaalsprekkers fan 'e ferskillende talen, ôfrûne nei folle prosinten (dus inkeld ynsafier't de persintaazjes memmetaalsprekkers 0,5% of heger binne). Dêrneffens is 3% fan 'e befolking fan Menameradiel Biltsktalich, 2% fan 'e befolking fan Ferwerderadiel, Frjentsjerteradiel, Ljouwert en Ljouwerteradiel, en 1% fan 'e befolking fan Boarnsterhim, Littenseradiel en Tytsjerksteradiel. Allinne al foar Ljouwert komt dit omrekkene út op goed 1.850 Biltsksprekkers en foar Menameradiel bgl. op in 410 Biltsktaligen.

Fierders sille der om utens, ferspraat oer de rest fan Nederlân nei in behâldende skatting grif nochris 1.000 Biltsksprekkers libje. It sprekkerstal fan it Biltsk yn Nederlân leit dêrom op 8.300. Dêrby moat noch oantekene wurde dat der ûnder de grutte stream emigranten dy't Fryslân tusken de fjirtiger en sechstiger jierren fan 'e foarrige iuw ferliet, ek grif Bilkerts west hawwe moatte, dat de taal sil ek yn lannen as Kanada, Austraalje en Nij-Seelân hjir en dêr noch troch ienlingen en yn famyljefermiddens sprutsen wurde. Sadwaande kin steld wurde dat it totale sprekkerstal fan it Biltsk wrâldwiid om ende by de 8.500 lizze moat. Mei't in grut part fan dy sprekkers ta de âldere generaasjes hearre, sil it mei it Biltsk foarearst sûnder mis efterút gean. Ek al om't it ôfstjerren fan 'e âlderein net it iennichste probleem fan it Biltsk is. Wurdboekgearstaller Sytse Hotzes Buwalda sei datoangeande: "'t Fâlt my nag met dat 't Bildts al soafeer kommen is." En: "De delgang likent him de leste jaren te stabiliseren. Doch sien ik soms nag Bildtstalige ouweloi, die't hur kines in 't Nederlâns opfoede. 't Is 'n ândere tijd."

Klanklear en wurdskat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sinsbou fan it Biltsk komt benammentlik oerien mei dy fan it Frysk, dus bygelyks "sien late" ("sjen litte") yn tsjinstelling ta it Nederlânske "laten zien". Dat nettsjinsteande dat fierwei it grutste part fan 'e wurdskat ôfkomstich is út it Aldsúdhollânsk. Wol binne der fansels guon lienwurden út it Frysk, lykas "hait" ("heit"), "faint" ("feint") en "stoit" ("stuit", yn 'e betsjutting fan "momint").

De gemeente It Bilt (sûnt 1984). It grize diel is it "âlde Bilt", dêr't Biltsk sprutsen wurdt, mei de beide dialekten Eastbiltsk en Westbiltsk. It rôze diel is it Frysktalige Minnertsgea, dat by de gemeentlike weryndieling fan 1984 oan it Bilt tafoege is.

Klanken yn wurden as blaik en steen tsjutte op it Súdhollânsk komôf fan alteast in diel fan 'e oarspronklike polderwurkers, mei't dy klanken oerienkomme mei it Súdhollânsk fan 'e omkriten fan Doardt, wylst oare Hollânske en Fryske dialekten bleek en stien jouwe. Mar by Doardt om seine se ek fan nieuw en boter, wylst it Biltsk dêrfoar nij en butter hat. Dêrút sprekt nei alle gedachten de ynfloed fan it Eilânwestfrysk fan Wieringen.[5]

It Biltsk beskikt oer twa lûden dy't net yn it Frysk foarkomme:

  • de lang oanholden nasalisearre i fan "pit", lykas yn "mîns" ("minske") en "prevînsy" ("provinsje")
  • de lang oanholden u fan "put", lykas yn "brûg" ("brêge") en "gûnst" ("geunst"). Dit hat wol wat fan it Fryske twalûd "eo" fan "freon"),

Spitigernôch moat fêststeld wurde dat in grut part fan it Biltske taaleigen oan it ferdwinen is. Wurden lykas "bes" ("pake"), "klots" ("mûtse") en "kússy" ("kokeal") wurde tsjintwurdich hast net mear brûkt.

Yn earder tiid skynt de sprektaal yn 'e ferskate Biltdoarpen, Sint Jabik, Sint Anne, Froubuorren en Aldebiltsyl, nochal wat ferskild te hawwen. It measte dêrfan is letter weirekke; dat wol sizze dat de dialektfarianten faak noch wol besteane, mar dat net mear te efterheljen is oft se foarhinne útslutend yn ien doarp brûkt waarden.

Wol bestiet der hjoed de dei in lyts, mar frij dúdlik waarnimber dialektferskil tusken it Westbiltsk, dat benammen sprutsen wurdt yn 'e doarpen Westhoek en Sint Jabik, en it Eastbiltsk fan Froubuorren en Aldebiltsyl. Sint Anne en Nij-Altoena nimme dêrby in oergongsposysje yn. Dit ferskil komt lykwols net fuort út 'e âlde doarpsdialekten, mar út it feit dat de ynfloed fan it Frysk yn it easten fan it Bilt iuwenlang folle sterker west hat as yn it westen. Sadwaande wurde der yn it easten dus mear Fryske foarmen brûkt as yn it westen.

  • Bildts (in priuwke fan it Biltsk)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P., Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264, s. 72-73.
  2. Haagsma, Jacob, Rokky en Slippy, yn: de Ljouwerter Krante, 9 desimber 2022, taheakke Freed, s. 8-9.
  3. De Bosatlas van Fryslân, side 250.
  4. De Bosatlas van Fryslân, side 228-289.
  5. Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P., Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264, s. 71-72.

Boarnen

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)