[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Alde Ryn

Ut Wikipedy
Rin fan de Alde Ryn
Alde Ryn by Woerden

De Alde Ryn is in rivier yn de provinsjes Utert en Súd-Hollân. De rivier is in oerbliuwsel fan de âlde rin fan de Ryn. De Alde Ryn begjint by Wyk by Duurstede as Kromme Ryn, wurdt nei Utert ferfolge as de Leienske Ryn en rint fan Harmelen ôf as de Alde Ryn nei see.

Yn de Romeinske tiid wie dizze rin de haadrin fan de rivier. It wie doe in brede rivier dy't tagong fan de Noardsee it lân yn joech. Dizze rin bylâns lei de Germaanske limes fan it Romeinske Ryk. In rige fan Romeinske forten lei by de rivier lâns:

  1. Haevae Fanum - Dorestêd
  2. Fectio - Fechten
  3. Traiectum - Utert
  4. In fort mei ûnbekende namme by De Meern
  5. Laurum - Woerden (Mooglik wie de namme Laurium)
  6. In lyts fort by Boadegraven
  7. Nigrum Pullum - Zwammerdam
  8. Albaniana - Alfen oan de Ryn
  9. Matilone - Leien (Mooglik wie de namme Matilo of Macilo)
  10. In lyts fort boppe Falkenboarch
  11. Praetorium Agrippinae - Falkenboarch
  12. Lugdunum Batavorum - Katwyk

By de rivier binne ek oerbliuwsels fan Romeinske skippen fûn.

De Romeinen skreaunen al dat de ûnderrin fan de Ryn faak oer it lân útrûn. Nei harren tiid bleaunen dizze problemen. Fersâning fan de rin makke him minder wichtich, oant sa om 900 hinne de Lek de haadrin waard. Om't Utert en Leien hieltyd noch lêst fan it wetter hienen waard yn 1122 it probleem foar altiten oplost troch de Alde Ryn by Wyk by Duerstêd ôf te damjen.