[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Blije

Ut Wikipedy
Blije
Haadstrjitte
Haadstrjitte
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 840 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 12,73 km², wêrfan:
lân: 12,67 km²
wetter: 0,06 km²
Befolkingsticht. 65 ynw./km²
Oar
Postkoade 9171
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 5° 51' E
Offisjele webside
Side fan Blije
Kaart
Blije (Fryslân)
Blije

Blije is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Blije leit noardlik fan Ginnum, noardeastlik fan Ferwert, westlik fan Holwert en besuden de Waadsee. Blije hat 840 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit by it sa neamde ‘pleintsje’, by de krusing fan de Unemastrjitte, Haadstrjitte, Farrewei, Foarstrjitte en Stasjonswei.

De buorskippen Boatebuorren, Farebuorren en Easterbeintum hearre ek by Blije. Earder hearde Tsjissebuorren ek by Blije, mar dy buorskip bestiet net mear.

De âldst bekende namme fan it doarps is 'Blytha' yn de 13e iuwske libbensbeskriuwing fan abt Freark fan Hallum(† 1173). De betsjutting fan Blytha soe wêze: Doarp yn 't slyk. Oaren tinke oan "Blij" (rêstich) en "a" (wetter), doarp oan rêstich wetter. Neffens in oare ferklearring betsjut de namme blinkend slik.[3]

Koarte skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldst bekende grytman fan Ferwerderadiel hiet Tjaard fan Blije.

De tsjerke en it tsjerkhôf lizze op in tige lege terp. De âlde bebouwing fan it doarp leit wat ôfsidich fan de tsjerke oan in krúspunt fan wegen nei Holwert, Ferwert en ferspraad lizzende states. Oan dy diken is de measte bebouwing ûntstien. By dat krúspunt wie it haventsje fan de Blijer Feart. Op in ôfgroeven terpke leit Farebuorren oan de Blijer Feart dat op de Schotanuskaart fan 1684 al foarkomt.

Alear stie Blije bekend foar syn flaaksbou. Der waard wol sein dat der yn Blije foar it earst mei begûn wie. Teffens wie der in sûkereifabrykje dat yn 1927 tekene is troch Ids Wiersma.

Sûnt 2019 leit Blije yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Foar dy tiid lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.

De herfoarme tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Nikolkaastsjerke
De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Blije).

De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Nikolaas. De toer moat yn 'e 13e iuw boud wêze. Yn 1741 is er ferhege of is der in nij sealtek opsetten. De letgoatyske tsjerke moat om 1540 hinne boud wêze as in ferfanging fan in eardere tsjerke. It meubilêr stamt út de 18e iuw. Yn de tsjerke lizze in pear sarken út de renêssânse. Dêrûnder falt ek de portretsark fan Vincent Lucas.

Blije hat fjouwer stinzen hân: Aebinga State (Blije), Unema State, Scheltemastate en Monsma State. Fan de lêste twa is neat mear bekend. Fan Aebinga is bekend dat yn 1510 Sjoerd fan Aebinga troud is mei Beits Humalda. Sûnt dy tiid neamden se harren Aebinga fan Humalda. It slachte is útstoarn mei Idsert Aebinga van Humalda (1754-1834). Aebinga van Humalda wie yn 'e geunst by kening Willem I en sa waard er gûverneur fan Fryslân. Hy hie niget oan de Fryske taal.

Fan de Unema's is Janko fan Unema bekend. Hy hat him tige ward tsjin de Saksers en Karel V. Grutte Pier hat him sels noch ris út syn finzenskip befrije moatten. Letter hat er him ûnderwurpen oan Karel V. Dy betroude it net hielendal en hat Unema earst mar ris in skoft fêst setten. Yn 1547 binne de Unema's útstoarn en in Unema State yn hannen fan de Aylva's kommen. Ek dizze staten binne ôfbrutsen. It plak fan Aebinga en Unema is noch oan te wizen.

Blije Bûtendyks

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Blije hie it wetterskip "Blije Bûtendyks" in kantoar. Dat wetterskip wie it lytste fan Fryslân (en Nederlân) en hie sa'n 100 hektare lân oan de waadkant fan it doarp.

Under Blije falle Farebuorren (oan de Blijer Feart), Easterbeintum en Boatebuorren. It doarpsfeest mei optocht wurdt organisearre troch de Aktiviteitekommisje.

Monumintsje "Blijer Bellefleur" (Frans Ram)

In ynwenner fan Blije wurdt Blijer of Blijster neamd. Blijers waarden eartiids foar "Blijer Bellefleuren" útskolden. De namme Blijer bellefleur is ferbûn oan in apelras dat yn Blije tylt waard. It apelras ferdwûn yn de 20e iuw, mar is fan âld intmateriaal op 'e nij kweekt.[4] Yn 2015 waarden yn it ramt fan it opfleurjen fan it doarp yn it sintrum in tal Bellefleur-fruitbeammen plante.[5] In keunstwurk fan Frans Ram betinkt de eartiidske tylt fan de Blijster bellefleur.[6]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 1744 wiene der 472 ynwenners. Van der Aa komt om 1840 hinne op 990. De "Ensyklopedy fan Fryslân" (1958) jout 1250 oan, op 1 jannewaris 2014 wiene dat 839 ynwenners. It ynwennertal fan Blije hat te lijen hân fan jimmeroan minder wurk yn 'e lânbou.

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2005 2008
Ynwenners 1228 1184 1103 1028 1065 850 870
Jier 2015 2020
Ynwenners 835 845

Tsjerklik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blije hat trije tsjerken:

Blije hie eartiids ek in Fermanje. Dy tsjerke is yn 1935 sletten, mar likernôch trijefearn fan it gebou bestiet noch. Yn 1835 is der troch Hendrik de Cock in ôfskieden gemeente oprjochte, dy't yn 1843 gearfoege is mei dy fan Ferwert. Yn 1860 is der wer op 'e nij in ôfskieden gemeente oprjochte. Dy is letter wer opgien yn de Grifformearde Tsjerken. Sûnt 1946 is der yn Blije ek in Frijmakke Grifformearde Tsjerke. In protte foarmannen fan de frijmakken kamen út Blije of hienen dêr bannen mei.

Farrewei

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it doarp rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Frysk Kustpaad neamd. De E9 rint bylâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten.

Alle strjitten yn Blije.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje