Wite ibis
wite ibis | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Eudocimus ruber | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel trochtrekker simmergast |
De wite ibis (Eudocimus albus) is in fûgelsoarte út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae), dy't yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika libbet. De populaasjes fan 'e wite en de besibbe reade ibis oerlaapje inoar yn it easten fan Fenezuëla en kruse dêr ek meiïnoar. Guon ornitologen lykas James Hancock en Jim Kushlan beskôgje de beide soarten as ien inkele soarte.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folwoeksen fûgels ha in wyt fearrekleed mei in read gesicht en in reade snaffel. Lykas de besibbe reade ibis hat de wite ibis op 'e bûtenste haadslachpinnen swarte einen. De lange kromme snaffel is read en syn poaten binne ek read. De iris fan 'e fûgel is ljochtblau.
Jonge wite ibissen binne brún en hawwe in wite búk. Juvenilen fan 'e wite en de reade ibis binne min fan inoar te ûnderskieden. Somtiden binne de poaten fan 'e reade ibis donkerder.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wite ibis komt it meast foar yn Florida, dêr't yn ien koloanje wol 30.000 fûgels teld binne. Fierder komt de fûgel yn it hiele Karibyske gebiet, oan de east en westkust fan Meksiko en Midden-Amearika en fierder súdlik oan 'e kust fan Kolombia en Fenezuëla foar. Bûten de briedtiid is de fûgel ek fierder fan 'e kust mear it lân yn te sjen. De wite ibis swalket dan om en wurdt ek fier bûten it wenstige ferspriedingsgebiet yn lytse groepen sjoen.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wite ibissen ite fral lytse wetterdierkes, lykas ynsekten of lytse fiskjes. Yn in grut diel fan syn fesprieding yt de fûgel it leafst rivierkreeften, mar hy kin syn iten oanpasse oan dat wêr't it meast fan is. Mei de lange snaffel giet er yn it wetter op 'e taast nei proaien sûnder se te sjen.
Pearkes binne yn 'e regel monogaam en beide âlders soargje foar de kroast.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens Birdlife International wurdt de populaasje fan 'e fûgel op 210.000 oant 360.000 folwoeksen fûgels rûsd (2020) en yn Noard-Amearika nimt it oantal ta. Dêrfandinne stiet de wite ibis op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:American white ibis (ferzje 26 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Swartwjukibis
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen