[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1956

Ut Wikipedy
XVIe Olympiade
holden yn Melbourne, Austraalje
jier 1956
dielnimmende lannen 67
dielnimmende atleten 3.384
eveneminten 145 yn 17 sporten
iepeningsseremoanje 22 novimber
slutingsseremoanje 8 desimber
Temaside  Sport
XVIe Olympiade
holden yn Stokholm, Sweden
jier 1956
eveneminten 1 sport
iepeningsseremoanje 10 juny
slutingsseremoanje 17 juny
edysjes
foarige 1952 Helsinki
folgjende 1960 Rome
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1956, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1956 yn Melbourne, Austraalje hâlden.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 37 29 32 98
2 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 32 25 17 74
3 Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 13 8 14 35
4 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 9 10 7 26
5 Itaalje Flagge fan Itaalje ITA 8 8 9 25
6 Sweden Flagge fan Sweden SWE 8 5 6 19
7 It Dútske Ienheidsteam Flagge fan It Dútske Ienheidsteam EUA 6 13 7 26
8 Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 6 7 11 24
9 Romeenje Flagge fan Roemeenje ROM 5 3 5 13
10 Japan Flagge fan Japan JPN 4 10 5 19

Fanwege de strange karantêneregels fan Austraalje waarden de hynstesporten yn de maitiid fan it noardlik healrûn fan 1956 hâlden yn it Sweedske Stokholm. Fan 10 oan 17 juny waarden hjir de Olympyske Ruterspullen organisearre.

Dit is de ienichste kear dat de Spullen formeel yn stêden fan twa lannen organisearre waarden. Yn 1984 is it noch ris bard: op de Paralympyske Simmerspullen fan 1984 dy waarden yn it Amerikaanske New York en it Ingelske Stoke Mandeville hâlden.

Foar Peking, 2008, waard de organisaasje fan ek wer de hynstesport, fanwege de karantêneregels yn Sina, al dien troch in oar Olympysk Kommitee: it Olympysk Kommitee fan Hong Kong.

Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sowjetuny yn Hongarije yn de hjerst fan 1956 nammen in oantal lannen wêrûnder Nederlân it beslút om nei Stokholm de rest fan de Spullen te boykotsjen. Dat waard net troch de sporters besletten, mar wie in beslút fan in tafoege generale ledegearkomste. De fjouwer atleten dy't al yn it foar nei Austraalje ôfreizge wienen waarden troch it NOK mei in tillegram opdroegen fuort te gean. It ienichste ekskús dat sy krigen wie it wurdsje "SORRY", op it ein fan it tillegram, atleten dy't noch yn Nederlân wienen krigen hielendal gjin ekskús oanbean. Earst yn 2006 bea Erica Terpstra foar it Nasjonaal Olympysk Komitee de sporters ekskús oan, en twa jier letter kaam it ekskús fan Claas van den Houten oer it telegram.

Boykotsjende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze fiif lannen hawwe de Spullen yn Melbourne boykotte. Sy hawwe al meidien oan de Spullen yn Stokholm.



Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1956

67 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne en Stokholm. De lannen dy't skean skreaun binne, lutsen har nei dielname yn Stokholm fan de Spullen werom


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1956

Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Boksen | Dykhurdfytsen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen