[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wout Muller

Ut Wikipedy
Wout Muller
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wout Muller
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 juny 1946
berteplak Hilfertsom
stoarn 24 jannewaris 2000
stjerplak Waterford flagge fan Ierlân
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
streaming Noardlike Realisten

Wout Muller (Hilfertsom, 18 juny 1946 - Waterford, 24 jannewaris 2000) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't ta de Noardlike Realisten rekkene wurde kin. Hy kin ek sjoen wurde as besibbe oan de 3e generaasje en mei-grûnlizzer fan de 4e (teken- en skilder)-generaasje fan de Groep fan de figurative abstraksje, yn 't koart 'De Groep' neamd.

Muller krige syn oplieding oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam. Fan 1971 oant 1990 joech er les oan de Akademy foar Byldzjende Keunst Minerva yn Grins. Yn dy tiid slagge it him om in wichtich plak ûnder de Grinzer figurative keunstners yn te nimmen en lang om let ek yn it Noardlik realisme.

Yn it wurk fan Wout Muller stiet erotyk sintraal. Troch dizze licht eroatyske ôfbylden kin men efkes yn it paradys sjen. Syn wurk is altyd statysk en hat in sfear fan sereen ôfwachtsjen. Tegearre mei Matthijs Röling hat er guon gebouwen fan muorreskilderingen foarsjoen.

Yn 1998 en 1999 die er mei oan de 'ûnôfhinklike realisten útstallingen' yn Museum Møhlmann te Venhuizen. Dêrneist hong wurk fan him yn Museum de Buitenplaats yn Eelde, Het Markiezenhof yn Bergen op Zoom en foaroprinnende galeryen sa as Galerie Utrecht te Utert, Galerie Mokum yn Amsterdam en Galerie Wiek XX yn Grins. Yn 2002 organisearre Galerie Utrecht in retrospektyf fan syn wurk yn it Museum Jan van der Togt te Amstelfean, dêrby ferskynde de útjefte 'Wout Muller, Zijn Paradijs'.

  • Clary Mastenbroek et al., Wout Muller, Zijn paradijs, Waanders Utjouwers, Swol, ISBN 9040095310
  • Wout Muller, Spelen, eigen útjefte Museum De Buitenplaats, Eelde
  • Wout Muller, eigen útjefte Galery Bonnard
  • Jonge Nederlandse realisten van Galerie Mokum : Gemeentemuseum Arnhem : schilderijen, tekeningen, grafiek, 15 februari-7 april 1969 (1969). Galerie Mokum, Amsterdam. 17 p., 16 p. pl. Catalogus-144
  • Vijftig jaar Nederlandse realistische kunst (1970) / samenst. Galerie Mokum. Meulenhoff, Amsterdam. XXXI p., 87p. pl. Tentoonstellingscatalogus
  • 10 jaar Mokum : katalogus fan de oersjochútstalling yn Arti et Amicitae, Amsterdam, 6 maaie - 4 juny 1971 (1971). Galery Mokum, Amsterdam. 23 s.
  • Spelen (1998)/ Wout Muller; teksten Henk van Os ... et al.; fotogr. John Stoel. Museum foar figurative keunst De Buitenplaats, Eelde. 22 s. Utj. yn 'e mande mei Utjouwerij De Marne. ISBN 90-804091-2-X
  • Wout Muller : lust voor het oog : schilderijen, objecten en werken op papier (2008) / einred. Harry Tupan. Waanders, Swol. 184 s. Monografyen fan it Drintsk Museum oer hjoeddeiske figurative keunstners, ISSN 1879-4580; dl. 13.

Ek waarden publikaasjes oer Muller opnaam yn de boeken: 10 jaar Mokum, Jonge Nederlânske Realisten fan Galery Mokum, 50 jaar Nederlandse Realistische Kunst, Realisten 1998 en Realisten 1999.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skilderijen fan Muller:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: