[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wopke Eekhoff

Ut Wikipedy
Wopke Eekhoff

Wopke Eekhoff (Ljouwert 2 maart 1809 - dêre, 12 febrewaris 1880) wie in argivaris en útjouwer yn Ljouwert. Hy wie in soan fan in Eastfryske goudsmid.

Nei in Nutspriis krigen te hawwen foar Levensschetsen van beroemde Friezen, dat hy op tweintichjierrige leeftyd skreaun hie, begûn hy syn boeken yn eigen behear út te jaan. Hy waard oplaat by de Ljouwerter printer-útjouwer G.T.N. Suringar.

Mei de help fan gûverneur Humalda en Van Halmael foarme Eekhoff him ta regionaal histoarikus en waard er yn 1838 de earste stedsargivaris fan Nederlân. Neist syn argyf hold Eekhoff ek in boekwinkel en in lytse útjouwerij by yn in pân mei de namme Keizerskroon.

Fierders stifte Eekhoff de Steds Bibleteek fan Ljouwert en sammele er dêrfoar en foar de Provinsjale Bibleteek ek boeken. As autodidakt fûn men him wat eigensinnich, sadat er de bynamme Wopke profeet krige.[1]

Eekhoff wie teffens goed 40 jier in tige aktyf lid fan it Frysk Genoatskip[2]

De Wopke Eekhoffpriis is in Fryske priis foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn Ljouwert.

Ta syn bekendste wurken hearre:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H. e.o (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Eekhoff, Wopke
  2. ‘Een pedante kerel, overigens zeer geschikt’, Jan Folkerts
  3. Petrus Brouwer, DBNL