[go: up one dir, main page]

Gustav Adolf Bauer (Darkehmen, 6 jannewaris 1870 - Berlin-Hermsdorf, 16 septimber 1944) wie in Dútsk politikus út namme fan de SDP. Bauer wie de earste rykskânselier ûnder de Weimarrepublyk, fan 1919 oant 1920. Hy tekene it Ferdrach fan Versailles.

Gustav Bauer

Bauer rjochte yn 1895 it fakbûn fan de bureelbetsjinners op, dêr't er oant 1908 foarsitter fan wie. Dêrnei waard er ûnderfoarsitter fan de Generalkommission der Gewerkschaften foar hiel Dútslân fan 1908 oant 1918. Hy waard steatssekretaris foar arbeid iyn de lêste regearing fan prins Max van Baden. Letter waard er minister fan arbeid yn it regear fan Philipp Scheidemann en waard rykskânselier neidat dy ûntslein wie.

Yn dy funksje ûndertekene er it Ferdrach fan Versailles. Nei de Kapp-putsch naam er syn ûntslach. Omdat Hermann Müller en Joseph Wirth it fregen waard er doe op 'en nij minister fan de skatkist en ficekânselier.

Fan 1912 oant 1928 hie er ek in sit yn de Reichstag.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Bauer, Gustav, Encyclopædia Britannica, 2006.