[go: up one dir, main page]

Deutsches Reich

(Weimarer Republik)

Flagge fan Weimarrepublyk Wapen fan Weimarrepublyk
Lokaasje fan Weimarrepublyk
Taal Dútsk
Haadstêd Berlyn
Steatsfoarm Federale republyk
Tal ynwenners 62.411.000 (1925)
Oerflak 468.787 km²
Tiidrek 1918 -1933
Munt Reichsmark, Papiermark
Skiednis fan Dútslân

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

De Weimarrepublyk is de namme fan it Dútske Ryk yn it tiidrek 1918-1933. De namme komt fan it plak Weimar, dêr't de republyk neffens de konstitúsje fan 1919 ûntstien is. It wie de opfolger fan it Dútske Keizerryk nei't keizer Willem II ôfsetten wie. De republyk wie de earste folsleine demokrasy yn Dútslân, wylst de Bûnsrepublyk nei 1949 de twadde wie. Oan it haad stie in troch it folk keazen rykspresidint. Earst wie de sosjaaldemokraat Friedrich Ebert rykspresidint en letter de konservative generaal Paul von Hindenburg. Guon parten fan de grûnwet en gewoanten fan de Weimarrepublyk libje noch hieltyd troch yn it hjoeddeiske Dútslân.
De republyk hie in dreech begjin, om't it fêst siet oan betellings foar de gefolchskeafergoedings fan de Earste Wrâldoarloch neffens it Ferdrach fan Versailles. Ek moast it lân ôfstean. Yn it lân sels wiene der konflikten en rebûljes tusken ferskate groepen. Ekstreme groepen lykas kommunisten en nasjonaalsosjalisten krigen mear oanhing, benammen nei de Krisis fan 1929. Yn 1933 wist de nasjonaalsosjalistyske lieder Adolf Hitler de macht oer te nimmen en feroare er de republyk yn in diktatuer. De namme waard feroare nei Tredde Ryk.

Earste Wrâldkriich en oktoberherfoarmings

bewurkje seksje

It Dútske Keizerryk rekke yn 1914 belutsen yn de Earste Wrâldkriich tegearre mei bûnsgenoat Eastenryk-Hongarije tsjin de Alliearden Ruslân, Frankryk, Grut-Brittanje en sûnt 1917 de Feriene Steaten. De kriich like ynearsten goed te gean foar Dútslân, mar yn de rin fan 1917 gie it minder. Doe't de Feriene Steaten oan de kant fan Frankryk en Grut-Brittanje begûnen te fjochtsjen, hiene de Dútsers mear en mear ferliezen. Ek de blokkaden fan de havens troch de Alliearden soargen foar in tekoart oan fiedsel en grûnstoffen. Sosjaaldemokraten (SPD), katoliken fan de Sintrumpartij en loftsliberalen, dy't der by keizer Willem II op oantrúnen om part fan it regear te wurden en oan fredesûnderhannelings te wurkjen. De legerlieding, dy't yn noed siet oer in ynstoarting fan it leger, seach doe ek yn dat it oars moast en easke op 29 septimber 1918 dat de trije partijen in nij regear foarmje moasten en dat regear soe ûnderhannelings mei de Feriene Steaten begjinne moatte. Keizer Willem II stelde op 3 oktober 1918 de liberaalgesinde prins Max fan Baden oan en foarme in regear mei Sintrumpartij, loftsliberalen en ek sosjaaldemokraten. Yn oktober sette dat nije regear út ein mei de ûnderhannelings mei de FS, dy't as wichtichste macht sjoen waard. Ien fan de betingsten fan de FS wie dat it keizerryk fierder demokratisearre wurde moatte soe. De sosjaaldemokraten en lofts-liberalen woene dat al langer, mar waarden tsjinwurke troch de keizer, legerlieding, aristokrasy en konservativen. De grûnwet waard oanpast en de rykskânselier moast njonken beneaming troch de keizer ek it betrouwen fan de Ryksdei hawwe.

Novimberrevolúsje en de ein fan it keizerryk

bewurkje seksje
 
Matroazenopskuor yn novimber 1918
 
Scheidemann ropt de republyk út

Ein oktober 1918 kaam der lykwols mear opskuor foar yn 't leger en benammen yn de marine, om't men seach dat de kriich al ferlern wie. Dêrtroch ûntstiene rebûljes yn de Noarddútske havenstêden en dy sloegen al gau oer nei de rest fan 't lân. Op 9 novimber bruts yn de haadstêd Berlyn de Novimberrevolúsje út. Ut noed foar in likese tastân as dy yn Ruslân in jier earder, twong rykskânselier Max fan Baden de keizer ôf te treden en hysels joech it kânselierskip oer oan de foarsitter fan de SPD, Friedrich Ebert. Ebert sels wie ek tsjin in gewelddiedige revolúsje en stribbe nei in stadige ûnjouwing fan de ûntwikkelings. Ynearsten woene de SPD en in soad partijen wol fierder mei de monargy en foarmje dan in wiere grûnwetlike monargy. Allinnich de ekstreme sosjalisten en kommunisten woene perfoarst in ein fan de monargy.
De sosjaaldemokraat Philipp Scheidemann rôp lykwols op 9 novimber de republyk út om radikale sosjalisten en kommunisten foar te wêzen, dy't winliken in sosjalistyske republyk útroppe woene. Ebert wie ynearsten net bliid mei Scheidemann syn beslút en wiisde him der op dat in 'nasjonale gearkomste' it foech hie en kies tusken de monargy en in republyk. Mar de keizer wie njonkelytsen al nei Nederlân flechte en ek oare Dútske foarsten wiene ôfsetten, dus it wie no wol wis dat Dútslân in republyk wurde soe.
Yn it regear fan Ebert (de Ried fan Folkskommissarissen) sieten trije sosjaaldemokraten en trije radikale sosjaaldemokraten fan de Unôfhinklike Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân (USPD). De USPD-leden ferlieten de Ried lykwols, nei't de Ried mei help fan keizerlike troepen en oare groepen soldaten (de frijkorpsen) loftse rebûljes, lykas de Spartakusopstân delslein hawwe. De Ried rôp ferkiezings út foar de Nasjonale Gearkomste foar jannewaris 1919.

Nasjonale Gearkomste en Weimargrûnwet

bewurkje seksje
 
De grûnwet fan Weimar: it idee en de werklikheid

Om't yn Berlyn noch in soad strideraasjes geande wiene tusken loftsradikalen, it leger en de frijkorpsen, kamen de ôffurdigen fan de Nasjonale Gearkomste op 6 febrewaris 1919 nei de stêd Weimar yn Tueringen, dêr't hja yn it pleatslik teäter gearkamen. De sosjaaldemokraten (SPD) en loftsliberalen fan de Dútske Demokratyske Partij (DDP) hiene in soad stimmen krigen. Tegearre mei de katolike Sintrumpartij foarmen hja de koälysje fan Weimar. Dochs ferlear de koälysje yn juny 1920 foargoed syn mearderheid. Yn alle regearen tusken 1920 en 1932 sieten de Sintrumpartij, DDP en de Dútske Folkspartij (DVP), stipe troch sosjaaldemokraten of konservativen.
De nije grûnwet (Verfassung für das Deutsche Reich, deselde namme as earder) fan 11 augustus 1919 wie ien fan de nijmoadrichste wetten yn 'e wrâld. Froulju krigen aktyf en passyf kiesrjocht en folksstimmingen en grûnrjochten foar Dútsers waarden tasein. It Dútske steatshaad dat foarhinne de erflike keizer wie, waard no Rykspresidint, dy't om de sân jier troch it folk keazen waard. It regear waard beneamd troch de Rykspresidint, mar de Ryksdei koe leden fan it regear twinge om ôf te treden. Fan de gearkomste yn Weimar ôf oant de ferkiezings yn juny 1920 wie de Nasjonale Gearkomste it foarriedich parlemint, dêr't ek froulju yn sieten. Op 11 febrewaris waard Ebert as Rykspresidint keazen. Yn de werklikheid moast de rykspresidint gauris sels beslissings nimme of wetten trochdrukke, om't yn in koälysje de regearjende partij net altyd stipe krije koe fan oare partijen. Sa stadichoan wie de ynfloed fan de rykspresidint op de polityk net in soad minder as dy fan de eardere keizer.

Ferdrach fan Versailles

bewurkje seksje
 
Dútslân nei it Ferdrach fan Versailles
Grien: ûnder foech fan de Folkebûn
Giel: anneksearre troch buorlannen
Ljochtbrún: Weimarrepublyk

Op 11 novimber 1918 tekene Dútslân, fertsjintwurdige troch de loftse katolyk Matthias Erzberger, it wapenstilstân mei Frankryk, Grut-Brittanje en de Feriene Steaten. De Dútsers hopen op in fredesferdrach neffens de Fjirtjin Punten fan de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson, dat net al te swier foar Dútslân wêze moatte soe. Yn juny 1919 krige de Nasjonale Gearkomste de easken fan de Alliearden:

  • Dútslân waard as iennige skuldige befûn en moast alle kosten fan de kriich fergoedzje. Dútske eigendommen yn it bûtenlân waarden yn beslach naam, bygelyks banktegoeden, replik en ûnreplik guod, patinten op Dútske útfinings, bûtenlânske filialen fan Dútske ûndernimmings.
  • Dútslân moast trettjin prosint fan syn grûngebiet en alle koloanjes ôfstean.
  • It Dútske leger mocht net grutter as 100.000 man wêze en mocht bepaalde swiere kriichsark en fleantugen net besitte. Guon gebieten moasten ûntromme wurde fan Dútske militêren en festigings.
  • It Rynlân, it Dútske gebiet bewesten de Ryn, waard troch alliearde troepen beset.

Dat ferdrach waard besletten sûnder dat der mei Dútslân oer de easken ûnderhannele waard. De Dútsers moasten alles mar oannimme, want oars soe de kriich wer trochsetten wurde. En de blokkade fan de havens, dy't noch altyd fan krêft wiene, soene trochsetten wurde. It Dútske leger wie al foar in grut part fersloppe, ûntwapene en soldaten wiene net mear motivearre en fjochtsje fierder. Dat soe betsjutte dat it leger ferslein waard en Dútslân folslein beset wurde soe. En boppedat wie der de driging dat der hongersneed útbrekke soe. De Dútske delegaasje ûnder lieding fan minister fan útlânske saken Ulrich von Brockdorff-Rantzau hie, nettsjinsteande ûnder fûl protest, gjin oare kar as mar te tekenjen. Yn Dútslân waard op dit ferdrach (yn Dútslân it Diktaat fan Versailles neamd) negatyf reagearre en it foel net goed dat Dútslân as iennige skuldige befûn waard.

Krisisjierren 1919-1923

bewurkje seksje
 
In bankbiljet fan 1 miljoen mark
 
Biljet fan 50 miljoen mark op 1 septimber 1923 dat ien Amerikaanske dollar wurdich wie

De Weimarrepublyk hie yn syn earste fjouwer jier in dreech bestean. Der wiene in soad politike tsjinstanners en benammen de radikale partijen brûkten gauris geweld. Hja giene mei knokploegen, of ek wol mei lytse militêre ôfdielings, inoar oan de lea en oanslaggen, sels moard, op tsjinstanners kamen regelmjittich foar. Lofts fan it politike spektrum wie de Kommunistyske Partij fan Dútslân dy stipe waard troch de Sowjetuny. Kommunisten hiene each foar machtsoername yn yndustriële lannen oer de gânse wrâld, lykas yn Dútslân. Oan de oare kant stiene rjochtsradikalen, dochs fan ferskillende streamings. Der wiene de monargisten dy't it eardere keizerryk wer werom woene en dan wiene der radikale Dútske sjovinisten en rasisten dy't alles wat net-Dútsk wie fuort hawwe woene. By dizze lêste groep hearden de nasjonaalsosjalisten (nazys) ûnder lieding fan Adolf Hitler, dy't yn 1923 yn Beieren besochten de macht oer te nimmen yn de saneamde Bierkellerputsch (hjoed-de-dei ek de Hitlerputsch neamd). Rjochtsradikale groepen hawwe yn 1921 de eardere minister fan finânsjen Matthias Erzberger en yn 1922 de minister fan útlânske saken Walter Rathenau fermoarde op beskulding fan 'lânferried', om't hja mei tekene hawwe oan it Ferdrach fan Versailles. Ek guon leden fan aristokratyske en militêre eliten wiene sa no en dan ek radikaal en wurken bytiden wol mei de rjochtsradikalen, bygelyks sa as by de Kapp-Putsch (1920).
Dútslân kaam boppedat ek yn in ekonomyske krisis telâne en dat rekke op syn hichtepunt yn 1923. Dútslân hat neffens in alliearde kommisje net genôch hout en koalen levere om oan syn skulden te foldwaan. Dêrom besetten Frankryk en Belgje it Ruhrgebiet en lis beslach op de koalen. Amtners en mynwurkers waarden troch it ryksregear oproppen en wurkje net mei de besetters gear. Hja waarden lykwols wol troch betelle troch it ryksregear. Dit late ta mear ynflaasje. It regear betelle mei nijprinte biljetten en yn novimber 1923 koste ien Amerikaanske dollar wol ien biljoen mark. Yn de moanne novimber 1923 rekke it ta it djiptepunt mei de mislearre Hitlerputsch en kommunistyske rebûljes ynbegerepen. It nije regear fan Gustav Stresemann besocht in ein oan de ûntstiene tastân te meitsjen.

Bettere jierren

bewurkje seksje
 
Gustav Stresemann by de Folkebûn yn Sjenêve yn 1926

De jierren 1923 oant 1929 wie in bettere tiid mei mear woltier, politike stabiliteit en in bettere ferhâlding mei de westerske alliearden. Dy snuorje wurdt ek wol it Stresemann-Tiidrek neamd nei de rjochtsliberaal Gustav Stresemann, dy't yn 1923 twa skoftkes rykskânselier en dêrnei oant syn dea yn 1929 minister fan útlânske saken wie. Hy ûnderhannele mei de alliearden neffens it Dawesplan oer in regeling oangeande it beteljen fan in part fan de skulden. Dêrtroch waard de munt wer sûner en koe men bygelyks wer in soad jild fan de Feriene Steaten liene.
Yn 1925 tekene Dútslân it Ferdrach fan Locarno dêr't de grinzen fan Dútslân yn garandearre waarden. Dútslân trede yn 1926 nei in skoftke drúskjen ta de Folkebûn.
Nettsjinsteande dat barren wiene de problemen noch net fuort. It polityk ekstremisme wie der noch hieltyd. De ekonomy woeks dêrfoaroer wol stadichoan, mar der waard in soad jild liend út it bûtenlân foar in koarte termyn. Boppedat wie it Rynlân oant 1930 noch hieltyd beset. It federaal stelsel wie net yn lykwicht om't Prusen twatred fan it oerflak en de befolking besloech. En it grutte tal partijen yn de Ryksdei soarge foar te folle hobbels om stabyl regearje te kinnen. En as lêste hie Dútslân swierrichheden mei it beteljen fan de gefolchskeafergoedings. Dútslân wie net sterk genôch om him tsjin in eventuele oanfal te ferwarjen, dus waarden yn it geheim troepen, de Schwarze Reichswehr, opboud. Measte leden fan it regear wisten hjir lykwols neat fanôf.

 
Paul von Hindenburg tekene yn 1927 troch Max Liebermann

Yn febrewaris 1925 kaam Rykspresidint Ebert te ferstjerren. Yn in earste stimgong hie de rjochtsliberaal Karl Jarres mei stipe fan de konservative DNVP de measte stimmen wûn, wylst de sosjaaldemokraat Otto Braun, dy't minister-presidint fan Prusen wie, de twadde waard. De sintrumloftse partijen hiene meiïnoar mear stimmen en yn in twadde stimgong skoden hja de katolyk Wilhelm Marx nei foaren, om't hja noed hiene dat Otto Braun net genôch stipe krije soe fan oare partijen. Mei noed foar ferlies kamen de rjochtse partijen mei it idee en bring de populêre eardere kriichsgeneraal Paul von Hindenburg nei foaren. Hy wie al 77 jier âld en gjin lid fan in partij. Hy wûn mei 3 prosint mear as Marx.
Oer de ferkiezing fan Von Hindenburg ta Rykspresidint wiene de mienings ferskillende. Optimisten seagen yn Hindenburg dat er konservativen mei de republyk fermoedsoenje koe, pessimisten seagen dêrfoaroer dat Hindenburg in machtich wapen fan de konservativen tsjin de republyk wie, itjinge de minsken dy't him nei foaren skoden woene. Hindenburg syn persoanlike foarkar wie it weromkommen fan de monargy, dochs bleau er syn eed op de grûnwet fan Weimar trou. Syn oanhingers rekken dêryn teloarsteld en stipen him by syn werkiezen yn 1932 net wer.

 
Mars fan kommunisten troch Berlyn-Wedding
 
Dútske leger fiedet de earmen
 
Hitler groetet leden fan de Sturmabteilung (SA) yn Breunswyk
 
Rykskânselier Franz von Papen (lofts) mei syn minister fan útlânske saken Konstantin von Neurath. Beide tsjinnen letter ek ûnder Hitler

De ekonomyske krisis fan 1929 kaam stadichoan fan Amearika nei Jeropa. Amerikaanske lienings, dy't neffens de Dawes-plan (1924) en de Young-plan (1929) útjûn wiene, waarden út Dútslân weromlutsen. De wurkleazens naam ta en politike ekstremisten koenen dêrtroch harren oanhing fergrutsje. By de Ryksdeiferkiezings fan 1930 woeks de winst fan de nasjonaalsosjalisten fan 15,7 ta 18,2 prosint en de kommunisten krigen in winst ta 13,1 prosint. Men wie yn binnen- en bûtenlân begien mei de súkses fan de nasjonaalsosjalisten. Hitler syn partij joech himsels oan ta in alternatyf foar in parlemintêre republyk mei in soad partijen, dy't nei harren sizzen, de ekonomyske krisis net de baas wie. Hitler luts benammen in soad minsken dy't earder net stimden, liberalen, konservativen en sels 10 prosint fan eardere SPD-stimmers. Under syn oanhing wiene mear protestanten as katoliken, mear selsstannigen en minsken mei pensioen as arbeiders en wurkleazen. Dochs wie de NSDAP mear in folkspartij as de oare partijen, dy't yn harren pylders hingjen bleaune.
Sûnt 1928 wie der in Grutte Koälysje fan SPD, Sintrum, DDP, DVP en de Beierske BVP ûnder lieding fan de sosjaaldemokraat Hermann Müller. It kabinet krige net in soad stipe fan de meiwurkjende partijen. Benammen tusken de sosjaaldemokraten en rjochtsliberalen wie der gauris in skeel. Yn maart 1930 foel de koälysje dan ek útinoar. Heinrich Brüning waard de nije Rykskânselier. Hy wie fan de rjochtse kant fan de katolike Sintrumpartij en foarme in minderheidskabinet fan syn partij, de liberalen en oare boargerlike partijen. Om wichtige útstellen, dy net de stimmen fan de mearderheid hiene, goedkard te krijen betocht men en wurkje mei artikel 48 fan de grûnwet. Dat artikel joech de Rykspresidint it foech in needferoardering út te jaan. Dochs wurke it net sûnder help fan de sosjaaldemokraten, want de Ryksdei koe in needferoardering wer ôfskaffe. De sosjaaldemokraten woene ek net mei ekstremen wurkje út noed foar in diktatuer mei in mooglike fal fan it kabinet-Brüning. Dat stelsel fan Brüning wurdt it Präsidialkabinett neamd, om't dit kabinet ôfhinklik wie fan meiwurkjen fan de Rykspresidint. Dit wie net nij, want yn de tweintiger jierren wie der in boargerlik minderheidskabinet dy't de stipe fan sosjaaldemokraten nedich hie. Mar mei it regearjen mei needferoarderings kaam de ferantwurdlikens fan de wetjouwing mear by de Rykspresidint te lizzen yn plak fan it parlemint.
Yn maart en april 1932 wie der wer in ferkiezing foar rykspresidint. Brüning trúnde by Hindenburg oan om himsels wer kandidaat te stellen en de demokratyske partijen rôpen op en stim foar Hindenburg, om't hja nuodlik wiene foar in oerwinning fan de nasjonaalsosjalistyske kandidaat Adolf Hitler. Yn de twadde stimgong wûn Hindenburg mei 53,1 prosint tsjin de 36,7 prosint fan Hitler. Dêrnei sette Hindenburg Brüning oan de kant, om't Brüning de ynfloed fan de sosjaaldemokraten fierder beheine woe.
Op 1 juny 1932 waard de konservatyf Franz von Papen de nije Rykskânselier. Hy wie in politikus fan de Sintrumpartij, mar dizze partij woe him út de partij sette om't de behanneling fan Brüning harren net nei't sin wie. Hy stapte krekt nei syn oantreden lykwols sels út de partij. Hy krige in soad stipe fan de konservative DNVP en fan lâneigeners en yndustriëlen. Om't syn kabinet fan partijleaze konservativen gjin stipe krige fan de sosjaaldemokraten liet hy troch Hindenburg nije ferkiezings foar de Ryksdei útskriuwe. Yn july fan 1932 ferdûbelen de nasjonaalsosjalisten harren winst ta 37,3 prosint. De nasjonaalsosjalisten en de kommunisten hiene no tegearre in absolute mearderheid yn de Ryksdei en in systeem neffens Brüning soe no net mear wurkje kinne. De sosjaaldemokraten stipen in moasje fan mistrouwen tsjin it regear-Von Papen. Von Papen liet wer nije ferkiezings foar de Ryksdei útskriuwe, sa't hy tiid winne koe. Yn novimber 1932 rûn de oanhing fan de nasjonaalsosjalisten justjes tebek, mar dêrtroch wie it probleem noch net fuort. Yn in nije Ryksdei soe daliks wer in moasje fan mistrouwen komme. Yn begjin desimber 1932 waard Kurt von Schleicher de nije Rykskânselier. De generaal hie al jierrenlang in soad ynfloed op de polityk hân en hie de fal fan Brüning ferhastige en de sêfte Von Papen nei foaren skood. No wie er sels lieder fan it regear en hy besocht troch fakbûnen en de loftse wjuk fan de nasjonaalsosjalisten stipe te krijen fan de sosjaaldemokraten en nasjonaalsosjalisten. Hy slagge der lykwols net yn en joech Hindenburg in útstel en ûntbyn de Ryksdei wol oant de hjerst fan 1933. Dat wie in tydlike diktatuer, dêr't Von Papen ek al earder mei nei Hindenburg gien wie en Schleicher, dy't Von Papen doe fuort hawwe woe, warskôge doe noch dat sa'n diktatuer ta in boargerkriich liede koe. Njonken in boargerkriich hie Hindenburg ek noed dat er oankleid wurde soe foar skeining fan de grûnwet.

Machtsoername troch Hitler

bewurkje seksje

Al sûnt 1930 hiene Brüning en Schleicher plannen en belûk de nasjonaalsosjalisten by it regear. Hja woene de oanhing, dy't Hitler wûn hat, foar harren sels brûke en fersko it politike stelsel nei rjochts. Hitler woe wol mei in koälysje fan Sintrum, DNVP en oare boargerlike partijen op betingst dat hysels kânselier wurde soe. De oaren woene dat lykwols net. Brüning hat de nasjonaalsosjalisten oant doe ta net hurd befochten, want hy wie sels ek foarstanner fan sa'n koälysje.
Von Papen woe nei syn delgong yn novimber 1932 wer in hege funksje hawwe. Hy seach himsels as ien dy betroud waard troch Hindenburg en kaam mei in plan foar in koälysje fan de DNVP mei de NSDAP. Hy besocht Hindenburg oer te heljen en lit Hitler ta kânselier beneame. Von Papen soe sa Hitler 'yn 'e stringen hâlde' kinne. Von Papen hie njonkelytsen ek mei Hitler ôfpraat, as hy him helpe soe mei it kânselierskip op betingst dat Von Papen fise-kânselier wurde mocht. Hindenburg woe ynearsten Hitler net beneame as kânselier, want hy betroude him en de nazys net. Wêrom er doe ynienen wol besleat dêr mei yn te stimmen is net hielendal dúdlik. Syn soan Oskar von Hindenburg hie der grif mei te krijen. Hindenburg wie ek nuodlik dat er nei de rjochtbank moast foar it nei hûs stjoeren fan de Ryksdei foar in langere tiid, itjinge easke wie troch Schleicher. Boppedat rûn syn geastlike tastân ek tebek. Hy wie al âld en syn demintens waard stadichoan slimmer.
Op 30 jannewaris 1933 waard it kabinet-Hitler oansteld. Der sieten mar twa oare nasjonaalsosjalisten yn it kabinet. Men tocht dat Hitler it net lang úthâlde soe en seagen de rjochtse foarsitter fan de DNVP, Alfred Hugenberg, as winliken de baas. Ek tochten hja dat Hindenburg de garânsje fan de republyk wie, want hy koe nammers de kânselier daliks wer ôfsette. Mar de werklikheid wie al oars. Yn febrewaris liet Hitler nei de Ryksdeibrân, dat Hitler goed útkaam, middels in rige troch Hindenburg ûndertekene needferoarderings wichtige boargerrjochten bûten wurking stelle. Op 23 maart waard de Machtigingswet oannaam, dat de Ryksdei bûten wurking sette. Troch narjen en drygjen mei geweld krige hy twatredde mearderheid fan de Ryksdei foar dy wet. Dêrtroch krige syn kabinet wetjouwend foech. Dit betsjutte winliken de ein fan de Weimarrepublyk. Njonkelytsen waarden tsjinstanners al ferfolge en yn juny en july waarden alle partijen, útsein de nasjonaalsosjalisten, ferbean. Nei't Hindenburg yn augustus 1934 ferstoar, naam Hitler nei in feroardering, alle rjochten fan de Rykspresidint oer, yn plak fan in nije Rykspresidint kieze te litten. Hitler hie troch dizze machtsoername, Machtergreifung, no alle macht yn hannen en wie winliken de diktator fan Dútslân wurden. Hy koe it folk no yn it byntliif fan it nasjonaalsosjalisme twinge en hy foarme it lân om ta it Tredde Ryk. De grûnwet fan Weimar waard lykols net alhiel bûten wurking steld.

Neibeskôging

bewurkje seksje

De fraach is wêrom koe de Weimarrepublyk mislearje en wêrom koe Hitler it yn in diktatuer feroarje. De skiedskriuwing sette de Weimarrepublyk ynearsten yn in negatyf deiljocht del. De polityk wie nei 1945 warber en lit in nije diktatuer ûnmooglik meitsje. Yn lettere jierren waard de Weimarrepublyk positiver besjoen.
De Weimarrepublyk hie yn syn fjirtjinjierrich bestean (1919-1933) in dreech bestean. De oergong fan it Keizerryk nei in demokratyske republyk wie net in maklike opjefte. De ein fan de Earste Wrâldkriich en de dêrnei folgjende Ferdrach fan Versailles hiene grutte gefolgen foar Dútslân. It lân krige mei in grutte skuld te krijen dêr't in hyperynflaasje troch ûntstie mei as gefolch hege wurkleazens. Ekstreme streamings fan sawol lofts en rjochts krigen in soad oanhing. Dizze ekstreme streamings wiene ek it gefolch fan de kriich, dêr benammen de manlike befolking mei in soad geweld te krijen hiene. Harren woartels hiene al antysemitistyske of loftsrevolúsjonêre tinzen fan foar de kriich. Nettsjinsteande wiene de Rykskânseliers warber om de tastân te ferbetterjen en hja slaggen der ek foar in grut part yn mei bygelyks herfoarmings troch te fieren. Yn 1927 waard in wurkleazefersekering ynfierd en troch it Reichsfinanzreform rekke it ryk minder ôfhinklik fan de dielsteaten. De Reichsbahnreform ferienige en de spoarwegen waarden nasjonalisearre. Hast alle diskriminearjende regelings fan it Ferdrach fan Versailles waarden ôfskaft.
Mar de grutte tal oan partijen, en faak de swierrichheid om ta in mearderheid te kommen, makken it regearjen dreech. En boppedat krigen de ekstreme idealen dochs de oerwicht.
Yn de Bûnsrepublyk nei 1949 waard de neitins fan de Weimarrepublyk brûkt om bepaalde regelings te rjochtfeardigjen, bygelyks de rol fan de Bûnspresidint waard beheind neffens dy fan de Rykspresidint, om't dy tefolle macht hân hie. En folksstimmings waarden net mear talitten, om't dy misbrûkt waarden troch lofts- en rjochtsekstremisten. Nettsjinsteande waard it misledigjen fan de haad fan de steat no swier bestraft, dêr't Ebert swierrichheid mei hie en ferdigenje himsels tsjin rjochtsradikale propaganda. De Bûnsrepublyk sjocht himsels foar de Weimarrepublyk oer dat it in demokrasy is dy himsels ferdigenje kin.

Libben yn de Weimarrepublyk

bewurkje seksje
 
Ynfalide út de Earste Wrâldkriich yn Berlyn, 1923

Yn de republyk waarden sosjale ûntjouwings fan de lêste jierren fan it Keizerryk trochsetten. Nettsinsteande de kriich en ferlies fan gebieten woeks de befolking fan Dútslân fan 1907 oant 1925 mei 17,5 prosint. Dútslân hie in lytse 60 miljoen ynwenners en hie in yndustriële maatskippij. Minsken út agraryske gebieten lutsen nei grutstêdlike gebieten lykas it Ruhrgebiet, Berlyn en Saksen.
Fan de âlde elite bleau it rike boargerbesit bestean, mar de adel ferlear syn befoarrjochte posysje yn de polityk. De nije politike elite wiene soannen fan gewoane boargers, lykas fan bygelyks ambachtslju. Hja besieten almeast gjin rike besittings en wiene dus earder ôfhinklik fan de politike partij.
Yn 1925 hearde in lytse prosint fan de Dútske befolking ta de boppeste klasse. Likernôch in tredde part hearde by de midklasse. Dy wie yn twa likese parten te ferdielen. De âlde middenstân bestie út lytse selsstannigen en harren meiwurkjende famyljeleden en de nije middenstân bestie út wurknimmers. Lytse selsstannigen lykas winkeleigeners en boeren woene perfoarst selsstannich bliuwe, ek al lei harren ynkomsten leger as in wurknimmer mei te ferlykjen wurk. Benammen boeren stiene net bot iepen foar nije ûntwikkelings. De ekonomyske problemen yn de middenstân makken harren iepen foar nasjonalistyske en antysemityske ynfloeden.
De ûnderste klasse bestie út de helte fan de befolking. Hja hiene in bytsje ynkomsten en dus in bytsje ynfloed. De yndustrywurkers yn de stêden wiene mear bewust fan harren klasse en dêr wie it Marxisme populêrder as op it plattelân, dêr't âlde tradysjes bestean bleaune. De tsjinstfeinten en -fammen wiene noch hieltyd part fan de boerefamylje en ambachtslju bleaune by harren gilde. Dochs wie der in kleau tusken de heger en leger oplate wurknimmers. De heger oplate lju koene in lúkser libben tastean. De leanen fan arbeiders waarden stadichoan heger en yn 1929 wiene dy krekt wat heger as fan foar de kriich.
Troch it foarfal fan de kriich en dêrnei de ynflaasje hiene jongeren it slimmer in plak yn de maatskippij te winnen. Hja seagen de republyk as skuldige en stiene earder iepen foar ynfloeden fan antydemokraten. Nei de moard op minister Walther Rathenau yn 1922 waarden antysemityske organisaasjes ferbean. Njonken de nasjonaalsosjalisten brûkte de konservative DNVP en ek kommunisten yn harren 'antykapitalistyske striid' antysemityske biedwurden. Joaden bestiene út 0,9 prosint fan de befolking.

 
Sosjale wenningbou út 1925 neffens nije arsjitektuer yn Berlyn

De ekonomy berikte yn 1929 it peil fan foar de kriich. Yn de kriich rekke de Dútske ekonomy isolearre en nei de kriich beskermen in soad lannen harren eigen ekonomy mei hege toltariven. Neffens artikel 280 fan it Ferdrach fan Versailles mocht Dútslân net mear oer syn bûtenlânske hannel beslisse en moasten ôfsetgebieten mei konkurrinten dield wurde. Yn de kriich waard mei massaproduksje fan standertprodukten úteinset. Wapens, munysje, auto's moasten sa hurd en goedkeap mooglik produsearre wurde. Yn 1917 ûntstie it Normenausschuss der Deutschen Industrie, letter ûntjûn ta Deutsches Institut für Normung mei syn ferneamde DIN-nûmers (bygelyks by papier de A4). Nei de kriich waard dat allegear trochsetten, ek nei foarbyld fan de Feriene Steaten. Troch it doelmjittich meitsjen moast de produksje better organisearre wurde. Guon bedriuwen wiene foarrinners, wylst oare bedriuwen troch tekoart oan jild noch net oan de nije metoaden begûnen. Yn 1926 begûn automakker Opel alle produksje oer de rinnende bân. Sûnt 1913 woeks it tal wurkjende minsken yn de befolking, dat yn 1925 sa'n 66 prosint fan de manlju en 36 prosint fan de froulju besloech. Dat kaam troch mear wurkjende froulju en jongelju dy't tusken 1900 en 1910 berne wiene. Nettsjinsteande wie de wurkleazens yn de ein fan de tweintiger jierren dochs noch heech, troch benammen rasjonalisearing.

Technyk en wittenskip

bewurkje seksje

Al yn de tiid fan it Keizerryk stie Dútslân oan top op it mêd fan technyk en wittenskip en in soad Nobelpriiswinners wiene Dútsers. Ek keizer Willem II hie der in soad belangstelling foar, en op syn inisjatyf iepene er yn 1912 it Kaiser Wilhelm Institut. Dat ynstitút luts rillegau studinten en gelearden út de hiele wrâld. De bêste wis- en natuerkundigen wurken mei studinten oer de hiele wrâld yn de universiteiten fan Berlyn en Göttingen. Ek nei de kriich yn de tiid fan de Weimarrepublyk kamen ferneamde gelearden dêr les te jaan en te studearjen. Nei't de Nazys de macht oernamen, woene hja alle net-Dútske ynfloeden en benammen Joaden út Dútslân ferwiderje. Al rillegau ferfearen der in soad wittenskippers nei de Feriene Steaten of it Feriene Keninkryk. Ferneamde wittenskippers lykas Albert Einstein, Edward Teller en Emmy Noether wiene der guon fan. Njonken Joaden wiene der ek in soad oaren dy't ferfearen. Dútslân hat dizze breinflecht nea mear ophelpe kinnen.
Yn de tweintiger jierren naam de stroomoansluting yn Dútslân ta. Fan 1925 oant 1928 wreide de Berlynske stroomoansluting him út fan in fearns part ta de helte fan de befolking fan dy stêd. Waard yn 1918 noch 4700 kw yn de oere opwekke, in tsien jier letter wie dat al hast 10.000 kw yn de oere mear. Ek naam de produksje fan auto's ta fan sa'n 124.000 yn 1924 oant sa'n 433.000 yn 1929. Dochs koe der allinnich by rikere minsken in auto ôf, de measte minsken brûkten in motorfyts. De earste autosnelwegen waarden oanlein, bygelyks de AVUS yn Berlyn en de A1 by Keulen. It massale oerstappen fan hynder en karre nei de auto fûn pas yn de fyftiger jierren plak.
Yn de wittenskip waarden der ek nije teoryen op it mêd fan natuerkunde formulearre. Ferneamde natuerwittenskippers wiene Werner Heisenberg, dy't yn 1927 yn 'e âldens fan 26 al professor yn Leipzig waard, en Albert Einstein. De boeken fan Hermann Oberth, lykas Die Rakete zu den Planetenräumen, wiene in ynspiraasje foar de lettere NASA-ynzjenieur Wernher von Braun. De geograaf Alfred Wegener waard ferneamd om syn teory fan de kontinintferskowing, dy't pas letter erkend waard.
Ek op technysk mêd bleau Dútslân foaroan rinnen. Yn de loftfearttechnyk waarden bygelyks fleantúchmotors ferbettere en waarden loftskippen lykas de seppelin ûntwikkele. Ek húshâldlike produkten lykas waskmasinen, kuolkasten, radio's en ferljochting waarden ferbettere. Yn de gemyske yndustry waarden nije keunststoffen en medisinen ûntwikkele. Ek op militêr mêd waard stiloan fierder ûntwikkele mei technyk fan raketten, strieljagers en tanks. Yn en nei de Twadde Wrâldkriich blykte hoe fier de Dútsers dêrmei al foarop rûne.

 
De 'Goldene Zwanziger'; in jazzband spilet op in feest yn Hotel Esplanade, Berlyn

Yn de tweintiger jierren seach de kultuer in oplibjen yn Dútslân, ferneamd as de Goldene Zwanziger. Yn de hichte fan de hyperynflaasje yn 1923 wiene bars en klups fol mei minsken dy't leaver harren deistich profyt spansearren ynstee foar in mooglik ferlies fan de wearde de folgjende dei. Yntellektuëlen yn Berlyn feroardielen dy uterste foarm fan kapitalisme en easken grutte feroarings op kultureel mêd. Under ynfloed fan in grut kultureel oplibjen yn de Sowjetuny ûndergie de Dútske literatuer, bioskopen, teäter en muzyk in nije faze fan kreätiviteit. Strjitteäter brocht it spyljen by it públyk en kabaret en jazz waarden ek tige populêr. Jonge froulje folgen de Amerikaanske trend, as bygelyks it brûken fan make-up, koart hier, it smoken en it ferbrekken fan tradisjonele moralen. Bygelyks Josephine Baker, dy't yn Berlyn as 'de eroatyske goadinne' ferklearre wie, waard yn in soad opsichten bewûndere en respektearre.
Radio waard ek tige populêr en waard op 22 desimber 1920 foar it earst útstjoerd fanút Königs Wusterhausen by Berlyn. Yn 1925 hiene sa'n miljoen hûshâldings in radio, yn 1928 wiene dat sa'n 2,8 miljoen.
Films waarden troch technyske ûntjouwings sûnt 1918 langer en sûnt 1927 ferskinen hja mei lûd. Ien fan de djoerste films wie Metropolis (1927) fan Fritz Lang. De film Der Blaue Engel (1930) mei Marlene Dietrich wie in ynternasjonaal súkses. De grutste filmfabryk wie de Universum Film AG (UFA) mei harren studio's yn Babbelsberg by Berlyn.
Keunst en in nije arsjitektuerstyl waarden lesjûn op it nije Bauhaus-ynstitút, dêr nije ideeën berne waarden. In soad gebouwen waarden ûntwurpen mei strakke linen en ienfâldich fan foarm en tige funksjoneel. Arbeiderswenten yn Dessau waarden op dizze wize ûntwurpen. Oare foarbylden binne it Bauhausgebou, troch arsjitekt Walter Gropius, Großes Schauspielhaus en de Einsteintoer. Artysten, lykas de polityksatiristyske skilder George Grosz waarden beÿnfloede troch ympresjonistyske en ekspresjonistyske skilders út Parys en oare progressive kulturele bewegings. In soad keunst út de Weimarrepublyk waard troch de nazys as ûntaarde keunst besjoen, dy't net oerienkaam mei it seedlik en estetysk gefoel fan it Dútske folk en waard nei harren machtsoername ferbean. Letter yn de Bûnsrepublyk waard it wer wurdearre.

De Ryksdei wie it parlemint fan de Weimarrepublyk en hie it foech as in hjoeddeisk parlemint. De Ryksdei keas de Rykskânselier en stelde wetten fêst. Yn it tiidrek 1919-1924 en fan 1930 ôf waard de Ryksdei stadichoan omsile troch machtigingswetten en troch needferoarderings fan de Rykspresidint.

Politike partijen

bewurkje seksje

Politike partijen wiene der yn Dútslân al fanôf 1860. Yn de Weimarrepublyk hiene hja ynfloed op de wetjouwing en ek op de gearstalling fan de kabinetten. De grutte partijen Sintrum, sosjaaldemokraten (SPD) en de twa liberale partijen út it Keizerryk bleaune bestean. De loftsliberalen fan de FVP waarden de DDP en de rjochtsliberalen waarden de DVP. De twa konservative partijen foarmen de Dútsk Nasjonale Folkspartij (DVNP), dat net in lykmoedige konservative partij waard, mar dy benammen ûnder foarsitter Alfred Hugenberg, gauris tsjin de republyk focht. Lykmoedige konservativen stapten lykwols út de partij, mar koene gjin oanhing fan grut belang krije. De SPD ferlear in soad leden en kiezers by de ferkiezings fan 1920 oan de radikale USPD fan 1917. Yn 1922 foel de USPD útinoar yn twa groepen oer de fraach oft hja de gewelddiedige ûntwikkelings yn Sowjet-Ruslân oannimme moast. De lykmoedigen giene tebek nei de SPD en de radikalen giene nei de Kommunistyske Partij. De ûndersteande list is in list fan de politike partijen fan lofts nei rjochts fan it politike spektrum.

  • Kommunistyske Partij fan Dútslân, Kommunistische Partei Deutschlands (KPD, sûnt 1918); seach himsels as de Dútske takke fan de Kommunistyske Ynternasjonale en stipe de polityk fan Stalin
  • Unôfhinklike Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân, Unabhängige Sozialdemokratische Partei Deutschlands (USPD, oant 1923, formeel 1931)
  • Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân, Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD); fan 1919 oant en mei 1932 de grutste fraksje yn de Ryksdei
  • Dútske Demokratyske Partij, Deutsche Demokratische Partei (DDP, sûnt 1930 Deutsche Staatspartei); de loftsliberalen ferlearen foaral nei 1930 hast harren folsleine kiezersoanhing.
  • Dútske Sintrumpartij, Deutsche Zentrumspartei (Zentrum); fan 1919 oant en mei 1932 oanhâldend yn it regear fertsjinwurdige. As partij fan de katoliken wie syn ferkiezingsoanhing hast altyd gelyk (tusken de âlve en trettjin prosint)
  • Beierske Folkspartij, Bayerische Volkspartei (BVP); de Beierske takke fan it Zentrum makke himsels yn 1918 ûnôfhinklik en it woe ek in selsstannich Beieren sjen. De partij wie dúdlik rjochtser as it Zentrum, mar die fanôf 1923/1925 wol mei oan it ryksregear.
  • Dútske Folkspartij, Deutsche Volkspartei (DVP); nettsjinsteande it besykjen en meitsje ien liberale partij, bleaune de rjochtsliberalen by in eigen partij. Nei it ferstjerren fan Stresemann waard de polityk fan de partij lykwols rjochtser.
  • Dútsk Nasjonale Folkspartij, Deutschnationale Volkspartei (DNVP); de partij fan de âlde eliten, dy ek antysemityske biedwurden brûkte, wie ferdield yn in lykmoedige en in radikale wjuk; fan 1928 oant 1930 ferlear it de helte fan syn leden en fraksjeleden, benammen oan de NSDAP.
  • Nasjonaalsosjalistyske Dútske Arbeiderspartij, Nationalsozialistische Deutsche Arbeiterpartei (NSDAP); de nasjonaalsosjalisten hiene by de ferkiezings fan 1928 de earste plak tusken de rjochtsradikale groepen ferôvere. Yn 1930 hiene hja in hommels súkses. Nei july 1932 waarden hja de grutste partij yn de Ryksdei.

Bestjoerders

bewurkje seksje

De Rykspresidint wie de haad fan de steat en de Rykskânselier stie oan it haad fan it regear.

Rykspresidinten
Termyn Namme Opmerkings
1919-1925 Friedrich Ebert Troch de Nasjonale Gearkomste yn 1919 en troch de Ryksdei yn 1922 keazen foar trije jier
1925 Walter Simons ferfangend as presidint fan it Ryksgerjochtshôf
1925-1934 Paul von Hindenburg De earste en iennige troch it folk keazen presidint (1925 en 1932)
Rykskânseliers
Termyn Namme Kabinet Koälysje Opmerkings
1919 Philipp Scheidemann Scheidemann SPD / Sintrum / DDP Koälysje fan Weimar, mei mearderheid
1919-1920 Gustav Bauer Bauer SPD / Sintrum / DDP Koälysje fan Weimar, mei mearderheid
1920 Hermann Müller Müller I SPD / Sintrum / DDP Koälysje fan Weimar, mei mearderheid
1920-1921 Konstantin Fehrenbach Fehrenbach Sintrum / DVP / DDP Minderheidskabinet
1921-1922 Joseph Wirth Wirth I
Wirth II
SPD / Sintrum / DDP
SPD / Sintrum / DDP
Minderheidskabinett
Minderheidskabinet
1922-1923 Wilhelm Cuno Cuno Sintrum / DDP / DVP / BVP Minderheidskabinet
1923 Gustav Stresemann Stresemann I
Stresemann II
SPD / Sintrum / DVP / DDP
Sintrum / DVP / DDP
Grutte koälysje
Minderheidskabinet
1923-1925 Wilhelm Marx Marx I
Marx II
Sintrum / DDP / DVP / BVP
Sintrum / DDP / DVP
Minderheidskabinet
Minderheidskabinet
1925-1926 Hans Luther Luther I
Luther II
Sintrum / DVP / DDP / BVP
Sintrum / DDP / DVP / BVP
Minderheidskabinet
Minderheidskabinet
1926-1928 Wilhelm Marx Marx III
Marx IV
Sintrum / DDP / DVP / BVP
Sintrum / DNVP / DVP / BVP
Minderheidskabinet
Minderheidskabinet
1928-1930 Hermann Müller Müller II SPD / Sintrum / DVP / DDP / BVP Grutte koälysje
1930-1932 Heinrich Brüning Brüning I
Brüning II
Sintrum / DDP / DVP / BVP / WP/ DNVP / KVP
Sintrum / DDP / BVP / KVP / CNBL
Minderheidskabinet
Minderheidskabinet
1932 Franz von Papen Papen DNVP Kabinet fan foaral partijleazen
1932-1933 Kurt von Schleicher Schleicher DNVP Kabinet fan foaral partijleazen
1933- Adolf Hitler Hitler NSDAP / DNVP Minderheidskabinet oant maart 1933

De dielsteaten fan de Weimarrepubliek kamen foar it grutste part oerien mei dy fan it Dútske Keizerryk. De acht (1918-1920 sân) Tueringske steaten ferienigen harren yn 1920 ta Tueringen (útsein de Frijsteat Koburch (Saksen-Koburch), dy him nei in folksstimming by Beieren oansleat). Waldeck ferlear syn selsstannigens yn 1929 en waard in part fan de Prusyske provinsje Hessen-Nassau.

It ûndersteande oersicht befettet gegevens út de folkstelling fan 1925.

Dielsteat Oerflak (km²) Ynwenners Inw./km² Haadstêd
Anhalt 2 313,58 351 045 143 Dessau
Baden 15 069,87 2 312 500 153 Karlsruhe
Beieren 75 996,47 7 379 600 97 München
Bremen 257,32 338 846 1 322 Bremen
Breunswyk 3 672,05 501 875 137 Breunswyk
Hamburch 415,26 1 132 523 2 775 Hamburch
Hessen 7 691,93 1 347 279 167 Darmstadt
Lippe 1 215,16 163 648 135 Detmold
Lübeck 297,71 127 971 430 Lübeck
Mecklenburch-Schwerin 13 126,92 674 045 51 Schwerin
Mecklenburch-Strelitz 2 929,50 110 269 38 Neustrelitz
Aldenburch 6 423,98 545 172 85 Aldenburch
Prusen 292 695,36 38 175 986 130 Berlyn
Saksen 14 986,31 4 992 320 333 Dresden
Schaumburg-Lippe 340,30 48 046 141 Bückeburg
Tueringen 11 176,78 1 607 329 137 Weimar
Waldeck 1 121,00  61 707  55 Arolsen
Wuertemberch 19 507,63 2 580 235 132 Stuttgart
Dútske Ryk 468 116,13 62 410 619 134 Berlyn
Saargebiet 1 910,49 768 000 402 Saarbrücken

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze siden: Weimar Republic en Weimarrepubliek.