[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wykein

Ut Wikipedy

It wykein is in oantsjutting foar de beide dagen fan 'e wike dat de measte minsken (tsjintwurdich) frij binne fan harren wurk. De term is in lienfertaling fan it Nederlânske weekeinde, dat sels wer in lienfertaling is fan it Ingelske weekend. De foarm weekend komt as lienwurd yn it Nederlânsk ek foar, mar yn it Frysk net. It Ingelske weekend waard yn 1830 foar it earst brûkt en rekke fan 1833 ôf ynboargere. Dat foel gear mei de ynfiering in it Feriene Keninkryk fan 'e frije sneontemiddei.

Yn 'e measte lannen, benammen dy dêr't it kristendom fan âlds in grutte ynfloed hie, falt it wykein op sneon en snein, mei't snein tradisjoneel de kristlike rêstdei is en de frije sneon dêr geandewei de njoggentjinde en tweintichste iuw stadichoan 'tsjinoan groeid' is. Oarspronklik wie der nammentlik sprake fan in seisdeiske wurkwike, wêrby't de sneon in gewoane wurkdei wie. Yn 'e njoggentjinde iuw krigen in soad minsken yn leantsjinst de sneontemiddei frij, mar pas healwei de tweintichste iuw waard ek op 'e sneontemoarn frijjûn, sadat der in fiifdeiske wurkwike ûntstie en in frij wykein dat út twa hiele dagen opmakke wie.

Yn guon islamityske lannen wurde foar it wykein de dagen freed (de islamityske gebedsdei) en sneon oanholden. Yn 'e joadske steat Israel bestiet it wykein út ien dei, de sabbat of joadske rêstdei (sneon), hoewol't dat yn 'e praktyk delkomt op oardel dei om't de sabbat by it fallen fan it tsjuster begjint, en men yn tarieding dêrop ek de freedtemiddei frijjout.

De term "wyk-ein", de "ein fan 'e wike", is in wat aparte beneaming yn acht nommen dat men foarhinne de snein as de earste dei fan 'e wike seach. Under ynfloed fan 'e term wykein krige de moandei by de ynfiering fan it ISO-deinûmer it nûmer 1. Yn aginda's wurde sneon en snein, om romte te besparjen, ornaris tegearre yn ien fakje stoppe, sadat eltse wike mei seis fakjes ta kin, dy't moai op twa siden passe. In lang wykein is de beneaming foar in fakânsjeperioade dy't it wykein omfettet plus de freed of de moandei of beide.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.