[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

De Meern

Ut Wikipedy
De Meern
Maretsjerke yn De Meern
Maretsjerke yn De Meern
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Sifers
Ynwennertal 22.000 (2017)[1]
Oar
Postkoade 3453-3454
Koördinaten 52° 5' NB, 5° 2' EL
Lokaasje fan De Meern yn de gemeente Utert

De Meern is in doarp yn it westen fan de Nederlânske gemeente Utert. It doarp hat likernôch 22.000 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2017). Oant 2001 foarme De Meern mei de doarpen Vleuten en Haarzuilens de gemeente Vleuten-De Meern doe't se dat jiers troch de gemeente Utert anneksearre waarden en de gemeente omfoarme waard ta de wyk Vleuten-De Meern. Oant 1997 wie de gemeente in lanlik gebiet mei likernôch 19.000 ynwenners, dêr't De Meern 11.000 ynwenners fan hie, mei benammen glêstúnbou, mar troch it nijbouprojekt Leidsche Rijn waard it gebiet in stêdlik gebiet mei goed 90.000 ynwenners yn 2020.

It doarp De Meern mei de brêge "Meernbrug" tekene troch H. Spilman yn 1744

Yn de Romeinske tiid rûn de noardlike grins fan it Romeinske Ryk by de Ryn del dwers troch it hjoeddeistich grûngebiet fan De Meern. Mei tanke oan argeologyske opgravings yn it ramt fan it ûntjaan fan Leidsche Rijn is der in soad kunde oer de Romeinen yn de omkriten bykommen. Der waarden in soad foarwerpen opgroeven lykas in folslein romeinsk skip dy't fûn waard op de boaiem fan in âlde rin fan de Ryn. It skip is útstald yn it museum Castellum Hoge Woerd.

De skiednis fan it doarp begjint yn de lette midsiuwen yn it ramt fan de lânoanmakkerij fan it gebiet tusken de streamrêgen fan de Ryn en de Hollânske Isel. By de Pons Maerne (Meernbrêge) oan it begjin fan de Meerndyk ûntstie in lytse delsetting. De Meerndyk wie in slieperdyk dy't it legere poldergea by Woerden beskermje moast tsjin it heger lizzende Utertske rivieregebiet, dêr't it doarp nei neamd waard. De delsetting lei oan in fan east nei west rinnende polderfeart. Yn 1381 waard dy feart ferbrede ta in kanaal gaadlik foar skipfeart. Yn 1655 waard dat kanaal fannijs ferbrede ta geunst fan de trekfeart tusken Utert en Leien en ûntstie de Leienske Ryn. De delsetting by de brêge woeks út ta in lyts doarp mei in tsjerke, in skoalle, in herberch, in smidderij, en in bakkerij.

Yn de tweintichste iuw feroare De Meern fan in lyts plattelânsdoarp ta in wenplak fan boeren, fruitferbouwers, túnkers, ûndernimmers yn 'e hannel, yndustry en tsjinsten en forinzen. Sûnt 1997 kaam De Meern yn it stêdlik gebiet te lizzen yn it ramt fan it flugge waaksen fan de stêd Utert. Sûnt 2001 is De Meern in kearn yn de gemeente Utert. De boeren, fruitferbouwers en túnkers binne ûnderwilens ferfearn. It gebiet fan de Meern noardlik fan de A12 wie yn 2020 al folslein fol boud.

De Leienske Ryn yn de Meern

De Meern leit yn it westen fan de gemeente Utert en grinzget yn it noarden en easten oan de Utertske wyk Leidsche Rijn, yn it suden troch de A12 oan de polder Rijnenburg, yn it westen oan Harmelen en yn it noardwesten oan Vleuten. It kanaal de Leienske Ryn rint troch it doarp hinne. It grutste part fan de beboude kom leit tusken de Leienske Ryn en de A12.

De Meern befettet de folgjende buerten:

  • De Meern-Noard, noardlik fan de Leienske Ryn
  • De Meern-Súd, befettet it gebiet tusken de Leienske Ryn en de A12 en de buorskip Reijerscop súdlik fan de A12
  • Bedriuwepark Oudenrijn
  • Veldhuizen, westlik fan De Meern-Súd
  • Part fan Vleuterweide-Súd westlik fan de Zandweg.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Castellum Hoge Woerd
  • Roomsk-katolike Us Leaffrou ta Himelopnimmingtsjerke
  • Protestantske Maretsjerke
  • Metaalkathedraal, de eardere katolike tsjerke fan Oudenrijn
  • Sealtsjerkje fan Alendorp

Berne yn De Meern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Janjaap Luijt, Van Vicus tot Vinex, Utert: Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens, 2011
  • Huib Leeuwenberg en oaren, Utrechtse biografieën - Langs de Oude Rijn, SPOU Utert, 1999
  • J.A. Storm van Leeuwen, Aen De Meern, Tydskrift fan de Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens 13, 1993-1
  • J.A. Storm van Leeuwen, De Meerndijk, een oude middeldijk, Tydskrift fan de Histoaryske feriening Vleuten-De Meern-Haarzuilens 22, 2002-2
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Meern fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje