[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Palm Springs (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Palm Springs
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Riverside County
Sifers
Ynwennertal 48.375 (2018)
Oerflak 246,0 km² (ynkl. wetter)
243,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 196,6/ km²
Stêdekloft San Bernardino
Hichte 146 m
Oar
Stifting 1880
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 33°49′49″N 116°32′43″W
Offisjele webside
www.palmsprings-ca.gov
Kaart
De lizzing fan Palm Springs yn Riverside County en yn 'e steat Kalifornje.

Palm Springs (Kawylla: Se-Khi; Serrano: Horqaniv) is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It plak leit yn it woastinige binnenlân fan 'e regio Súdlik Kalifornje, eastlik fan San Bernardino. Palm Springs ûntstie as kueroard om in stikmannich waarmwetterboarnen hinne, en de pleatslike ekonomy moat it noch altyd foar it meastepart hawwe fan toerisme en rekreaasje. De stêd makket diel út fan 'e stêdekloft fan San Bernardino-Riverside. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie Palm Springs doe goed 48.000 ynwenners.

De namme fan Palm Springs wurdt ornaris ynterpretearre as ferwizend nei palmbeammen (Palm) by ien of mear waarmwetterboarnen (Springs). it is lykwols mooglik dat it eins ferwiist nei de palm fan in hân, mei't it gebiet oarspronklik yn it Spaansk oantsjut waard as la Palma de la Mono de Dios ("de Hânpalm Gods").

In ansichtkaart út 'e 1950-er jierren ta promoasje fan ien fan 'e hotels yn Palm Springs.

Palm Springs leit yn 'e Coachelladelling fan Súd-Kalifornje, dy't diel útmakket fan 'e Sonoarawoastyn. De bedelte dêr't de stêd yn boud is, wurdt oan 'e noardkant besmoute troch it San Bernardinoberchtme, oan 'e eastkant troch it Lytse San Bernardinoberchtme, oan 'e súdkant troch it Santa Rosaberchtme en oan 'e westkant troch it San Jacintoberchtme. Palm Springs leit 89 km eastlik fan San Bernardino, 172 km eastlik fan Los Angeles, 198 km noardeastlik fan San Diego en 431 km westlik fan Phoenix (Arizona). De gemeente Palm Springs beslacht in oerflak fan 246 km² en is dêrmei yn geografysk opsjoch de grutste gemeente fan Riverside County.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Súdlik Kalifornje troch de blanken waard de Coachelladelling bewenne troch de Kawylla (Cahuilla), in Yndiaansk folk mei in Jûto-Azteekske taal dat him likernôch twatûzen jier lyn yn 'e krite nei wenjen sette. Hja holden winterdeis ta op it plak dêr't Palm Springs no leit, mar teagen by 't simmer nei de koelere Chinodelling. Hoewol't it gebiet yn namme al sûnt de sechstjinde iuw diel útmakke fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje, lieten Spaanske ûntdekkingsreizgers de woastynkrite links lizze. Pas nei't Nij-Spanje yn 1821 ûnôfhinklik wurden wie ûnder de namme Meksiko, waard de Sonoarawoastyn foar it earst ferkend. José María Estudillo en José Romero wiene ynsafier bekend de earste blanken dy't de Coachelladelling oandiene, yn 1823.

Yn 1848 kaam de Coachelladelling troch it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten te hearren. De earste Amerikaan dy't him der nei wenjen sette, wie in Jack Summers, dy't fan 1862 ôf in halteplak eksploitearre oan 'e postkoetsrûte oer it Bradshaw Trail. Yn 1880 ferkocht in pleatslike Yndiaan, in Pedro Chino, by transaksjes fan twifelich alloai stikken grûn by de waarmwetterboarnen yn 'e Coachelladelling oan twa blanken, William Van Slyke en Mathew Bryne. Dyselden rjochten yn 'e mande mei in R.W. Porter de Palm City Land and Water Company op om 'e perselen troch te ferkeapjen oan blanke kolonisten. Dat wurdt oer it algemien beskôge as de stifting fan Palm Springs.

Yn 1876 waard fuortby it lettere Palm Springs it Agua Caliente Yndianereservaat oprjochte foar de restanten fan 'e pleatslike Kawylla-troep, dy't slim te lijen hân hie ûnder de sykten dy't de blanken meibrocht hiene, en teffens ûnder ferfolging troch de kolonisten. It reservaat bestie út perselen om-en-om yn 'e foarm fan in damboerd, dy't yn totaal 640 acres besloegen. De damboerdperselen dy't net ta it reservaat hearden, waarden oan 'e Southern Pacific Railroad taparte, by wize fan oantrún om in spoarline troch de Sonoarawoastyn hinne oan te lizzen.

In swimbad by in wente yn Palm Springs, mei op 'e eftergrûn it San Jacintobechtme, westlik fan 'e stêd.

Tsjin 1885, doe't John Guthrie McCallum, in abbekaat út San Francisco dy't himsels letter 'rjochter' neamde, lân by de waarmwetterboarnen begûn op te keapjen, wie de namme 'Palm Springs' al ynboargere rekke. De bredere krite kaam doe bekend te stean as de 'Palm Valley', en McCallum rjochte mei in trijetal sakepartners in bedriuw op dat er de Palm Valley Land and Water Company neamde. McCallum wie ta de Coachelladelling oanlutsen troch it drûge klimaat, mei't syn soan it oan 'e longen hie. Hy wie de earste dy't yn 'e delling yrrigaasje tapaste troch in kanaal oan te lizzen fan 'e rivier de Whitewater ôf, sadat er fruitbeammen op syn lân oanplantsje koe. Sawol de rispingen as de it yrrigaasjesysteem hiene te lijen ûnder oerstreamings yn it alderraarst wiete jier 1893, en dêrnei fan in drûchte dy't alve jier oanhold (1894-1905).

Yn 'e 1910-er jierren woeks Palm Springs út ta in kueroard foar de riken, dêr't fral lju kamen dy't baat hiene by it sykheljen fan drûge lucht. It earste hotel waard yn 1886 iepene troch dr. Welwood Murray, dy't letter botanikus waard. Dat hotel gie yn 1909 ticht, mar tsjin dy tiid wiene der al ferskate oaren iepengien. Yn 'e 1930-er jierren waard der in tennisbaan iepene en ek ferskate nachtklubs, yn 1936 folge troch it Plaza Shopping Center, it earste winkelsintrum fan Súdlik Kalifornje. Op 20 april 1938 krige Palm Springs stedsrjochten en waard it in gemeente dy't bestjoerlik los stie fan 'e county. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der by Palm Springs in militêr fleanfjild oanlein, dat letter útgroeie soe ta de Ynternasjonale Lofthaven fan Palm Springs. Fan 1988 oant 1992 wie sjonger Sonny Bono boargemaster fan Palm Springs.

Utsjoch oer Palm Springs fan it Museum Trail ôf.

Palm Springs hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't de stêd fan âlds in kueroard wie, stipet de ekonomy fan Palm Springs ek tsjintwurdich noch yn hege mjitte op toerisme en rekreaasje. Wat dat lêste oangiet, kin der yn en om 'e stêd hinne dien wurde oan golf, swimmen, tennis, mountainbiken, kuierjen en hynsteriden. Dêrnjonken is it in populêr oerwinteringsplak foar begoedige pensionado's út 'e kâldere dielen fan 'e Feriene Steaten: fan novimber oant maart hat Palm Springs trije kear safolle ynwenners as oars. De stêd stiet bekend om syn arsjitektuer, dy't foar in grut part ta de mid-century modern-styl heart.

Dingen om te besjen en te dwaan yn Palm Springs binne û.m. it Agua Caliente Kultuermuseum, mei in kolleksje dy't omtinken skinkt oan 'e kultuer fan 'e pleatslike Yndiaanske befolking; it Club Skirts Dinah Shore Weekend dat yn maart holden wurdt en neffens de organisaasje it grutste feest foar lesbiënnes yn 'e wrâld wêze soe; it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs, dat yn jannewaris holden wurdt en oandacht jout oan bûtenlânske lange films en dokumintêres en Amerikaanske ûnôfhinklike films; en it Ynternasjonaal Festival foar Koarte Films fan Palm Springs, dat yn juny organisearre wurdt en omtinken jout oan koarte films.

Utsjoch op Palm Springs út in delling yn it San Jacintoberchtme wei.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Palm Springs yn 2018 in befolking fan 48.375 minsken. De befolkingstichtens bedroech 196,6 minsken de km². Yn 1940 hie Palm Springs noch mar 3.400 ynwenners. Dat oantal gie fia 7.700 yn 1950, 13.500 yn 1960, 21.000 yn 1970 en 32.000 yn 1980 omheech nei goed 40.000 minsken yn 1990. Sûnt is de befolkingsgroei fan Palm Springs beheinder west as earder.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Palm Springs 26,5% âlder as 65 jier en 13,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 'e perioade 2009-2013 18,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Palm Springs hat ien fan 'e heechste konsintraasjes homo's en lesbiënnes fan 'e Feriene Steaten, te witten: 10,1% fan 'e befolking (2010).

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,6% blanken; 25,3% Latino's; 4,4% Aziaten; 4,4% swarten; 1,0% Yndianen; 0,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

It Miller House, in hûs yn Palm Springs ûntwurpen troch de ferneamde arsjitekt Richard Neutra.

De measte Yndianen yn Palm Springs binne etnyske Kawylla (Cahuilla), wêrfan't de federaal erkende Agua Caliente Troep fan Kawylla Yndianen in federaal Yndianereservaat hat. Dat Agua Caliente Yndianereservaat beslacht yn totaal 130 km², wêrfan't 27 km² binnen de beboude kom fan Palm Springs leit. Dat makket de Agua Caliente Troep mei 410 leden (teljier: 2010) ien fan 'e grutste grûnbesitters yn 'e stêd.

Stoarn yn Palm Springs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palm Springs hat in hjit woastynklimaat, mei gleonhjitte simmers en tige mylde oant sels waarme winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 42,3 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 20,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 51 °C op 28 en 29 july 1995 en –7 °C op 22 jannewaris 1937. Palm Springs kriget jiers trochinoar mar 126 mm delslach en hat mear as 300 dagen mei sinneskyn yn it jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.