[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mexican standoff

Ut Wikipedy
Trije manlju hâlde inoar ûnder skot yn in Mexcan standoff.

Mexican standoff is Ingelske sprektaalterm dy't yn in soad oare talen oernommen is. It betsjut letterlik: "Meksikaanske ympasse", en ferwiist nei in konfrontaasje wêrby't der foar gjin inkele partij in strategy bestiet om 'e oerwinning te beheljen. Fan gefolgen moatte alle partijen de strategyske spanning behâlde oant de ympasse trochbrutsen wurdt troch in persoan of barren fan bûtenôf. De term Mexican standoff waard oarspronklike bedoeld yn 'e kontekst fan it gebrûk fan fjoerwapens en hat hjoed de dei noch altyd de ymplikaasje fan in sitewaasje wêrby't alle partijen ûnder de iene of oare bedriging steane fan alle oare partijen.

De Mexican standoff is in gauris weromkearend tema yn films, wêrby't trije of mear wapene personaazjes inoar ûnder skot hâlde. De ympasse bestiet der dan út dat as partij A it fjoer iepenet en partij B delsjit, partij C dan partij A delsjitte sil. Gjinien fan 'e partijen kin dus begjinne te sjitten, mar in oare útwei út 'e ympasse is faak ek net te finen. Ien fan 'e bekendste filmfoarbylden fan in Mexican standoff is de sêne oan 'e ein fan 'e klassike westernfilm The Good, the Bad and the Ugly, wêrby't de personaazjes spile troch Clint Eastwood, Eli Wallach en Lee Van Cleef in trijefâldich quick draw-duël útfjochtsje. Yn dy film wurdt de sitewaasje oplost trochdat it personaazje fan Eastwood de jûns tefoaren temûk de revolver fan it personaazje fan Wallach leechhelle hat, sadat er wit dat er fan dy kant neat te freezjen hat en sûnder swierrichheden it personaazje fan Van Cleef delsjitte kin.

De útdrukking Mexican standoff krong oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de Ingelske taal binnen. Neffens it Cambridge Advanced Learner's Dictionary soe de term oarspronklik út it Australysk-Ingelsk komme, mar foar dy bewearing jout dat wurdboek fierders gjin ûnderbouwing. Neffens oare boarnen soe de term út it Amerikaansk-Ingelsk komme, en yn 'e sprektaal ûntstien wêze yn 'e tiid fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) of mooglik koart dêrnei, yn 'e tiid fan it Wylde Westen, doe't Meksikaanske banditen, dy't bandoleros neamd waarden, gauris de Feriene Steaten binnenkrongen. De ierst bekende boarne fan skriftlik gebrûk fan 'e útdrukking Mexican standoff is in koart ferhaal fan F. Harvey Smith dat op 19 maart 1876 ferskynde yn 'e krante de Sunday Mercury.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.