[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Klaas Dankert

Ut Wikipedy

Klaas Dankert (Sint-Anne, 1 jannewaris 1942 - Grins, 25 maaie 2024) wie in Frysk politikus út namme fan de Partij fan de Arbeid.

Hy wie in soan fan Theunis Klazes Dankert en Tietje Harmens Boersma. Thús prate er Biltsk mei syn heit en Frysk mei syn mem. Klaas Dankert studearre oan de Bysûndere Hegere Lânbouskoalle yn Ljouwert en wie oan it begjin fan syn karriêre lânboufoarljochter.

Hy wenne yn Marsum, Weidum en Sint Anne. Op 20 augustus 1965 troude er yn Emmeloard mei Geertruida Bril en krige mei har twa bern.

Dankert wie fan 1978 oant 1989 deputearre yn de provinsje Fryslân foar de Partij fan de Arbeid. Hy krige doe wettersteat en miljeu yn syn portefúlje. Fan 1989 oant 2002 beklaaide hy it amt fan boargemaster fan de gemeente It Bilt. Ek wie er foarsitter fan ûnder mear de stifting "Je maintiendrai". Yn 1988 krige er de Fryske Parsepriis.

Klaas Dankert ferstoar op 25 maaie 2024 yn 'e âldens fan 82 jier, as gefolch fan in fytsûngelok.[1]

  • Sekretaris/ponghâlder stifting Je Maintiendrai
  • Foarsitter Frysk Natuermuseum
  • Lid Ried fan Tafersjoch Stichting Waddengroep
  • Foarsitter Stichting Jabikspaad-Fryslân
  • Ambassadeur "Slagen voor Veiligheid" foar Flevolân en Grinslân
  • Foarsitter Sintrale Bibleteektsjinst CBD
  • Foarsitter Regionale Brânwar
  • Foarsitter Túnboustichting NW Fryslân
  • Foarsitter Hûs en Hiem

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: