[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Halkomelem

Ut Wikipedy
Halkomelem
algemien
eigen namme Eilânsk: Hul̓q̓umín̓um̓
Leechlânsk: Hunqʼumʔiʔnumʔ
Heechlânsk: Halq̓eméylem
lânseigen yn Kanada
Feriene Steaten
tal sprekkers 285 (1997/2014) of 500 (2016)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Salisjaansk
  ● Kust-Salisjaansk
    ● Sintraal Kust-Salisjaansk
      ● Halkomelem
dialekten Eilân-Halkomelem,
Leechlân-Halkomelem,
Heechlân-Halkomelem
taalkoades
ISO 639-3 hur

It Halkomelem is in Yndiaanske taal dy't fan oarsprong sprutsen wurdt troch ferskate Kust-Salisjaanske folken yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en it uterste noarden fan 'e Amerikaanske steat Washington. It eardere taalgebiet besloech it súdeastlike part fan Vancouvereilân en in diel fan it fêstelân dêrfoaroer, mei û.m. de delta fan 'e rivier de Fraser. It Halkomelem heart ta de Kust-Salisjaanske kloft fan 'e Salisjaanske talen en omfiemet trije frij sterk útinoar rinnende dialekten. It endonym fan 'e taal is yn it Eilân-Halkomelem Hul̓q̓umín̓um̓, yn it Leechlân-Halkomelem Hunqʼumʔiʔnumʔ, en yn it Heechlân-Halkomelem Halq̓eméylem. De term 'Halkomelem' is in fan oarsprong Ingelske ferbastering fan dy nammen. Omtrint 2014 wiene der noch 285 memmetaalsprekkers fan it Halkomelem.

It Halkomelem is in Salisjaanske taal, dy't ta de sintrale groep fan 'e Kust-Salisjaanske taalkloft heart. De Kust-Salisjaanske talen besteane út trije subgroepen; njonken de Sintrale Kust-Salisjaanske talen binne dat de útstoarne Tsamosaanske talen en it krektlyk útstoarne Tillamûk (Tillamook). Yn etnografyske literatuer wurde njonken de sprekkers fan 'e Kust-Salisjaanske talen faak ek de (eardere) sprekkers fan Tsamosaanske talen identifisearre as 'Kust-Salisjanen' (Coast Salish). De Sintrale Kust-Salisjaanske taalkloft bestiet út tsien ûnderskate talen, wêrfan't tsjintwurdich njonken it Halkomelem inkeld it Komoks (Comox), Sesjelt (Sechelt), Skwamisj (Squamish) en Noardlik Strjitte-Salisjaansk (Northern Straits Salish) noch as memmetaal sprutsen wurde.

It oarspronklike taalgebiet fan it Halkomelem besloech in oansjenlik diel fan wat no it súdwestlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia is. Op Vancouvereilân omfette it it súdeasten fan it eilân, oan 'e westkust fan 'e Saanich-ynham yn noardlike rjochting oant foarby it eilantsje Gabriola, en oan 'e eastkust fan Nanaimo oant Nanoose Bay. Op it fêstelân fan Britsk-Kolumbia omfieme it de hiele delta fan 'e rivier de Fraser, fanôf it uterste noarden fan 'e Amerikaanske steat Washington oant foarby de noardlike râne fan 'e stêdekloft fan Vancouver, en by de kust wei rivierop oant de Harrison-mar en de westlike râne fan 'e Fraser Canyon.

It (oarspronklike) taalgebiet fan it Halkomelem yn Noard-Amearika.

It Halkomelem is as taal fuortkommen út 'e komplekse sosjale en ekonomyske útwikseling tusken de ûnderskate stammen dy't de taal brûkten. In soad lju fan Vancouvereilân stieken nammentlik simmerdeis de Strjitte fan Georgia oer nei it fêstelân, dêr't se kampen opsetten oan 'e iggen fan 'e rivier de Fraser om dêr yn july en augustus te wêzen as de salm fan 'e see ôf de rivier op kaam. Beävensearre houliken tusken bern út ferskillende dialektgebieten kamen dêrtroch in protte foar, sadat der yn 'e krite fan 'e Strjitte fan Georgia en de Puget Sound in regionaal sosjaal netwurk ûntstie.

De earste duorjende kontakten mei de blanken fûnen plak yn 'e 1840-er jierren, doe't de earste kolonisten harren yn it gebiet fan 'e Halkomelem-sprekkende stammen nei wenjen setten. Dat wie it begjin fan in ûnbidich grutte tastream fan blanken, dy't begûn yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en trochgie yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw. Ien gefolch dêrfan wie de fêstiging, midden yn it taalgebiet fan it Halkomelem, fan 'e stêdekloft fan Vancouver. Dat hie jammerdearlike gefolgen foar de taal, dy't almar mear yn 'e knipe kaam troch de oerweldigjende konkurrinsje fan it Ingelsk.

Dêr kaam noch by dat yn Kanada in skoallesysteem foar Yndianen ynfierd waard, dat derop rjochte wie om Yndiaanske bern sa ier mooglik by de âlden wei te heljen en nei ynternaten te stjoeren, dêr't harren ferbean waard om harren eigen taal te sprekken en om harren eigen godstsjinst út te oefenjen. De bedoeling wie dat de Yndianen folslein yn de blanke kultuer assimilearje soene. Safier kaam it net, mar fral de Yndiaanske talen hiene slim te lijen ûnder dizze foarm fan kulturele genoside.

Tsjintwurdich hawwe ferskate stamme-organisaasjes eigen taalprogramma's opset, wêrmei't besocht wurdt om it no fluch útstjerrende Halkomelem wer by te bringen oan 'e bern. Sokke programma's binne yn gebrûk by de Stolo Naasje, de Seabird Island Earste Naasje en de Kouwitsjan Stammen. In taalprogramma dat rjochte is op folwoeksenen is yn gearwurking mei de Universiteit fan Britsk-Kolumbia ûntwikkele troch de Muskwiim Naasje. Yn septimber 2009 publisearre de University of California Press it Dictionary of Upriver Halkomelem, in wurdboek fan it Heechlânske dialekt fan 'e taal. Yn 2011 waard in app yn it Halkomelem makke foar de iPhone.

Taalkundigen telden by wittenskiplik ûndersyk yn 2014 yn Kanada noch 260 memmetaalsprekkers fan it Halkomelem, dy't ferdield wiene oer 35 fan 'e 42 Yndiaanske mienskippen dy't oarspronklik Halkomelem-talich west hiene. Yn 'e Feriene Steaten libben neffens in taalkundich ûndersyk út 1997 doe noch mar 25 minsken dy't it Halkomelem as memmetaal hiene. Dat jout in totaal fan 285 sprekkers. Op in etnyske populaasje fan likernôch 24.270 minsken (19.000 yn Kanada; 5.270 yn 'e Feriene Steaten) komt dat del op in persintaazje fan 1,2%.

By de Kanadeeske folkstelling fan 2016 joegen lykwols 475 minsken op dat harren memmetaal it Halkomelem wie. Mei de 25 sprekkers út 'e Feriene Steaten soe dat it totaal op 500 sprekkers bringe, wat, ferrekkene mei de totale etnyske befolking, in persintaazje opleveret fan 2,1%. Yn elts gefal bestiet it meastepart fan 'e memmetaalsprekkers fan it Halkomelem út lju yn har middeljierren of âlder. Sadwaande minderet it tal sprekkers gau troch natuerlik ôfstjerren.

Njonken de memmetaalsprekkers waarden yn 2014 yn Kanada ek 990 lju teld dy't it Halkomelem yn ferskate mjitte as twadde taal behearskje. By de Kanadeeske folkstelling fan 2016 joegen fierders 1.060 minsken oan dat se "kennis hiene" fan it Halkomelem (wat fansels in hiel soad betsjutte kin). Ek joegen by de folkstelling 45 minsken op dat it Halkomelem de deistige omgongstaal by harren yn 'e hûs wie, wylst 15 minsken opjoegen dat it Halkomelem de deistige omgongstaal by harren op it wurk wie.

It Halkomelem wurdt skreaun yn it Latynske alfabet, útwreide mei ferskate ekstra letters: de θ foar de Ingelske stimleaze th, de ɬ foar de Welsk ll, de ƛ foar in t-klank folge troch de Welske ll en de ʔ foar de glottisslach. Dy bykommende letters binne ûntliend oan 'e amerikanistyske fonetyske notaasje, mar komme foar it meastepart ek foar yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA).

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as de measte Salisjaanske talen is it Halkomelem in polysyntetyske taal. In wurd kin yn it Halkomelem bestean út in wurdkearn dy't op himsels stiet en ûnferoare bliuwt, of út in wurdkearn dy't feroarings ûndergiet troch ien of mear prosessen fan ynterne oanpassing en/of oanfolling troch ien of mear foar-, tusken- of efterheaksels. Om't alle wurden, útsein inkele bywurden, funksjonearje kinne as stelde (Nederlânsk: gezegde), is der gjin grûnslach foar ûnderskie tusken tiidwurden, haadwurden en eigenskipswurden. Dy wurdsoarten kinne lykwols wol op oare manearen faninoar ûnderskaat wurde. Tiidwurden hawwe yn it Halkomelem nammentlik in progressive aspekt en kinne gjin besitlike foar-, tusken- of efterheaksels krije, wylst haadwurden gjin progressyf aspekt hawwe en krekt wol besitlike foar-, tusken- en efterheaksels krije kinne. Eigenskipswurden, ta einbeslút, hawwe noch in progressyf aspekt, noch kinne se besitlike foar-, tusken- en efterheaksels krije.

De fonology fan 'e ferskillende dialekten fan it Halkomelem ferskilt frijwat. Hjirûnder is de fonology fan it Leechlândialekt werjûn, sa't dat sprutsen wurdt troch de Muskwiim (Musqueam).

It Halkomelem omfiemet fiif fokalen: a, e, ə (de sjwa), i en u. Utsein de sjwa komme se behalven as koarte fokalen ek allegear foar as lange fokalen. Lange lûden wurde yn 'e stavering fan it Halkomelem werjûn troch se folgje te litten troch in middelpunt (·), dus: , , en . Fan 'e fiif fokalen binne de a, , e, , ə, i en tige algemien, wylst de u en benammen yn lienwurden foarkomme.

Fan alle fiif fokalen rint de fonetyk sterk útinoar. De i hat trije allofoanen. As er folge wurdt troch in net-rûne uvulaar wurdt er útsprutsen as [e] (likernôch de ee fan "see", mar koarter); as er foarôfgiet oan net-rûne of rûne uvularen, wurdt er útsprutsen as [ɪ] (de i fan "pit"); en op oare plakken is de útspraak [i] (y fan "dyk"). De e wurdt útsprutsen as in [ɛ] (e fan "lek") of in [æ] (a fan it Ingelske hat). De a wurdt útsprutsen as in [a] (a fan "lam"), mar faak ek suver as in [ɑ] (a fan "bak" sa't dat yn in soad Hollânske dialekten sein wurdt, dus niigjend nei in o fan "hok"). De útspraak fan 'e u swalket earne tusken de [u] (û fan "rûch") en de [o] (o fan "bok").

De sjwa, ə, dy't yn bygelyks it Frysk en it Nederlânsk inkeld foarkomt yn ûnbeklamme wurdlidden (lykas yn "gewoan") of yn ûnbeklamme wurden (lykas "de"), kin yn it Halkomelem ek klam krije. De útspraak ferskoot dan ôfhinklik fan 'e oangrinzgjende letters. Foar in x niget er dan nei in [ɪ] (i fan "pit"); foar in y nei in [ɛ] (e fan "lek"); foar in w nei in [ɑ] (Hollânske a fan "bak"); en foar rûne felaren nei in [o] (o fan "bok"). De ûnbeklamme sjwa kin ek assimilearre wurde ta de útspraak [e] (ee fan "see", mar koarter) of [a] (a fan "lam") troch de ynfloed fan in e, resp. a yn in oanbuorjend wurdlid. Dat proses hjit fokaalharmony.

It Halkomelem (of alteast it Leechlânske dialekt fan 'e Muskwiim) hat 43 ûnderskate konsonanten. Dêrfan hawwe de b, d, f, h, k, l, m, n, p, s en t de 'gewoane' útspraak sa't dy ek yn it Frysk foarkomt. Oare bekende klanken hawwe de c ([ʦ], ts fan "tsiis"), ([kʷ], kw fan "kwea"), š ([ʃ], sj fan "sjippe"), w ([w], w fan "skowe"), x ([x], ch fan "berch") en y ([j], j fan "jas"). Fierders is de θ de foneytske [θ], better bekend as de stimleaze th út it Ingelske thin. Dy komt ek foar yn kombinaasje mei de t as ([tθ]). De q jout de yn 'e kiel útsprutsen k wer, en de ([qʷ]) is dyselde klank folge troch in lichte w fan "skowe".

De č ([ç]) is de sj fan "sjippe", mar útsprutsen mei it puntsje fan 'e tonge tsjin it hurde ferwulft oan, en de j ([ʝ]) is de zj fan "bagaazje" op deselde manear útsprutsen. De ([xʷ]) is de ch fan "berch" mei in lichte w fan "skowe" derefteroan. De ([χ]) is de ch fan "berch", mar yn 'e kiel útsprutsen, en de x̌ʷ ([χʷ]) is dyselde foarm fan 'e ch, mar dan folge troch in lichte w fan "skowe". De r fan it Halkomelem is de [ʀ], de breikjende r fan it Frânsk en it Limburchsk. De ɬ ([ɬ]) is de stimleaze alveolêre laterale frikatyf dy't yn it Welsk as ll foarkomt (bgl. yn llan, "doarp"). Dy foneem klinkt likernôch as oft men tagelyk de ch fan "berch" en de l fan "lek" útsprekt. En de ʔ ([ʔ]) is de glottisslach, dy't yn it Frysk foarkomt by it skieden fan twa deselde lûden, lykas yn "koöperaasje" of "Aäron".

Dan hat it Halkomelem noch in rige ejektive konsonanten, dy't, ienfâldich útlein, mei oansjenlik mear krêft útsprutsen wurde as 'gewoane' konsonanten. It giet dêrby om c’ ([ʦ’]), k’ ([k’]), k’ʷ ([kʷ’]), p’ ([p’]), q’ ([q’]), q’ʷ ([qʷ’]), t’ ([t’]) en t’θ ([tθ’]), mei fierders deselde útspraak as de boppeneamde 'gewoane' konsonanten. Ien ejektyf springt derút, en dat is de ƛʼ, dy't de klank [tɬʼ] werjout: in ejektive t folge troch de Welske ll. Ta einbeslút hat it Halkolelem dan ek noch fiif glottalisearre konsonanten, wat betsjut dat se útsprutsen wurde mei in lichte glottisslach derefteroan. Dat binne: ([lˀ]), ([mˀ]), ([nˀ]), ([wˀ]) en ([jˀ]).

Fan 'e boppeneamde 43 konsonanten komme der 5 (č, k, k’, š en ) mar selden foar, wylst 5 oaren (b, d, f, j en r) resinte ûntlienings út it Ingelsk binne, dy't inkeld foarkomme yn lienwurden en imitative wurdfoarmen. De stimleaze plofklanken hawwe yn it Halkomelem minder aspiraasje as yn it Ingelsk as se oan it begjin fan wurden of der middenyn foarkomme, mar krekt mear aspiraasje as yn it Ingelsk as se yn wurdeinige posysje steane. De fiif glottalisearre konsonanten binne problematysk yn 'e fonologyske analyze fan it Halkomelem. Yn it Heechlânske dialekt komme de glottalisearre konsonanten net foar, wylst se yn it dialekt fan Vancouvereilân just skerper útsprutsen wurde as yn it Leechlân-Halkomelem. In oar dialektysk ferskil is dat it Eilânsk en Leechlânsk beide sawol in [n] as in [l] hawwe, wylst dy beide klanken yn it Heechlânsk gearfallen binne, sadat dêryn inkeld in [l] foarkomt, mar gjin [n].

Klam bestiet yn it Leechlân-Halkomelem út in taname fan yntinsiteit fan útspraak dy't mank giet mei in ferheging fan 'e toan. Dêrfan besteane trije nivo's: primêre klam (yn 'e stavering werjûn mei in skerpteken: ´); sekundêre klam (werjûn mei in klamteken: `); en swakke klam (net werjûn). Elts wurd hat yn prinsipe ien wurdlid mei primêre klam, mar it foarkommen dêrfan is net alhiel foarsisber. Yn net ferbûgde wurden mei mear as ien fokaal falt de primêre klam ornaris op 'e earste fokaal, lykas yn céləx ("hân") en léləm ("hûs"). Op dy regel binne lykwols guon útsûnderings, lykas xəmén ("fijân").

Sa't yn 'e foargeande foarbylden sjoen wurde kin, falt de primêre klam op 'e oare fokaal as in wurd ien of mear sjwa's en in oare fokaal hat. Ek dêrop binne útsûnderings, bygelyks in wurden mei in glottisslach yn wurdeinige posysje, dy't net foarôfgien wurde kinne troch in sjwa, lykas yn nə́cʼaʔ ("ien"). Hoewol't minimal pairs dy't kontrastearjende klam sjen litte, seldsum binne, komme se yn it Halkomelem wol deeglik foar. De primêre klam yn in tiidwurd dat opboud is út in sonorant, in sjwa en in obstruïnt, folge troch it efterheaksel -t (dat transitiviteit oanjout), kin op 'e wurdkearn, mar ek op it efterheaksel falle. Dat makket minimal pairs mooglik. In foarbyld is mə́kʼʷət ("bergje it") en məkʼʷə́t ("foltôgje alles").

De sekundêre klam komt almeast foar yn wurden dy't opboud binne út in wurdkearn dy't syn klam beholden hat mei dêropta in beklamme efterheaksel, lykas yn cʼéwəθàmx ("help my"). Saakkundigen hâlde it lykwols foar mooglik dat dizze klampatroanen, dy't yn 2004 by taalkundich ûndersyk troch Wayne Suttles fêststeld binne, der eins op wize dat it Halkomelem in tonale taal is. De sekundêre klam soe dan eins in fallende toan wêze. Op dit mêd is noch ferlet fan fierder ûndersyk.

It Halkomelem bestiet út trije frij sterk útinoar rinnende dialekten.

Halalt, Kouwitsjan (Cowichan), Kwôlikum (Qualicum), Lamaltsja (Lamalcha of Hwlitsum), Ljekson (Lyackson), Malahat, Nanaimo, Paukwatsjin (Pauquachin), Penelakût (Penelakut), Skianiuw (Scia’new of Beecher Bay), Snô-nô-as (Snaw-naw-as of Nanoose Bay), Tsjemainus (Chemainus of Stz’uminus)
Katzy (Katzie), Kwantlen, Kwikwetlem, Muskwiim (Musqueam), Snokomisj (Snokomish), Tsawwassen, Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh)
Aitsjelits (Aitchelitz), Jakweekwiûs (Yakweakwioose), Kaikait (Qayqayt), Lekkamel (Leq’ a: mel), Matsky (Matsqui), Popkum, Seabird Island-Yndianen, Sjchwouhamel (Shxw’ow’hamel), Skwah, Skwee (Skway), Skoukeel (Skowkale), Sûmas (Sumas), Sûwaly (Soowahlie), Teet, (Tait of Skawahlook), Tsiitsjten (Tzeachten), Tsjawatil (Chawathil), Tsjehalis (Chehalis of Sts’Ailes), Tsjiim (Cheam)

De ferskillen, benammen yn fonology en wurdskat, binne it grutste tusken it Eilândialekt en it Heechlândialekt; it Leechlândialekt nimt tusken dy beide utersten in brêgeposysje yn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.