Long
In long is ien fan it pear sykhellingsorganen dat de measte wringedieren hawwe, mei útsûndering fan de measte fisken en guon amfibyen.
Yn de longen bart gaswikseling tusken lucht en bloed foar it metabolisme. De longen fan sûchdieren binne gjin 'holle' romtes dy't fold wurde mei lucht, mar hawwe in spûnseftige struktuer sadat it oerflak dêr't gasútwikseling mooglik is, folle grutter wurdt. De longen fan amfibyen binne wol te fergelykjen mei in lege pûde, dy't net botte effisjint is. Se sykhelje dêrom troch kielsykheljen en troch de hûd.
Gaswikseling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch te sykheljen kin gaswikseling barre: Soerstof diffundearret dan it bloed yn en koalstofdiokside derút. Der is soerstof nedich foar de ferbaarning fan fiedsel yn de sel, wêrby't enerzjy frijkomt foar in grut oantal prosessen. Fierders wurdt mei sykheljen koalsoer ôffierd, dat produsearre wurdt by de ferbaarning fan fiedingsstoffen. De konsintraasje koalsoer yn it bloed wurdt regele troch it sykhellingssintrum yn de harsens. (Sjoch ûnder)
De minsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bou fan de longen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de minsk is de rjochterlong wat grutter en hat trije longkwabben, de linker hast altiten (op ± 5% nei) twa. De ynademe lucht streamt troch de luchtpiip (trachea) dy't him by de karina splitst yn twa haadbronchyen, dy't har fierder fiere yn in systeem fan hieltiten mear, mar hieltiten finer fertûke pypkes, oant se úteinlik terjochte komt yn de tige lytse longtrachterkes. De wannen dêrfan binne útpûle ta lytse sekjes, mei elk in tsiental blaasfoarmige útstulpings, de alveoalen of longblaaskes. Dy wurde omjûn troch in netwurk fan uterst fine bloedfetsjes, folle tinner as in hier (kapilêren). De soerstof yn de blaaskes passearet ûnder ynfloed fan de konsintraasjegradiïnt in flintertin flues (membraan) en komt sa yn it bloed. Dêr wurdt de soerstof foar it grutste diel oan it aaiwyt hemoglobine bûn. Om de long leit it longflues (pleura). It longflues bestiet út twa blêden, de pleura visceralis dy't oan de long fêst sit en de pleura parietalis dy't oan de binnenkant fan de boarstwand fêst sit. Tusken dy twa fluezen sit wat focht wêrtroch't se oer elkoar ferskowe kinne. De long is elastysk en wol fan himsels ynklappe, mar troch de ûnderdruk tusken de longfluezen oan de binnenkant fan de boarstwand bart dat net. De long folget ornaris de bewegings fan de boarstwand. As der lucht tusken de twa pleurablêden komt, bg. troch in messtek yn de boarstkas as fansels, falt de ûnderdruk tusken de 2 pleurablêden wei en kin de long gearfalle: der ûntstiet in klaplong, ofwol in pneumotoaraks. Itselde bart by in ruptuer fan ien of mear longblaaskes: der streamt dan lucht fanút de long de pleuraholte yn.
It sykheljen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By rêstich sykheljen wurdt de boarstholte fergrutte: de ribben wurde nei foaren en omheech lutsen, en it mulruft (diafragma) wurdt flakker. Troch de ferromjende beweging wurdt ûngefear in heale liter lucht nei binnen sûge. Sykheljen troch in ûnderdruk te kreëaren, wurdt negative druksykheling neamd. By grutte ynspanning, lykas by hurddraven, giet it sykheljen flugger en djipper. De hoemannichte lucht dy't dan mei ien djippe swolch nei binnen komt, kin wol oant fjouwer liter stige. As de spieren dan wer ferslapje, fearret de boarstkas werom yn har oarspronklike stân en krimpt de long yn elkoar: de lucht wurdt útademe. Ynademing is een aktyf proses, útademing folget (by rêstich sykheljen) troch de weromfearjende krêft fan de toaraks en de long sels. Net àlle lucht kin útademe wurde: sels nei in djippe útademing bliuwt der altiten lucht yn de longen efter, ûngefear 1,5 liter (it ein-ekspiratwaar folume). De minút hellet in folwoeksen sûn minsk yn rêst ûngefear tolve oant sechtjin kear adem. Deis passeart sa'n 10.000 liter lucht de luchtwegen, op wei nei de longen. Yn in trochsneed minskelibben folje de longen harren sa'n 500 miljoen kear.
Sykhellingssintrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sykheljen is meast ûnbewust, der hoecht net by neitocht te wurden. Ek nachts giet it proses gewoan troch. (Der bestiet in oandwaning wêrby't dit net sa is: Ondines flok.)
Oars as by de hertslach, kin it sykheljen wol in skoft ûnderdrukt wurde of ekstra sykhelje.
Yn de harsensstamme sit it sykhellingssintrum. Dat sintrum regulearret op basis fan de koalsoerkonsintraasje (feitlik de soergraad fan it bloed) yn it bloed it sykheljen en hâldt sa it koalsoergehalte yn it bloed hast konstant. Dêrmei wurdt tagelyk de soerstofkonsintraasje yn it bloed op peil hâlden. Is it sykheljen troch sykte slimmer wurdt, ûntstiet in benaudheidsgefoel dat dyspneu neamd wurdt. Dit benaudheidsgefoel komt troch de fehege koalsoerkonsintraasje en/of een ferlege soerstofkonsintraasje yn it bloed, de longen kinne de koalsoerkonsintraasje net mear op goede peil hâlde. Der komt dan in ekstra oantal helpspieren yn aksje. Om de wurking fan dy spieren makliker te meitsjen, geane benaude minsken faak oeroein op bêd sitten, steunend op de earms.
Efter de pûst wurdt fan sprutsen as it tempo fan yn- en útademing net oanpast is oan de ynspanning, wêrby't in soad koalsoer produsearre wurdt, dat troch de longen net hurd genôch ôffierd wurde kin. Yn de measte gefallen passe de sykhellingsorganen har fansels oan, mar foar guon aktiviteiten (sjonge bygelyks) is in aparte sykhellingstechnyk needsaaklik.
Loftkondysjonearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De longen binne goed beskerme. Yn de luchtwegen (noas en kielholte, strôt en luchtpiip) wurdt de ynademe lucht suvere fan grutte stofdieltsjes, foarferwaarme en fochtich makke. Kâlde winterlucht is al op temperatuer (30 graden Celsius) eardat dy de longen berikt. Foar it skjinhâlden fan de luchtwegen is in grut slymtransportsysteem fan (trilhierren) op it slymflues fan de luchtpiip en de bronchiën. Dy transportearje delsleine dieltsjes wer nei de strôtknoarre, dêr't slym mei stofdieltsjes ûnder normale omstannichheden sûnder wat te fernimmen ynslokt wurdt. As dêrby hoaste wurde moat is der sprake fan in abnormale situaasje, mooglik in symptoam fan sykte, meastal in min ofte mear slimme luchtweiynfeksje.
Sykten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spesjale sellen produsearje slym. Dat slym wurdt dan ophoaste en ferdwynt dêrtroch út de gefoelige luchtwegen. In groanyske hoast wiist der soms op dat dit befeiligingssysteem te swier belêste wurdt. Dat jildt net allinnich by in stevige ferkâldheid.
Swiere smokers krije safolle smoargens binnen dat se in protte hoastje. Yn langduorjend prikkele en skansearre longweefsel kinne ferskate slimme syktes ûntstean: longkanker, COPD (brongitis|groanyske brongitis/longemfyseem).
It smoken fan tabak is tige skealik foar de longen. De smook fan kannabis (hasjys en marihuana) is minder skealik as de reek fan tabak, der hat noch nea in direkte oanwizing west om oan te nimmen dat dizze smook longkanker feroarsaket neffens The Merck Manual of Diagnosis and Therapy 13th edition. Wol binne der oanwizings dat der earder in pneumotoaraks troch ûntstean kin.