Perihelium
Appearance
It perihelium, út it Latyn, fan peri ("tichtby") en helios ("Sinne"), is it plak yn de omrin om de Ierde wat it tichtst by de swiertepunt fan de Sinne leit. Op dat stee fan de omrin, tichteby dat fan de Sinne, is de faasje fan de Ierde it heechst. It perihelium fan de Ierde leit sa dat it tusken de 2 en 5 jannewaris falt. Dat makket de winters op it noardlik healrûn op himsels krekt wat waarmer as dy fan it súdlik healrûn.
Meer yn it generaal, hat in objekt dat om in oar draait, in periapsis, in punt fan de bôge wat it tichtst by dat fan it draaipunt leit. Oarsom, is by de omrin om de Ierde it punt it fierst wei fa de Sinne it aphelium.