Ivar Aasen
Ivar Andreas Aasen (Ørsta yn de regio Sunnmøre, 5 augustus 1813 – Christiania, 23 septimber 1896) wie in Noarsk botanikus, dichter, toanielskriuwer, taalkundige en de makker fan de twadde Noarske skriuwtaal, it Landsmål (Nynorsk).
Aasen wie in boeresoan út West-Noarwegen. Fan 1843 oant 1846 bereizge er it westen fan it lân en sammele wilens skaaimerken en wurden fan de ferskate dialekten dy't dêr sprutsen waarden. Ut dy dialekten stalde er in skriuwtaal gear; de grammatika publisearre er 1864 en yn 1873 ferskynde it wurdboek fan it Nynorsk. Hy brûkte syn nije taal sels yn literêre teksten en krige rillegau in protte oanhingers. Yn 1892 waard it Landsmål (de lânstaal) lyksteld oan it Riksmål (de rykstaal).
Taaljier 2013
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Språkåret 2013 (it taaljier 2013) fierde Ivar Aasen syn 200e jierdei,[1] en de hûndertste jierdei fan Det Norske Teateret. De klam yn Språkåret 2013 lei op it taalferskaat yn Noarwegen.[2] De krante Bergens Tidende, dy't gewoanwei yn it bokmål publisearret, publisearre 5 augustus 2013 in edysje yn it nynorsk ta oantins fan Aasen.[3]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- www.aasentunet.no
- Monumint ta eare fan Ivar Aasen makke fan Paul Fjelde
- Haraldshaugen fan Ivar Aasen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|