Christiansborg
Christiansborg | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
regio | Haadstêd | |
adres | Prins Jørgens Gård 1 1218 Kopenhagen | |
koördinaten | 55° 40' N 12° 34' E | |
Skiednis | ||
stifter | Kristiaan VI fan Denemark | |
boujier | 1907-1928 | |
Oars | ||
boustyl | neobarok | |
Webside | ||
kongeligeslotte.dk | ||
Kaart | ||
It Slot Christiansborg (Deensk: Christiansborg Slot) is in paleis op it eilân Slotsholmen yn it sintrum fan Kopenhagen. Yn it gebou binne it Deenske parlemint (Folketing), it Deenske heechgerjochtshôf (Højesteret) en it Ministearje fan 'e Steat (Statsministeriet) ûnderbrocht. Ferskillene dielen fan it paleis, wêrûnder de keninklike ûntfangstseal, de kapel en de keninklike stâlen wurde brûkt troch it Deenske keningshûs.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde kastiel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It slot stiet op it plak dêr't biskop Absalon yn 1167 in kastiel boude. De resten fan dat gebou kinne noch sjoen wurde yn 'e kelder fan 'e Christiansborg.
Nei't yn 1369 de Hânze it kastiel fan Absalon ferneatige, waard op it plak in nij kastiel boud. De Blauwe Toer fan dat kastiel waard as finzenis brûkt. Dat kastiel waard yn 1731 yn opdracht fan kening Kristiaan VI ôfbrutsen.
De earste Christiansborg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Kristiaan VI joech de Dútske arsjitekt Elias David Häusser (1687-1745) opdracht om op it plak in nij slot te bouwen. Op 21 April 1733 lei de kening de earste stien foar in rokoko-paleis fan fjouwer fleugels mei in maneezje, hôfteäter en slottsjerke. De ûnbidich hege kosten fan 'e bou besloegen mear as de helte fan it folsleine jierynkommen fan it keninkryk.
Goed 50 jier spile der oan it hôf in tige weelderich hôflibben ôf. Mar op 26 febrewaris 1794 ûntstie der yn in skoarstien tichteby it haadferbliuw fan 'e kroanprins yn 'e haadfleugel brân, dy't him de oeren dêrnei útwreide. In grutte mannichte wurke der net allinne oan om it slot en syn ynhâld te rêden, mar ek de omlizzende bebouwing, dêr't it sintels reinde.
It slot en de slottsjerke baarnde ôf en mei gie in grut part fan it besit fan 'e kening mei de keunstwurken ferlern.
De twadde Christiansborg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de brân fan 1794 waard der ferskillende kearen besocht om in nij slot te bouwen, mar de sitewaasje waard der mei de stedsbrân fan Kopenhagen yn it jier dêrnei net better op. Lang om let sette Kristiaan VII in nije boukommisje op om plannen te meitsen foar in nij slot yn kombinaasje mei in nij stedhûs en gerjochtshôf foar Kopenhagen.
It twadde slot waard troch Christian Frederik Hansen ûntwurpen, dy 't dêr al yn 1800 in útstel oer dien hie. In grut part fan 'e bûtenmuorren en binnenferdieling fan it ôfbaarnde slot waarden op 'e nij brûkt foar de bou fan 'e twadde Christiansborg. In belangryk ferskil yn it nije ûntwerp wie it ûntbrekken fan de toer en de fleugel, dy't op de maneezje útseach. Yn it útstel fan Hansen waarden de twa sydfleugels op it plak fan 'e weibrutsen fleugel no mei in kollonade ferbûn. Dêrmei waard it slot lytser as de foargonger.
It slot waard yn 'e styl fan it klassisisme boud en om gruttere muorreoerflakken te realisearjen waarden yn 'e gevel dy't útsjocht op it Slotplein (Slotsplads) it oantal ramen werom brocht.
Alhoewol't der plannen wiene om in lytsere kapel te bouwen, waard de slottsjerke weropboud mei behâld fan de âlde muorren. Nei in boutiid fan in fearnsiuw wie it slot safier dat it op 1 novimber 1828 wer yn gebrûk nommen wurde koe.
Mar de kening hie doe net in soad ynteresse mear yn it slot. Nei de brân wenne de keninklike famylje yn 'e Amalienborg en dêr hiene se it goed nei't sin. Sawol Freark VI, dy't kening yn 1808 waard, as Kristiaan VIII, dy't opgroeide yn 'e Amalienborg, bleaune dêr leaver wenjen. Dêrom waard der foar keazen om 'e Christianborg tenei in represintative funksje te jaan en dêr gasten yn ûnder te bringen. Earst doe't Freark VII yn 1848 kening waard krige it slot ek wer oare funksjes. Freark VII brocht de kantoaren fan it hôf yn 'e Christianborg ûnder en hy brûkte it slot ek wol as winterresidinsje.
Yn 1848 wie de Christiansborg it toaniel fan demonstraasjes, dy't laten ta de earste demokratyske grûnwet fan Denemark. Mei't der in ein kommen wie oan it absolutisme yn Denemark koe de kening net mear oer it steatsynkommen beskikke en moast er him sjen te rêden mei it eigen budget. It einige dermei dat de kening in grut part fan it kastiel oan it parlemint oerdroech, dy't dêr foar it earst yn jannewaris 1850 sitting hie.
It twadde slot baarnde op 3 oktober 1884 ôf. Der wiene nei de ûnderfining fan 'e earste brân brânwarjende maatregels nommen lykas brânmuorren, izeren doarren en apparatuer om brân te dwêsten, mar der wienen in tal holtes wêrtroch de brân him dochs ferspriede koe. It fjoer begûn ticht by de seal fan it parlemint en op 'e nij wie de oarsaak in skoarstienbrân. De middenfleugel en de súdlike fleugel waarden al gau opjûn en de brânwar konsintrearre him fral op it slagge behâld fan de slottsjerke en de gebouwen om de maneezje hinne. Om 't de brân minder fluch gie as by de eardere brân, koene grutte dielen fan it ynterieur rêden wurde, sadat de ferliezen minder slim wiene as by de earste brân.
Tredde slot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fuort nei de brân moasten de ynstellingen fan 'e Christiansborg alternative romtes krije. It waard oannommen dat alles mar foar in skoftsje wie en der waarden ferskillende wedstriden útskreaun, mar it duorre noch oant by in lêste wedstriid yn april 1906, doe't in ûntwerp fan Thorvald Jørgensen keazen waard. De bou sette yn 'e hjerst fan 1906 útein, goed 20 jier nei de twadde brân. It nije slot waard op 'e selde fûneminten boud as de twa eardere kastielen en de bûtenmuorren fan 1736 waarden ek no yntegrearre yn it tredde slot.
It nije slot waard tusken 1907 en 1928 boud en soe deselde funksjes krije as foar de brân. It waard boud yn neobarokke styl fan wapene beton en mei granyt bedutsen gevels. It oarspronklike dak hie dakpannen, mar yn 'e jierren 1937-1938 waarden dy ferfongen troch koper. De wynwizer mei twa kroanen waard letter op de toer set, dy't mei 106 meter de heechste toer fan 'e stêd waard.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bibleteek
-
Ridderseal
-
Parlemintsseal
-
Keninklike keuken
-
Troanseal
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Christiansborg.
|