[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Duël

Ut Wikipedy
It meast ferneamde duël út 'e Amerikaanske skiednis, yn 1804, tusken de eardere minister fan Finânsjes Alexander Hamilton en de sittende fise-presidint Aaron Burr.

In duël, fan it Latynske duellum, dat letterlik "twakriich" betsjut (fan duo, "twa" en bellum, "oarloch"), is in mei regels omjûn en almeast yn 't foar ôfsprutsen treffen tusken twa persoanen dy't de striid oangeane mei gelikense wapens. In likernôch synonym dat lykwols net deselde semantyske lading hat, is twagefjocht. It útfjochtsjen fan in duël hjit duëllearjen, en in dielnimmer oan in duël is in duëllist. Duëls kamen histoarysk it measte foar yn it Jeropa fan 'e fyftjinde oant en mei de achttjinde iuw en it Noard-Amearika fan 'e njoggentjinde iuw, mei presedinten yn 'e Midsiuwske koade fan ridderlikheid en útrinners nei de tweintichste iuw. Oant fier yn 'e achttjinde iuw waarden duëls oer it algemien útfochten mei in swurd: earst de degen en letter de sabel. Begjinnend yn it let achttjinde-iuwske Ingelân gie men letter oer op it gebrûk fan pistoalen. Duëllisten hearden ta de hegerein of wiene militêre ofsieren, en it wiene hast altyd manlju, hoewol't der inkele duëls tusken froulju bekend binne dy't mei it pistoal útfochten waarden. De reden foar it oangean fan in duël wie dat ien fan 'e dielnimmers him troch de oare oantaast fielde yn syn eare. Histoarysk ferskilde de wetjouwing oangeande duëls, mar tsjintwurdich is duëllearjen yn 'e hiele wrâld ferbean en wurdt it beskôge as in misdriuw, spesifyk as moard of besykjen ta moard.

Yn 'e Westerske kultuer ûntjoech it formele duël him út eardere, soartgelikense foarmen fan it twagefjocht, lykas de holmgang fan 'e Wytsingen en it Midsiuwske godsoardiel. By dat lêste ferskynsel waard in skeel tusken twa ridders besljochte troch in twagefjocht, wêrby't de winner achte waard de stipe fan God en dêrom de wierheid oan syn kant te hawwen. It godsoardiel waard ûnder mear tapast yn it Hillige Roomske Ryk en op de Britske Eilannen. De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, stie kritysk foar alle foarmen fan twagefjochten oer, oft it no gie om in saak fan eare of om 'e beskuldiging fan in misdriuw te besljochtsjen. Yn 1215 lei de Tsjerke op it Fjirde Lateraansk Konsylje it near op godsoardielen, mar de tradysje bliek dreech út te rûgjen, en duorre yn it Hillige Roomske Ryk fuort oant yn 'e fyftjinde iuw.

Yn 'e iere Renêssânse ûntjoech it duël him ta in akseptabele manear foar respektabele hearen om ûnderlinge skelen te besljochtsjen. Dêrta waard in formalisearre code duello, of "koade fan it duëllearjen", ûntwikkele, dy't foar it earst yn boekfoarm útbrocht waard yn it Itaalje fan 'e Renêssânse, en net lang dêrnei ek yn Frankryk. Yn it Feriene Keninkryk waard yn 1777 yn it Ierske Clonmel in koade foar duëls opsteld dy't de namme de Seisentweintich Geboaden krige. Hearen fan stân bewarren dêrfan in eksimplaar by harren pistoalen, sadat men de regels der daliks op neislaan koe as der ûniennichheid ûntstie oer in diel fan 'e te folgjen proseduere.

In duël dat útfochten wurdt mei degens.

Tsjin 'e iere santjinde iuw wie it duël djip woartele yn 'e Jeropeeske kultuer, as in foarrjocht fan 'e adel. Kening Loadewyk XIII fan Frankryk feardige yn 1626 in wet út dy't duëls ferbea. Dy wet bleau neitiid altyd fan krêft, en ûnder it regear fan Loadewyk syn soan, Loadewyk XIV, yntinsifearre de bestriding fan duëls noch helte mear. Nettsjinsteande dat libbe de tradysje ûnfermindere fuort, en nei skatting waarden der yn Frankryk tusken 1685 en 1716 10.000 duëls útfochten, wêrby't mear as 400 deaden foelen.

Omtrint 1770 ûndergie it duël yn Ingelân in stikmannich wichtige feroarings. Yn it foarste plak giene Ingelske duëllisten, oars as harren wjergaders op it fêstelân fan Jeropa, entûsjast oer op it gebrûk fan it pistoal as ferfanging foar it swurd. Dêrta waarden spesjale sets fan twa duëllearpistoalen ûntwikkele. Fierders waarden tenei ynstee fan ien saneamde sekondant per duëllist, ferskate sekondanten of 'freonen' by in duël belutsen. Dy freonen oerleine mei de freonen fan 'e tsjinstanner om te sjen oft der net in oplossing foar it skeel te finen wie dy't it duël oerstallich makke. Pas as sokke ûnderhannelings mislearren, waard it duël útfochten.

Oanboazjende krityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it tiidrek fan 'e Ferljochting kaam it duël tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw troch feroarjende noarmen en wearden yn 'e Westerske maatskippij swier ûnder fjoer te lizzen. Dat kaam trochdat der nije ideeën ûntstiene oangeande fatsoenlik hâlden en dragen en om't geweld, dat earder akseptearre wie as in normaal ûnderdiel fan it deistich bestean, yn in negatyf deiljocht steld waard. Boppedat kaam der doedestiden yn in soad lannen foar it earst in begoedige middenklasse op fan boargers dy't neat hawwe moasten fan 'e efterhelle foarrjochten fan 'e adel. Ynstee spande men in rjochtsaak oan as men belastere waard, of skreau men in ynstjoerd brief nei in krante. Ek de ynfloedrike nije evangelyske foarmen fan it kristendom dy't oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw opkamen, en dy't de klam op it kristlik gewisse leine, moasten neat fan it útfjochtsjen fan duëls hawwe, dat se as ûnkristlik en barbaarsk beskôgen.

In gravuere fan Godefroy Durand út 1874, fan in swurdduël by Parys yn it Bois de Boulogne.

Yn it Feriene Keninkryk waard it deadzjen fan in oar by in duël foar de wet beskôge as moard, mar oer it algemien wiene de rjochtbanken tige laks om dy wet út te fieren, om't se de tradysje fan it duëllearjen noch altyd in waarm hert tadroegen. Dy hâlding hearske sels oan it Britske Hôf, dêr't keninginne Fiktoaria op in stuit hope dat James Brudenell, 7e greve fan Cardigan, dy't ferfolge waard foar it ferwûnjen fan in tsjinstanner yn in duël, "net te swier bestraft wurde soe". De Anglikaanske Tsjerke stie oer it algemien fijannich foar duëllearjen oer, mar it wiene de lytsere protestantske denominaasjes dy't aktyf kampanje fierden om 'e praktyk útband te krijen. Tsjin 1840 hie mei dêrtroch de publike opiny him tsjin it duëllearjen keard: doe't Cardigan dat jiers yn in oare saak frijsprutsen waard fan ferfolging foar moard omreden fan in wetlik detail, kamen dêr poerrazene reäksjes op. De toanoanjaande krante The Times bewearde sels dat der troch de Ingelske hegerein mei opsetsin in mêsk yn 'e wet litten wie om duëllisten te frijwarjen foar ferfolging. Ek stelde deselde krante dat der "yn Ingelân ien wet foar de riken en in oarenien foar de earmen" wie.

Yn dy maatskiplike atmosfear fûn it lêste fatale duël tusken Ingelsen yn Ingelân plak yn 1845 yn Southsea, doe't James Alexander Seton en Henry Hawkey deilis rekken om't Hawkey mei de frou fan Seton omslein hawwe soe. Dêrby waard Seton deasketten en Hawkey waard neitiid fan ferfolging frijsprutsen. It alderlêste fatale duël yn Ingelân waard yn 1852 by Englefield Green útfochten tusken twa Frânske ballingen, Frédéric Cournet en Emmanuel Barthélemy, wêrby't Counet omkaam. Barthélemy waard feroardiele foar deaslach ynstee fan foar moard, en kaam nei in finzenisstraf fan sân moannen wer frij (wêrnei't er yn 1855 de deastraf krige en ophongen waard doe't er syn wurkjouwer en in oare man fermoarde hie).

Yn de Feriene Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten waard duëllearjen oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw al troch Benjamin Franklin bekritisearre as "ûnsinnich gewelddiedich", en ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fitere George Washington, de lettere earste presidint fan 'e Feriene Steaten, syn ofsieren oan om útdagings ta duëls ôf te wizen om't er de tradysje as in bedriging foar de oarlochsynset seach. Nettsjinsteande dat wûn duëllearjen yn dy snuorje yn 'e Feriene Steaten krekt oan populariteit. Tusken 1798 en it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn 1861 ferlear de Amerikaanske Marine bygelyks twa ofsieren trochdat se omkamen by it útfjochtsjen fan duëls foar eltse trije ofsieren dy't omkamen yn seeslaggen. It bekendste duël út 'e Amerikaanske skiednis fûn plak yn 1804, doe't de sittende fise-presidint Aaron Burr by sa'n treffen de eardere minister fan Finânsjes Alexander Hamilton deaskeat.

Georges d'Anthès sjit Aleksander Pûsjkin dea by in duël yn jannewaris 1837.

Presidint Andrew Jackson focht, foar't er ta syn hege amt keazen waard, twa duëls út (hoewol't folksferhalen hawwe wolle dat it der folle mear wiene). Sa wied er belutsen by in bloedleas duël mei in abbekaat, en op 30 maaie 1806 skeat er de foaroansteande duëllist Charles Dickinson dea, wêrby't er sels in boarstwûne oprûn dêr't er de rest fan syn libben lêst fan hâlde soe. Fierders late in skeel tusken Jackson en John Sevier yn 1803 op in hier nei ta in duël. De fjochtpartij yn 1813, tusken Jackson en senator Thomas Hart Benton, wurdt ek wol omskreaun as in duël, mar wie dat net. Op 22 septimber 1842 stie de lettere presidint Abraham Lincoln op it punt om in duël út te fjochtsjen mei in oare politikus út Illinois, James Shields, mar harren sekondanten wisten it skeel op it lêste momint troch ûnderhannelings út 'e wrâld te helpen.

Oare bekende gefallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oare persoan dy't belutsen wie by in duël, wie bgl. de Ierske politike foaroanman Daniel O'Connell, dy't yn 1815 John D'Esterre deade by in duël. Dat efterfolge him de rest fan syn libben en hy betelle oan syn dea ta eltse moanne by wize fan frijwillige boetedwaning in talage oan 'e dochter fan D'Esterre. De briljante Frânske wiskundige Évariste Galois waard yn 1832 op tweintichjierrige leeftyd deade by in duël. De ferneamde Russyske dichter Aleksander Pûsjkin rekke yn 1837 deadlik ferwûne by in duël mei de Frânske ofsier Georges d'Anthès, fan wa't grute waard dat er de minner fan Pûsjkin syn frou wie. D'Anthès waard neitiid beskuldige fan falskspyljen by it duël, mar hy troude mei Pûsjkin syn skoansuster en brocht it ta minister yn it Frânske regear. De Amerikaanske skriuwer en sjoernalist Mark Twain ûntkaam yn 1864 mar nauwerneed oan in duël mei in rivalisearjende kranteman, doe't syn sekondant it foarkomme liet as soe Twain in wiere skerpskutter wêze, wat de útdager ôfskrok.

Duëllearjen bleau yn 'e Feriene Steaten populêr oant de Boargeroarloch, wêrby't ek meispile dat immen, troch in útdaging ta in duël ôf te wizen, himsels bleatstelde oan bespotting en hún, om't men him dan as in leffert seach. Fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf waarden duëls yn 'e Feriene Steaten benammen útfochten oan 'e lange tiid fierhinne wetteleaze Amerikaanske frontier yn it Wylde Westen en yn it Amerikaanske Suden, dêr't âlde ideeën oer ridderlikheid en hoe't in hear him hearde te hâlden en dragen langer fuortbestiene. Yn it Wylde Westen ûntjoech him in nije foarm fan it duël, letter gauris werjûn yn westernfilms, wêrby't de duëllisten foarinoar oer stiene op in strjitte yn in stedsje en dan op in beskaat stuit besochten sa gau mooglik harren revolvers út it holster te lûken en te sjitten. Dy foarm hjit in quick draw-duël. It earste duël fan dat soarte fûn op 21 july 1865 plak yn Springfield (Missoery) tusken Wild Bill Hickok en Davis Tutt, wêrby't dy lêste deade waard. Hickok waard oppakt op beskuldiging fan moard, mar de oanklacht waard letter ôfswakke ta deaslach, en úteinlik waard er frijsprutsen.

In yllustraasje fan it quick draw-duël fan Wild Bill Hickok en Davis Tutt, yn 1865.

Yn 1839 waard duëllearjen yn it federaal distrikt Washington, D.C. by wet ferbean, mar der kaam nea in federale wet tsjin 'e praktyk dy't gou foar de hiele Feriene Steaten. Dat waard oerlitten oan 'e ôfsûnderlike steaten. Guon dêrfan, lykas Mississippy, heften de wetten tsjin duëls yn 'e 1970-er jierren op om't it deadzjen fan immen as ûnderdiel fan in duël ek gewoan as moard berjochte wurde koe. Oaren, lykas West-Firginia, hawwe noch altyd wetten tsjin duëls. Yn Jeropa waarden duëls yn Belgje yn 1841 by wet ferbean, en yn Nederlân, dêr't de praktyk nea tige populêr wurden wie fanwegen in minmachtige adelstân en in iere opkomst fan rike keaplju, yn 1881. Yn Belgje waard de wet tsjin duëls yn 2000 opheft en yn Nederlân barde itselde yn 2006. Yn beide gefallen seach it parlemint it ferbod op duëls as in folslein efterhelle bepaling, dy't better ûnder it ferbod op moard of besykjen ta moard falle koe. De anty-duëlwet wie yn Nederlân ek mar selden tapast: tusken 1886 en 2004 waarden der acht gefallen fan duëls foar de rjochter brocht.

In soad steaten fan it Hillige Roomske Ryk hiene al sûnt de Tritichjierrige Oarloch (1618-1648) in wetlik ferbod op duëls. Prusen ferbea duëllearjen yn 1851, en dat ferbod waard yn 1871 fia it Reichsstrafgesetzbuch urven troch it Keizerryk Dútslân. Fan likernôch 1865 ôf rekke it mei it duëllearjen foargoed yn 'e nederklits. Yn 'e Feriene Steaten stoar de praktyk út yn it troch de Amerikaanske Boargeroarloch suver deablette Suden, en neigeraden dat it Wylde Westen minder wyld waard, kaam der ek dêr in ein oan. Keizer Karel I lei yn 1917 yn Eastenryk-Hongarije einlings it near op duëls. Tsjin dy tiid wiene duëls yn frijwol de hiele Westerske wrâld ferbean. Under it nazy-rezjym waarden yn Dútslân yn 1937 de wetten tsjin duëls sels noch oanskerpe. Fan 1921 oant 1971 wie Oerûguay it lêste Westerske lân dêr't duëllearjen noch hielendal legaal wie.

Ek yn oare dielen fan Latynsk-Amearika en yn Frankryk en Itaalje oerlibbe de praktyk fan it duëllearjen oant djip yn 'e tweintichste iuw, ek al wie it dêr doe al lang by wet ferbean. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden duëls sels yn Frankryk in seldsumheid, en as se noch foarkamen waarden de duëllisten yn 'e parse beskreaun as eksintrikelingen en it duël sels as in tipelsinnich anagronisme út ferfleine tiden. Hoewol't de dielnimmers sels de gefjochten noch altyd tige serieus namen, waarden duëls doe net mear oant de dea útfochten. Ynstee skermen de duëllisten út in fêste, steande posysje mei sabels, sadat se net inoars romp ferwûnje koene. It doel wie om inoars swurdearm te ferwûnjen. It lêste bekende duël yn Frankryk fûn plak yn 1967, doe't it parlemintslid Gaston Deferre syn amtsgenoat René Ribière misledige; Ribière reägearre dêrop mei in útdaging ta in duël. Dat waard útfochten mei sabels, en Ribière ferlear nei't Deferre him twaris oan 'e earm ferwûne hie. Yn Oerûguay waard yn 1971 it lêste duël mei pistoalen holden tusken Danila Sena en Enrique Erro, wêrby't allebeide dielnimmers ûnskansearre bleaune.

Pistoalduëllearjen as demonstraasje-sport op 'e Olympyske Simmerspullen fan 1908 yn Londen.

Duëllearjen as sport

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw wie duëllearjen as sport populêr yn Frankryk. Dêrby wiene de duëllisten bewapene mei gewoane pistoalen, mar de patroanen befetten kûgels fan waaks en hiene gjin buskrûdlading; se waarden dus inkeld fuortsketten troch it slachhuodsje fan it patroan. De dielnimmers oan 'e sport droegen beskermjende klean en in metalene helm mei in glêzen skerm dat foar de eagen hong. Dit saneamde 'pistoalduëllearjen' wie in demonstraasjesport op 'e Olympyske Simmerspullen fan 1908 yn Londen.

Mislediging en foldwaning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tradisjonele reden foar in duël wie yn 'e regel in mislediging of alteast wat dat as sadanich opfet waard, wêrnei't de misledige partij foldwaning easke fan 'e misledigjende partij. Dy eask gie faak mank mei in gebeart dat net mis te ferstean wie, lykas it delsmiten fan in want foar de fuotten fan 'e misledigjende partij. As dy de want dan oppakte, waard dêrmei oanjûn dat de útdaging ta in duël oannommen waard. It Nederlânske sprekwurd "de handschoen opnemen" is dêrfan ôflaat. It kaam ek foar dat de misledige partij de misledigjende partij mei in (lege) want (lichtsjes) yn it gesicht sloech.

Dêrnei folge ornaris noch in útskreaune útdaging dy't besoarge waard troch ien of mear goede freonen fan de misledige partij, dy't oangeande it duël fungearren as syn sekondanten. De útdaging wie werjûn yn formeel, stilearre taalgebrûk en befette de echte of ferbylde reden(s) foar it duël en de eask om foldwaning. De útdage partij hie dan de kar tusken it akseptearjen of wegerjen fan 'e útdaging. Jildige redens foar wegering wiene dat de oanjûne oarsaak foar it duël frivoal wie, dat der in te grut leeftydsferskil tusken de útdager en de útdage bestie of dat de útdager net erkend waard as hear (mei't duëls inkeld útfochten wurde koene troch lju fan deselde maatskiplike klasse). By dat lêste moast men der lykwols om tinke dat it ferskil yn klasse foar eltsenien dúdlik wêze moast; oars koe it resultearje yn beskuldigings fan leffens of koene de sekondanten fan 'e útdager harren misledige fiele troch de ymplikaasje dat se har troch ien út in legere klasse foar it karke spanne litten hiene, wat wer ta nije útdagings liede koe.

As in útdaging ienris akseptearre wie, moasten beide partijen, de saneamde 'prinsipalen', formeel ien of mear sekondanten oanwize, as se dat noch net earder dien hiene. De sekondanten wiene fertroude fertsjintwurdigers dy't fierder alles foar it duël regelje soene, mei't der tusken de beide prinsipalen fan dat stuit ôf gjin direkt kontakt mear tastien wie oant nei de oplossing fan harren skeel. De wichtichste taak fan de sekondanten wie om der alles oan te dwaan om bloedferjitten foar te kommen, salang't dêrtroch de eare fan harren prinsipalen net kompromittearre waard. Dat resultearre yn 'e regel yn in briefkerij oer en wer dy't derop rjochte wie om in oare oplossing as in duël te sykjen, dy't foar beide prinsipalen akseptabel wie. Soks koe bygelyks bestean út in yn it bywêzen fan tsjûgen útsprutsen formele ûntskuldiging troch de útdage partij.

In skilderij fan Ilja Repin út 1899, dat it duël sjen lit tusken Jevgeny Onegin en Vladimir Lensky, fiktive personaazjes út it wurk fan dichter Aleksander Pûsjkin, dy't yn 1837 sels by in duël omkaam.

As troch bemiddeling it duël net foarkommen wurde koe, wie it de taak fan 'e sekondanten om regels foar it duël ôf te praten dy't in fatale útkomst foar ien fan beide prinsipalen tsjinkeare soe. Dêrby wiene se op 'e nij bûn oan 'e algemien akseptearre ûnskreaune wetten fan kwestjes fan eare. De krekte regels of etikette fan it duëllearjen fariëarre nei tiid en plak, mar wiene ornaris basearre op in foarm fan 'e code duello of, yn 'e Angelsaksyske wrâld, op de Seisentweintich Geboaden. Yn 'e measte gefallen wie it sa dat de útdage partij útkieze mocht mei hokker wapens oft it duël útfochten wurde soe. Utsûnderings op dy regel wiene gefallen wêrby't de útdager in folle hegere, almeast aadlike rang hie, lykas in hartoch of in prins dy't in ridder útdage hie. Op it fêstelân fan Jeropa hiene op it mêd fan 'e wapens swurden de foarkar, wylst fan omtrint 1770 ôf yn it Feriene Keninkryk en Noard-Amearika almeast foar pistoalen keazen waard.

Mar oarsoartige wapens kamen ek foar. By in healwiis en dêrtroch ferneamd gefal yn 1808 soene twa Frânsen boppe Parys in duël útfochten hawwe yn hjitteluchtballonnen, wêrby't it doel wie en besykje om 'e ballon fan 'e tsjinpartij lek te sjitten. De ballon fan 'e iene duëllist skynt dêrby delsketten te wêzen, mei as gefolch dat er tepletter foel. En omtrint 1865 soe de Prusyske kânselier Otto von Bismarck de wittenskipper Rudolf Virchow útdage hawwe ta in duël. Neffens dy (mooglik apokrife) anekdoate soe Virchow, doe't er frege waard de wapens út te kiezen, keazen hawwe foar twa woarsten fan bargefleis, wêrfan't ien ynfektearre wie mei de ringwjirm Trichinella. It duël bestie derút dat de duëllisten elts, sûnder te witten hokker ynfektearre wie, in woarst útkieze en opite soene. Konfrontearre mei dat foarstel seach Bismarck fan it duël ôf.

Behalven hokker wapens oft brûkt wurde soene, leine de sekondanten ek fêst hoe lang oft it duël duorje soe en wêr't it mei einigje soe. Benammen by swurdduëls waard nammentlik faak fochten "oant it earste bloed"; d.w.s. oant de iene duëllist de oare sa ferwûne dat dy blette. As dêrta besletten waard, wie it ûnwierskynlik dat ien fan 'e beide prinsipalen omkomme soe, mei't dan in lyts skramke al genôch wie om it duël te besljochtsjen. As it om in pistoalduël gie, waard yn 't foar fêstlein hoefolle kear oft der sketten wurde mocht en fan hokker ôfstân ôf. Ek waard derfoar soarge dat it plak dat foar it duël útkeazen wie gjin ûnearlik foardiel oan ien fan beide prinsipalen joech. Fierders waard in dokter of sirurgyn besteld, dy't by it duël oanwêzich wie om daliks nei ôfrin de eventuële wûnen fan 'e dielnimmers te behanneljen. Oare saken dy't troch sekondanten beävensearre waarden, koene dingen wêze dy't tsjintwurdich ûnbelangrike details lykje, lykas it soarte klean dat de oanwêzigen drage moasten (duëls wiene faak tige formele oangelegenheden), it tal en de nammen fan eventuële oare tsjûgen as de sekondanten, en oft der al of net iten en/of drinken optsjinne wurde soe.

In soad histoaryske duëls waarden foarkommen trochdat der gjin oerienstimming berikt wurde koe oer de te folgjen regels, it plak of de tiid. Yn it gefal fan 'e Ingelske dokter Richard Brocklesby koe men it net iens wurde oer it tal passen dat de beide prinsipalen by it pistoalduël útinoar stean moasten. En yn it skeel tusken de Ingelske dichter Mark Akenside en in Ballow hie ien fan beiden in eed dien dat er nea op 'e moarn fjochtsje soe, wylst de oare sward hie om nea op 'e middei te fjochtsjen.

It plak dêr't it duël holden waard, waard oantsjut as it earefjild. De wichtichste kritearia foar it útsykjen fan sa'n lokaasje wie de isolaasje, om ûntdekking en ûnderbrekking troch de autoriteiten foar te kommen, en jurisdiksjonele ambiguïteit, om gerjochtlike ferfolging dreech te meitsjen. Eilantsjes yn rivieren dy't de grins foarmen fan twa gerjochtlike jurisdiksjegebieten wiene dêrom populêr as lokaasjes foar duëls, om't it faak ûndúdlik wa't de ferfolging dan op him nimme moast. Sa wiene ek de kliffen ûnder Weehawken oan 'e rivier de Hudson, dêr't û.m. it Hamilton-Burr-duël útfochten waard, in populêr duëllearringsplak om't ûnwis wie oft dêr de wet fan New York of dy fan Nij-Jersey gou. Fierders fûnen duëls tradisjoneel by moarnsdage plak, as de dielnimmers troch it iere tiidstip en it skimerige deiljocht minder kâns rûnen om opmurken te wurden.

In duël útfochten mei sabels troch Dútske studinten, op in skilderij fan Georg Mühlberg fan omtrint 1900.

It duël koe op elts momint stillein en beëinige wurde as de útdager dat winske. Dyselde hie ek de kar út de yn 't foar ôfsprutsen ein fan it duël. Rûchwei wiene dêrfoar trije mooglikheden:

  • in duël oant it earste bloed: it duël soe dan einigje as ien fan 'e duëllisten in wûne oprûn dêr't er út blette, ek as it mar om in skramke gie;
  • in duël oant ien fan beide partijen sa swier ferwûne rekke dat er fysyk net mear by steat wie om 'e striid fuort te setten;
  • in duël oant de dea, dat pas ophold as ien fan beide partijen dea of deadlik ferwûne rekke wie.

By swurdduëls waard faak oant it earste bloed fochten, wat de oerlibbingskâns fan 'e beide duëllisten oansjenlik grutter makke as by pistoalduëls. It wie by swurdduëls ek faak mooglik dat de sekondant yn it eigentlike gefjocht it plak fan syn prinsipaal ynnaam, benammen as de prinsipaal net beleard wie yn it skermjen. Soms waard in duël dan útfochten tusken twa sekondanten wylst de prinsipalen taseagen. Sadree't in sekondant it plak fan 'e prinsipaal ynnaam, koe der inkeld oant it earste bloed fochten wurde.

By pistoalduëls namen sekondanten nea it plak fan 'e prinsipaal yn; dat wie ek net nedich, want eltsenien kin ommers in pistoal ôfsjitte. Pistoalduëls begûnen faak as de duëllisten mei de rêgen tsjininoar oan stiene. Op kommando fan ien fan 'e sekondanten of mooglik fan in ûnpartijige skiedsrjochter setten se dan in gelikens oantal passen byinoar wei, oant se de yn 't foar ôfsprutsen ôfstân berikt hiene. Dan draaiden se har om en besochten inoar del te sjitten. Dêrby waard it as falskspyljen en in teken fan leffens beskôge om foar in kûgel wei te dûken. In probleem by dat systeem wie wol dat elts fan 'e beide prinsipalen derop fertrouwe moast dat de oare him net te betiid omdraaie en syn tsjinstanner yn 'e rêch sjitte soe, wat ek wer as in foarm fan falskspyljen beskôge waard. Dêrom waard de ôfstân ek wol ôfmetten troch de sekondanten, wêrnei't de prinsipalen har op de fêststelde plakken mei de gesichten nei-inoar ta opstelden. By in ôfsprutsen sinjaal, lykas it falle litten fan in bûsdoek, mochten se dan begjinne te sjitten. Wer in oar systeem liet de beide prinsipalen om bar sjitte, te begjinnen mei dejinge dy't ta it duël útdage wie.

Oer it algemien waard der earst troch beide prinsipalen ien skot lost. As net ien fan beiden rekke waard en de útdager ferklearre dat er dêrmei tefredensteld wie, dan wie it duël oer. Wie de útdager net tefredensteld, dan gie it duël troch oant ien fan beiden ferwûne of dea rekke. Om mear as trije kear te sjitten, waard lykwols beskôge as barbaarsk, en as net ien fan beide prinsipalen dêrby wat rekke, waard it ek in wat bespotlike bedoening. It wie ek mooglik dat de iene prinsipaal miste en dat de oare dêrnei mei sin mis skeat, bygelyks troch yn 'e grûn of yn 'e loft te sjitten. Soms diene beide prinsipalen dat. Dêrmei wie oan 'e betingsten fan it duël foldien en wie dochs nimmen ferwûne rekke. Dy praktyk waard lykwols spesifyk ferbean troch de Seisentweintich Geboaden fan 1777, en as mar ien fan 'e prinsipalen it die, koe it skeel der noch troch oanboazje, om't it opfette wurde koe as wie de tsjinstanner it deasjitten net wurdich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Bibliography op dizze side.