[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Telefyzjefilm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tillefyzjefilm)

In telefyzjefilm of tillefyzjefilm is in film dy't net makke wurdt om yn 'e bioskoop fertoand te wurden, mar om útstjoerd te wurden op 'e telefyzje.

Telefyzjefilms lizze faak op in minne namme en wurde gauris as B-films beskôge. Foar in grut part is it yndie wier dat telefyzjefilms fan mindere kwaliteit binne as spylfilms. Dat hat dermei te krijen dat se makke wurde moatte mei minder jild en middels en yn minder tiid as spylfilms, en dat de spilers yn telefyzjefilms selden akteurs fan namme binne. Lykwols besteane der ek kwalitatyf goede telefyzjefilms, dy't ynternasjonale prizen wûn hawwe, lykas Duel, fan regisseur Steven Spielberg, en The Last Seduction, fan John Dahl.

Soarten telefyzjefilms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In apart soarte telefyzjefilm is de pilotôflevering (pilot is Ingelsk foar loads), de earste, dûbellange ôflevering fan in nije telefyzjesearje, mei in ôfrûne ferhaal. Sa'n pilotôflevering wurdt yn 'e regel troch de produsinten makke om op basis dêrfan te evaluëarjen oft men it oandoar en stek jins jild yn 'e produksje fan 'e searje as gehiel. It komt gauris foar dat men beslút om derfan ôf te sjen en dat de pilotôflevering dan as telefyzjefilm op 'e merk brocht wurdt.

Wer in oare soarte telefyzjefilm is de direkt-nei-fideo-film. Dat binne films dy't makke wurde foar de bioskoop, mar fan sokke minne kwaliteit binne dat se de bioskoop nea helje en sûnder dy tuskenstap op fideo útbrocht wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.