[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli

Ut Wikipedy
doña Ana de Mendoza y de la Cerda, prinsesse fan Éboli
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Spaansk
bertedatum 29 juny 1540
berteplak Cifuentes (Spanje)
stjerdatum 2 febrewaris 1592
stjerplak Pastrana (Spanje)
dynasty Hûs Mendoza
etnisiteit Spaansk
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Ana. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Mendoza, en de twadde efternamme (fan memmekant) is de la Cerda. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Mendoza of oars (de) Mendoza y de la Cerda brûkt wurde.

Doña Ana de Mendoza, prinsesse fan Éboli (folút: doña Ana de Mendoza y de la Cerda; Cifuentes, 29 juny 1540Pastrana, 2 febrewaris 1592) wie in Spaansk ealfrouwe en politika, dy't tusken 1576 en 1579 grutte macht útoefene oan it Spaanske Keninklik Hof. Hja wie troud mei de fan oarsprong Portegeeske ealman Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, ien fan 'e wichtichste Spaanske politisy út 'e sechstjinde iuw.

Doña Ana waard yn 1540 berne as ienlingsdochter fan Diego Hurtado de Mendoza y de la Cerda, prins fan Mélito, hartoch fan Francavilla, greve fan Aliano en ûnderkening fan Perû, en dy syn frou Catalina de Silva. Yn 1552, doe't se tolve jier wie, liet de doe 36-jierrige en tige ynfloedrike don Ruy Gómez de Silva, prins fan Éboli, him mei har ferloovje, op advys fan syn freon prins Filips, de lettere kening fan Spanje. It houlik waard yn 1553 sletten, doe't doña Ana trettjin jier wie. De folgjende jierren ferkearde Éboli lykwols oanhâldend om utens, dêr't er earst mei Filips II de Nederlannen besocht en doe lange tiid yn Ingelân ferbleau fanwegen it houlik fan Filips mei de Ingelske keninginne Marije de Bloedige. Sadwaande waard it houlik pas 'konsumearre' yn 1559, doe't doña Ana achttjin of njoggentjin jier âld wie.

Ut 'e beskriuwings fan har dy't oerlevere binne, is dúdlik dat doña Ana in tige tsjeppe frou wie, ek al droech hja in lapke oer har rjochtereach. It is ûndúdlik wat dêr mei wie; der wurdt wol spekulearre dat se troch in ûngemak oan dy kant blyn wurden wie. Hja wie in tige enerzjyk persoan, en hja late in prominint bestean oan it Spaanske Keninklik Hof, dêr't hja befreone wie mei Isabella fan Falois, de frou fan Filips II en keninginne fan Spanje. Der wurdt wol grute dat hja op in stuit de mêtresse fan Filips II wie, mar wat dêr fan oan is, is net dúdlik.

Nei it ferstjerren fan har man, yn 1573, brocht doña Ana trije jier troch yn in kleaster, oant har weromkear oan it Spaanske hof, yn 1576. Doe naam se it liederskip fan 'e saneamde 'ebolistyske partij' oan it hof oer, dy't earder troch har man oanfierd wie. Se gie in alliânsje oan mei Antonio Pérez (1540-1615), de ûnderminister fan Utlânske Saken, tsjin 'e partij fan Ferdinand Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva, de âlde rivaal fan har man silger. Doña Ana har fal kaam yn 1579, nei de moard op Juan de Escobedo, in eardere tsjinner fan har man, it jiers dêrfoar. Sy en Pérez waarden beskuldige fan it ferrieden fan steatsgeheimen en waarden dêrfoar feroardiele. Doña Ana stoar nei trettjin jier fan finzenskip yn 1592.

Ut it houlik fan doña Ana mei de prins fan Éboli waarden njoggen bern berne:

It libbensferhaal fan doña Ana hat de minsken neitiid altyd fassinearre, mei har betide houlik, har politike yntriizjes en har tryste ein. Ek har opfallende eachlapke, dat har in wat seerôvereftich uterlik joech, sil datoangeande grif meispile hawwe. Doña Ana ferskynde as it personaazje Prinsesse Eboli yn Schiller syn toanielstik fan Don Carlos, Infant von Spanien en teffens yn Verdi syn opera Don Carlos. Fierders wie se it titelpersonaazje yn 'e roman That Lady, fan Kate O'Brien, en yn 'e dêrop basearre filmadaptaasje út 1955. Hja waard spile troch Julia Ormond yn 'e film La Conjura de El Escorial (2008) en troch Belén Rueda yn 'e tillefyzjefilm La Princesa de Éboli (2010).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.