[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ternaard

Ut Wikipedy
Ternaard
Grutte Tsjerke
Grutte Tsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.310 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,42 km², wêrfan:
- lân: 10,39 km²
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 125 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 5° 57' E
Offisjele webside
ternaard.nu
Kaart
Ternaard (Fryslân)
Ternaard

Ternaard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Ternaard leit noardlik fan Hantum, eastlik fan Holwert, westlik fan Wierum en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Ternaard 1.310 [2] ynwenners. De doarpskearn leit om de krusing fan de Aldbuorren (N358), Stasjonswei, Holwerterdyk (N358) en de Opslach.

De buorskippen Teyebuorren, Fiskbuorren, Fiifhuzen en It Skoar (gruttendiels) hearre ek by Ternaard. Earder hearde Trijeboerehuzen (doe mei de namme Uylsmahorn) ek by Ternaard.

Hoe't Ternaard krekt ûntstien is, is net dúdlik. It koe in terpdoarp wêze, om't der al terpen west hawwe, mar dat kinne ek terpen west hawwe dêr't mar ien pleats op stie. Ek falt op dat wêr yn guon terpdoarpen it tsjerkhôf heech boppe it lân leit, it tsjerkhôf fan Ternaard hast net boppe it meanfjild útkomt.

It komôf fan de namme is ek net wis. De earst skreaune namme wie 'Tunenfurt' yn de earste Fuldalist (twadde helte 8e iuw). Letter waarden ek noch de nammen Tunawert, Thunewerd, Tonauwer, Tijnnawerdt, Tennaard en Tonnaard brûkt. It earste part, 'Tunen' kin fan mear as ien namme ôflaat wêze. Der wurdt tocht aan de Germaanske god Thonar of Donar. Mei de wurden furt, wert en werdt waard terp bedoeld. In mooglikheid is ek dat it komt fan de flaainamme Tonne of Tonno foar Antonius.

Eardere plysjeburo (lofts), eardere pastorij fan de herfoarme tsjerke (midden) en earder gemeentehûs fan West-Dongeradiel (rjochts), 1981

Ternaard wie earder it haadplak fan de gritenij West-Dongeradiel en nei de gemeentewet fan 1851 fan dy gemeente. Ternaard hie de twadde stim yn de gritenij mei 45 stimmende pleatsen. It belang fan it doarp blykt der ek út dat de Aylva's benammen yn Ternaard mear as ien state hienen.'

Nei de weryndieling fan 1984 lei Ternaard yn de gemeente Dongeradiel, dêr't Dokkum it haadplak fan waard. Sûnt 2019 leit Ternaard yn de gemeente Noardeast-Fryslân

De skeane wite streep is ôflaat fan it âlde wapen fan West-Dongeradiel. De stjer jout oan dat it plak in haadplak wie en de Frânske leelje komt út it wapen fan de Aylva's. Harren slot Herwey hat by Ternaard stien. Yn it eardere gemeentehûs hinget in portret fan baron Hans Willem fan Aylva (1633-1691) fan Ferdinand Bol.

De Wikipedy hat ek in side Grutte Tsjerke (Ternaard).
It oarlochsmonumint by de tsjerke

Der is wol tocht dat de eardere tsjerke fan Ternaard yn de tsjintwurdige buorskip Fiskbuorren stien hat en dat der, fanwegen it gefaar fan de Waadsee, doe fierderop in nije tsjerke boud is, mar bewiis is der net. Yn de 15e iuw wurde pastoars út Ternaard neamd en Ritske Jelmera (Cammingha) seit yn syn testamint út dy tiid dat er dêre doopt is. Se nimme dêrom oan dat der om 1400 hinne al in wichtige tsjerke west ha moat.

De tsjerke, sa't dy der no stiet, is yn de 16e iuw boud yn letgoatyske styl. De toer, yn dekorative eklektisistyske styl, is der yn 1871 kommen, nei't ferskate reparaasjes oan de âlde it ferfal net mear keare koene.

De tsjerke hat in midden-17e-iuwsk ynterieur. Om de preekstoel, mei snijwurk fan Durk Embderveld, is it fjouwerkant mei in koperen doopbôge. Opfallend is de grutte hearebank fan de Aylva's.

Om 1660 hinne krige de oargelbouwer Arnold Bader de opjefte om in oargel foar Ternaard te bouwen. Nei syn ferstjerren hat syn soan Tobias it wurk ôfmakke. Wa't de opdrachtjouwer west hat is net wis. Wol moat it in Aylva west hawwe: Op de balustrade steane 32 wapens fan de foarâlden fan de stifter.

Yn 1864 krigen L. van Dam & Zn. de opjefte om in oargel nei de moade fan dy tiid te bouwen. Lokkigerwize is de kast fan it eardere oargel bewarre bleaun. Yn 'e rin fan de tiid binne ek yn it oargel fan Van Dam wer feroarings oanbrocht.

De twa liedklokken binne makke troch Jacob Noteman en Petrus Overney (1675).

De grifformearde tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grifformearde tsjerke út 1921 is in ûntwerp fan Ane Nauta.

De minniste gemeente fan Ternaard is gearfoege mei dy fan Holwert. It gebou is bestean bleaun. Der waarden oant novimber 2007 Bibelske printen útstald yn dit 'bibelmuseum'. Nei 2007 is it tsjerkegebou omboud ta in wenhûs.

Stasjon Ternaard hjoed-de-dei

Ternaard hat in treinstasjon hân oan de eardere spoarline Ljouwert - Eanjum. It stasjon waard iepene op 2 oktober 1901 en waard sletten foar passazjiers yn de lêste moanne fan 1940, dêrnei is it noch foar frachtferfier brûkt.

Aylvastate lei yn it doarp súdeastlik fan de tsjerke oan de Nesserwei.

Yn 1658 waard de Aylvastate boud troch Douwe fan Aylva foar syn soan Ernst Sicco fan Aylva. Dy kaam op it plak, dêr't de buorkerij "De Spyker" stie, justjes eastlik fan de tsjerke. De namme "Spyker" is in ferbastering fan it Latynske spicarium, dat nôtskuorre betsjut.

It gebou waard yn 1882 sloopt en gau dêrnei waard der in moderne notariswente boud dy't “Aylva Slot” neamd waard. Nei't dy wente ek ôfbrutsen waard, waard der letter in fersoargingshûs op it plak boud mei de namme “De Spiker”.

Helbadastate lei fier súdlik fan it doarp by de krusing fan de Hantumerwei en Seepmawei.

Wannear't Helbadastate boud waard, is net bekend. Wol is bekend dat it yn 1718 beskreaun waard as in "moaie bourkerij". Om 1980 hinne stie dêr in buorkerij mei de namme Helbada. Yn 2010 waard der in modern wenhûs boud.

Herweystate lei krekt súdlik fan de Nijbuorren; oan de Stasjonswei.

Herweystate waard nei alle gedachten yn de 15e iuw boud. Hy waard foar it earst neamd yn 1425. Herweystate wie ien fan de wichtige staten yn Ternaard. De state waard yn 1818 ôfbrutsen en der stiene doe 2 hûzen en in skuorre. Der waard in nij hûs op it plak boud troch in notaris út Dokkum. Dat hûs waard yn 1894 ek wer ôfbrutsen. Nei de lêste sloop waard it terrein ferkavele. Begjin 20e iuw waard it treinstasjon fan Ternaard op in part fan it terrein boud.

Peymastate lei fier eastlik fan Ternaard yn in Ternaarder eksklave yn de himrik fan Hantumhuzen.

De state ûntstie yn de 16e iuw. It terrein fan Peymastate wie wol 35 hektare grut. De state waard bewenne troch de famylje Fan Peyma. It grutte terrein fan de state waard letter ferdield oer ferskillende famyljes. Yn 1832 waard de state ôfbrutsen, mar it terrein bleau by de himrik fan Ternaard hearren. Nei in weryndeling nei 1930 kaam it terrein by de himrik fan Hantumhuzen.

Reinsmastate lei yn it midden fan it doarp op in hûsterp westlik fan de tsjerke.

De state waard foar 1400 boud. Tusken 1400 en 1624 hat der op it plak fan de Reinsmastate in stins, hûs, skuorre en plantaazje stien. Yn 1624 waard it ferkocht en nei alle gedachten tusken 1624 en 1698 ôfbrutsen omdat der yn 1700 sprutsen waard oer in "prachtbourkerij".

It lân fan Reinsmastate lei yn Ternaard oan de râne fan it doarp dat eins pastorijgoed west hawwe soe. It is dus mooglik dat Reinsmastate der earder stien hat as de tsjerke.

Yn Ternaard stiene ek noch Oenemastate, Sibetsmastate en Ydlaardstate, mar oer dy 3 staten is net in soad bekend.

Wol is der bekend dat Sibetsmastate en Ydlaardstate oan It Skoar stien ha, noardlik fan it doarp.

Ternaard doetiids

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ternaard hat in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn Doarpshûs Tunawerth. Yn Ternaard is in pjutteboartersplak, in basisskoalle en in húsartsepraktyk. Der is ek in bustsjinst nei Dokkum en Ljouwert.

Alle strjitten yn Ternaard.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje