[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Olympyske Simmerspullen 1904

Ut Wikipedy
IIIe Olympiade
holden yn St. Louis, Feriene Steaten
jier 1904
dielnimmende lannen 12
dielnimmende atleten 651
eveneminten 91 yn 17 sporten
iepeningsseremoanje 1 july
slutingsseremoanje 23 novimber
edysjes
foarige 1900 Parys
folgjende 1908 Londen
Temaside  Sport

De Olympyske Simmerspullen 1904, ek wol de IIIe Olympiade neamd waarden yn 1904 yn St. Louis, de Feriene Steaten hâlden.

 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 78 82 79 239
2 Dútslan Flagge fan Dútslân GER 4 4 5 13
3 Kuba Flagge fan Kuba CUB 4 2 3 9
4 Kanada Flagge fan Kanada CAN 4 1 1 6
5 Hongarije Flagge fan Hongarije HUN 2 1 1 4
6 Mingd Team Olympyske Flagge ZZX 1 1 0 2
Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 1 1 0 2
8 Grikelân Flagge fan Grikelân GRE 1 0 1 2
Switserlân Flagge fan Switserlân   SUI 1 0 1 2
10 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 0 0 1 1
Foto fan de maraton ûnder de Spullen fan Saint Louis yn 1904

De maraton fan de Spullen yn Saint Louis is ien fan de frjemdste barren op de Olympyske Spullen ea. De wedstriid waard hâlden mei tige waarm waar en op stoffige diken dêr't auto's en hynders foar noch mear stof soargen. De Kubaanske dielnimmer Carvajal, postboade fan berop, kaam nei in lange tocht te foet oan by de start yn syn deiske klean, om't er gjin sportklean hie. Neidat in oare dielnimmer him holpen hie in stik fan syn broekspipen te knippen om der dochs noch wat sportyfs fan te meitsjen, koe de Kubaan fan start. Hy waard úteinlik fjirde nettsjinsteande it feit dat hy ûnderweis in oantal kearen stil hâlden wie om in praatsje te meitsjen mei de taskôgers en hy lêst fan de mage krige fan de appels dy't er ûnderweis iet. It earst oer de finish wie Fred Lorz. Hy wie allinne eins al nei in pear kilometer útfallen en hie it parkoers foar in grut part yn in auto ôflein. Doe't de auto stikken gie naam Lorz it beslút om de rest mar te rinnen. Hy kaam as earste oan en hja tochten dat hy hie wûn. Pas nei de medalje-útrikking waard dúdlik dat hy in grut part yn in auto ôflein hie. Syn medalje waard him ôfnommen en hy waard foar it libben skorst. In jier letter waard dizze skorsing wer ynlutsen en wist er yn 1905 de maraton fan Boston te winnen. De úteinlike winner, de Brit Thomas J. Hicks, dy't útkaam foar de Feriene Steaten, hie ûnderweis in oantal ynsinkingen hân. Hy krige dêrom fan syn treners ûnder oare Strychnine mei kognac om him by de tiid te hâlden. Alhoewol't er ûnderstipe waard troch syn treners doe't hy oer de finish kaam, waard hy dochs as winner oanwiisd. Len Tau, in Afrikaan ôfkomstich fan de Tswana-stam dy't útkaam foar it mingde team mei sporters út ferskeidene lannen. Hy wie der eins foar de Wrâldútstalling yn Saint Louis. Hy kaam as njoggende oer de finish. Syn resultaat hie better wêze kinnen as er net troch in hûn efterfolge wie dy't him mear as in kilometer fan it parkoers ôf jage hie.


Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielnimmende Lannen Olympyske Simmerspullen 1904

12 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Saint Louis








Yn in oantal boarnen wurdt ek nog fan de folgjende lannen sprutsen as dielnimmers oan de Spullen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje


Olympyske Simmerspullen 1904

Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Keunstdûken | Lacrosse | Roeien | Roque | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo | Wrakseljen