[go: up one dir, main page]

Albert Einstein

Dútsk-Amerikaanske teoretysk natuerkundige

Albert Einstein (Ulm, 14 maart 1879 - Princeton, 18 april 1955) wie in Joadsk Dútsk-Amerikaanske teoretysk natuerkundige. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste natuerkundigen út de skiednis.

Albert Einstein yn 1947

Jonge jierren

bewurkje seksje

Albert Einstein is berne yn Dútslân. Syn heit Hermann Einstein en syn mem Pauline Koch trouden yn augustus 1879. Hermann hie in elektroanika-saak, mar de omset foel ôf. Dêrom ferhuze de húshâlding yn 1880 nei München. Dêr stie Hermann tegearre mei syn broer, de yngenieur Jacob Einstein, oan it haad fan in lyts fabryk. Yn dat fabryk makken se dynamo's en mjitynstruminten. Mar dy ûndernimming rûn ek net. Albert Einstein hat yn syn jeugd dan ek de nedige ekonomyske en finansjele swierrichheden meimakke. De swierrichheden begûnen pas echt doe’t Albert op skoalle kaam. Nei de klassen fan de legere skoalle wie hy yn 1889 nei it Luipoldgymnasium gien. Se joegen dêr op in geastdeadzjende manier les; Albert koe dat net ferdrage. Yn 1894 ferliet Albert Einstein de skoalle sûnder diploma. Hy gie nei syn âlden yn Milaan. Dernei hat er koart op in skoalle yn Switserlân sitten. Hy betanke yn dy tiid foar de synagoge en foar it Dútske steatsboargerskip. Hy hat dan ek njoggen jier lang as steatleaze reizge.

De grutte riedsels fan de wrâld hienen Albert Einstein al hiel jong yn de besnijing. Tusken syn tolfde en sechtjinde jier makke hy himsels de grûnslaggen fan de wiskunde eigen. Einstein hat altyd fûl tsjin de learmetoaden west fan de skoallen dêr't hy op siet. In soad learkrêften foarseinen dan ek dat der noait wat fan Einstein terjochte komme soe. Dochs slagge er yn 1900.

Nei syn skoalle

bewurkje seksje

Twa jier letter krige Einstein in baan by it Switsersk Patintburo yn Bern. Dêr wie hy in sekuere en in attinte wurknimmer. Dizze perioade dy’t duorre fan 1902 oant 1909, skreau Einstein in soad oer teoretyske natuerkunde. De measte teksten skreau hy yn syn frije tiid, sûnder help fan natuerkundige boeken of gelearden. Yn jannewaris 1903 troude hy mei Mileva Maric, in Hongaarsk famke dat hy koe út syn studintetiid. In jier letter waard in dochter berne, Liederl. In jier letter krigen se in soan, Hans Albert. Yn 1905 skreau Albert Einstein op seisentweintichjierrige leeftyd de grûnbegjinsels fan de ferneamde relativiteitsteory. Hy stjoerde op 30 juny in artikel nei in Dútsk tydskrift. De namme fan it artikel wie: ‘Feroaringen en ûntwikkelingen yn de elektroanika dynamika’. Hjiryn is foar it earst sprake fan  .

Yn 1910, doe't harren soan Eduard ien jier âld wie, ferhuzen de Einsteins nei Praach. Albert Einstein krige dêr in folweardige oanstelling as heechlearaar oan de Dútske universiteit. Yn 1912 ferhuze Albert Einstein nei Surich dêr't hy as professor yn de teoretyske natuerkunde te wurkjen gie. Undertusken wie hy dwaande mei syn nije teory oer de swiertekrêft. Hy wurke yn Surich oant hy twa jier letter direkteur waard fan it Kaiser Wilhelm-ynstitút yn Berlyn. De famylje Einstein ferhuze nei Berlyn, mar syn frou Mileva en de bern gongen werom nei Surich, wat it begjin fan in skieding waard. Yn augustus bruts de Earste Wrâldkriich út.

De âldere Einstein

bewurkje seksje

Yn 1917 gie it mis mei Einstein. Hy stoarte yn en waard slim siik. Syn nicht Elsa ferplege him; twa jier letter troude er mei har. Yn 1915 hie er syn ferneamde relativiteitsteory klear. Yn novimber 1922 krige er de Nobelpriis foar de Natuerkunde: ‘foar syn fertsjinsten op it mêd fan de teoretyske natuerkunde en yn it bysûnder foar syn ûntdekking fan it foto-elektrysk effekt’.

Yn it begjin fan 1925 waard Einstein yn Leien ferwachte. Hy soe moarns mei de trein út Berlyn komme, mar hy kaam net op de ôfprate tiid. Hy kaam letter op de jûn oansetten; hy hie it ekskús dat er in freondinne út de finzenis hâlde moast.

De Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje
 
Albert Einstein mei Niels Bohr, sa. 1925

Einstein wie 53 en op de top fan syn karriêre doe't hy yn 1932 as joad fielde dat it foar harren net feilich bliuwe soe yn Nazi-Dútslân. Derom ferhuzen Albert en Elsa yn 1933 mei de boat nei de Feriene Steaten. Se setten har ta wenjen yn Princeton, Nij Jersey. Yn 1936 ferstoar Elsa nei in koart siikbêd. Doe't yn 1939 de Twadde Wrâldkriich útbruts, skreau Einstein in brief oan Presidint Franklin D. Roosevelt, mei de warskôging dat Dútslân mooglik dwaande wie mei it bouwen fan in atoombom. De Feriene Steaten gongen dêrnei ek oan de slach om in atoombom te bouwen. Dat projekt waard it Manhattan projekt neamd. Einstein wie dêr ek by belutsen.

Yn 1940 krige Albert Einstein it Amerikaanske steatsboargerskip. Acht jier letter, yn 1949 ferstoar syn eardere frou Mileva. Doe't yn 1952 de steat Israel op syk wie nei in nije presidint om Chaim Weizmann op te folgjen, fregen se Albert Einstein dêrfoar. Hy wegere de funksje; hy fûn dat er net goed genôch mei minsken om gean koe. In jier foar syn dea waard der in nij skiedkundich, keunstmjittich en radio-aktyf elemint nei him ferneamd: Einsteinium, mei it symboal E, atoomnûmer 99 en atoomgewicht 254. Albert Einstein ferstoar op 77-jierrige leeftyd oan de gefolgen fan in hertoanfal.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Histoaryske opnames op YouTube

bewurkje seksje