[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Populaasje (biology)

Ut Wikipedy

In populaasje is op it mêd fan biology en ekology in kloft organismen fan deselde soarte, dy't libje yn deselde tiid en itselde habitat, en dy't har dêrom (yn teory) mei inoar fuortplantsje kinne. De populaasjegrutte hinget ôf fan trije dingen. Yn it foarste plak is der de fruchtberens en it bertesifer: it tal neikommelingen per yndividu. Oard de mortaliteit, te witten: de ôfname fan it tal yndividuën yn in beskaat tiidsbestek troch stjerte. En trêd migraasje: de útwikseling fan yndividuën mei oare populaasjes fan deselde soarte troch ymmigraasje (it ynkommen fan nije yndivuën fan bûten ôf) en emigraasje (it útgean fan yndividuën nei bûten ta).

Al dy eleminten binne ôfhinklik fan 'e populaasjetichtens en wurde regulearre troch bioatyske faktoaren lykas de oanwêzigens fan iten, de oanwêzigens fan rôfdieren en it foarkommen fan sykten, en teffens troch abioatyske faktoaren, lykas de minimum- en maksimumtemperatuer, de hoemannichte delslach en de doer fan 'e sniebedekking winterdeis.

De grutte fan in populaasje kin yn 'e rin fan 'e tiid fariëarje, mar by in sûne populaasje heart de grutte op 'en langen doer om in beskaat lykwicht hinne te skommeljen. Wannear't dat net sa is en de populaasje in delgeande trend fertoant om't it tal yndividuën dat der diel fan útmakket stadichoan lytser wurdt, bestiet it risiko dat de populaasje lang om let sa lyts wurdt dat er langer net libbensfetber is útstjert. Oarsom kin it ek foarkomme dat in populaasje in opgeande trend fertoant en oanhâldend yn yndividuën tanimt. Dat liket posityf, mar it is in teken dat der wat mis is mei it ekosysteem, spesifyk it ûntbrekken fan effektive predaasje. Uteinlik sil de populaasje sa grut wurde dat it ekosysteem it tal yndividuën net mear drage kin, wat ta in grutte stjerte liede sil troch te min iten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.