[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Strjitte fan Georgia

Ut Wikipedy
Strjitte fan Georgia
De Strjitte fan Georgia tusken it fêstelân fan Britsk-Kolumbia (rj.) en Vancouvereilân (l.) yn. Súdliker wurdt Vancouvereilân skaat fan it Olympysk Skiereilân (ûnder) troch de Strjitte fan Juan de Fuca. Sedimint yn it wetter fan 'e Strjitte fan Georgia, dat meifierd wurdt troch de rivier de Fraser, is op dizze satellytfoto dúdlik sichtber.
De Strjitte fan Georgia tusken it fêstelân fan Britsk-Kolumbia (rj.) en Vancouvereilân (l.) yn. Súdliker wurdt Vancouvereilân skaat fan it Olympysk Skiereilân (ûnder) troch de Strjitte fan Juan de Fuca. Sedimint yn it wetter fan 'e Strjitte fan Georgia, dat meifierd wurdt troch de rivier de Fraser, is op dizze satellytfoto dúdlik sichtber.
geografy
type wetter seestrjitte / rânesee
lokaasje tusken it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en Vancouvereilân
lân Kanada
provinsje Britsk-Kolumbia
koördinaten 49°17′39″N 123°48′26″W
ûnderdiel fan Salisjaanske See
sifers
maks. lingte 240 km
maks. breedte 58 km
oerflak 6.800 km²
djiptegemiddelde 157 m
djipste punt 448 m

De Strjitte fan Georgia of Georgiastrjitte (Ingelsk: Strait of Georgia of Georgia Strait) is in seestrjitte foar de westlike kust fan Noard-Amearika. It skiedt it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia fan Vancouvereilân. De Strjitte fan Georgia makket ûnderdiel út fan 'e Salisjaanske See, dy't sels wer ta de Stille Oseaan heart. Troch de oanwêzichheid fan 'e haven fan Vancouver is de Strjitte fan Georgia in wichtige farrûte foar de skipfeart. Dêrnjonken is it ek in earsten toeristyske bestimming foar aktiviteiten as djipseedûken en walfiskspotten.

De Strjitte fan Georgia is in seestrjitte foar de westlike kust fan Noard-Amearika, dy't it fêstelân fan it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, yn it easten, skiedt fan it grutte eilân Vancouvereilân, yn it westen. De eastkust fan 'e Strjitte fan Georgia omfiemet yn it suden ek in lyts part fan it uterste noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Washington. De seestrjitte rint rûchwei fan noardwest nei súdeast oer in ôfstân fan likernôch 240 km. De breedte fariëarret fan 20 oant 58 km. De Strjitte fan Georgia hat in oerflak fan sa'n 6.800 km². It djiptegemiddelde bedraacht 157 m, mei in djipste punt op 448 m ûnder it wetteroerflak.

Oan 'e noardwestlike en súdeastlike útein wurdt de Strjitte fan Georgia ôfsletten troch smelle see-ingten tusken eilannen troch. Yn it noardwesten jout de Discovery-passaazje tusken de Discovery-eilannen troch tagong ta de Johnstonestrjitte en de iepen Stille Oseaan. Yn it súdeasten liede de Boundary Pass, de Harostrjitte en de Rosariostrjitte tusken de Golfeilannen en de San Juaneilannen troch nei de Strjitte fan Juan de Fuca, dy't Vancouvereilân (yn it noarden) skiedt fan it Olympysk Skiereilân fan Washington (yn it suden). De United States Geological Survey definiëarret de súdlike grins fan 'e Strjitte fan Georgia as in line dy't rint fan East Point op it eilân Saturna fia de eilannen Patos, Sucia en Matia nei Point Migley, op it eilân Lummi.

Mei de Strjitte fan Juan de Fuca, oan 'e súdkant fan Vancouvereilân, en de Puget Sound, in fjordeftige see-earm dy't djip it lân fan Washington ynsnijt en dêrmei it Olympysk Skiereilân (yn it westen) fan 'e rest fan 'e steat (yn it easten) skiedt, foarmet de Strjitte fan Georgia de Salisjaanske See. Der lizze ferskate eilannen middenyn de Strjitte fan Georgia, wêrfan't Quadra en Texada de grutsten binne. Oan 'e eastkant fan 'e seestrjitte snije ferskate fjorden, wêrûnder de Burrard-ynham, djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op. Fuort besuden de Burrard-ynham mûnet de grutte rivier de Fraser yn 'e Strjitte fan Georgia út. De delta fan 'e Fraser foarmet tsjintwurdich it sintrum fan 'e sterk urbanisearre stêdekloft fan Vancouver.

Fanwegen de lizzing fan 'e haven fan Vancouver oan 'e eastkust fan 'e Strjitte fan Georgia is de seestrjitte in wichtige rûte foar de skipfeart. Dêr komt noch by dat de seestrjitte de súdlike útein foarmet fan 'e Binnenpassaazje, in farrûte tusken it fêstelân fan Noard-Amearika en de eilannen foar de kust lâns, dy't oant djip yn Alaska rikt. Njonken Vancouver lizze oan 'e eastkust fan 'e Strjitte fan Georgia yn Britsk-Kolumbia de stêden Powell River, Sechelt en Gibsons. Yn Washington leit fierders noch de stêd Bellingham oan 'e eastkust fan 'e Baai fan Bellingham, dy't as ûnderdiel fan 'e Strjitte fan Georgia sjoen wurdt. Oan 'e westkust, op Vancouvereilân, lizze û.m. Campbell River, Courtenay, Comox, Qualicum Beach, Parksville, Lantzville en Nanaimo. Der binne twa fearen oer de Strjitte fan Georgia: ien fan Tsawwassen (súd fan Vancouver), nei Swartz Bay op Vancouvereilân (by Victoria), en in oaren fan Horseshoe Bay (noard fan Vancouver) nei Nanaimo.

Utsjoch oer de Strjitte fan Georgia.

Golf fan Georgia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferâldere term fan Golf fan Georgia, dy't soms as in synonym brûkt wurdt foar de Strjitte fan Georgia, hat eins in justjes oare betsjutting. De Golf fan Georgia beslacht nammentlik ek de tusken-eilânske see-ingten fan 'e Golfeilannen en alle oare wetters dêromtrint dy't net spesifyk ta de Strjitte fan Juan de Fuca of de Puget Sound hearre.

De kusten fan 'e Strjitte fan Georgia wurde al mear as tsientûzen jier bewenne troch Yndiaanske folken, yn 't bysûnder troch de Kust-Salisjanen. De earste Jeropeaan dy't de seestrjitte ynfear, wie mooglikerwize de Ingelske kaper en seefarder sir Francis Drake, yn 1579. De earste yngeande ferkenning fan 'e seestrjitte waard yn 1791 ûndernommen troch de Spaanske ûntdekkingsreizgers Juan Carrasco en José María Narváez. Harren opdrachtjouwer Francisco de Eliza joech doe oan 'e seestrjitte de namme Gran Canal de Nuestra Señora del Rosario la Marinera ("Grutte Wetterwei fan Us Leaffrou fan Rosario fan de Seefarders"). Fierdere ferkenning waard yn 1792 útfierd troch de Spanjert Dionisio Alcalá Galiano en de Ingelsman George Vancouver. Dy lêste joech de seestrjitte de namme 'Golf fan Georgia', nei kening George III fan Grut-Brittanje. It fêstelân oan 'e eastkant fan 'e seestrjitte neamde er Nij-Georgje, en gebieten fierder nei it noarden neamde er Nij-Hannover en Nij-Bremen.

Yn 1872 waard foar it earst it kontroversjele idee yn omtinken nommen om in brêge oer de Strjitte fan Georgia te bouwen, dy't Vancouvereilân ferbine moast mei it fêstelân fan Britsk-Kolumbia. Yn 't earstoan gie it dêrby om in spoarbrêge oer it Nau fan Seymour by Menzies Bay, foarby de noardwestlike útein fan 'e seestrjitte. Lettere útstellen beëagen om 'e Strjitte fan Georgia sels te oerbrêgjen. Tsjintwurdich tinkt men oan in tunnel ûnder de seestrjitte troch, dy't de stêdekloft fan Vancouver, op it fêstelân, ferbine moat mei it regearingssintrum Victoria, de haadstêd fan Britsk-Kolumbia, op Vancouvereilân. Dat idee is net inkeld kontroversjeel fanwegen de kosten, mar ek omreden fan 'e ynfloed dy't it op Vancouvereilân hawwe soe. Foarstanners sizze dat it toerisme op it eilân der in grutte triuw yn 'e rêch fan krije soe, wylst tsjinstanners bang binne dat it eilân dan noch fierder ferstedskje sil, mei alle negative gefolgen dy't dêrmei mank geane foar de natoer.

Sinne-ûndergong boppe de Strjitte fan Georgia.

Op 23 juny 1946 waard de Strjitte fan Georgia troffen troch de swiere ierdbeving fan Vancouvereilân, dy't de boaiem fan Deep Bay tsken de 3 en 26 m sakje liet. Yn 1967 waard yn Vancouver de krante The Georgia Straight oprjochte, wêrfan't de namme in wurdboarterij op 'e namme fan 'e seestrjitte is. Yn maart 2008 stelde in Yndiaanske stamme-organisaasje, de Kust-Salisjaanske Tsjemainus Earste Naasje, foar en neam de Strjitte fan Georgia om ta de 'Salisjaanske See'. Dat idee waard oernommen troch Mike de Jong, de Britsk-Kolumbiaanske minister fan Relaasjes mei Lânseigen Folken, dy't it op 't aljemint brocht yn it provinsjaal regear. Underwilens wie yn 'e Feriene Steaten in inisjatyf fan 'e grûn kommen om alle wetters fan 'e Strjitte fan Georgia, de Strjitte fan Juan de Fuca en de Puget Sound mei-inoar de namme 'Salisjaanske See' te jaan. It wie dat lêste foarstel dat ein 2009 oannommen en ynfierd waard troch it Amerikaanske regear, en yn 2010 troch it Kanadeeske regear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.