[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

William Reily

Ut Wikipedy
William Reily
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút William Van Wyck Reily
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 desimber 1853
berteplak Washington, D.C.
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
tsjinsttiid 18751876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang twadde luitenant (sûnt 1875)
konflikt(en) Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

William Reily (folút: William Van Wyck Reily; Washington, D.C., 12 desimber 1853 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Iersk komôf. Hy wie luitenant yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en krige in beskate bekendheid nei't er sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reily waard yn 1853 yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. berne as de soan fan William Reily sr. en dy syn frou Ellen T. Roche (1834-1889). Reily sr. wie in ofsier by de Amerikaanske Marine, dy't op 1 septimber 1854 omkaam doe't syn skip, de USS Porpoise, yn 'e Strjitte fan Formosa, foar de kust fan Sina, ferlern gie. Dêrby kaam ek syn goede freon en mei-ofsier William Van Wyck om, nei wa't de jonge Reily ferneamd wie. Reily syn mem wetroude yn 1861 mei kolonel Simeon M. Johnson, dy't yn 1871 kaam te ferstjerren. Har trêde houlik wie mei skout-by-nacht John C. Febiger. Reily hie in jongere healsuster, Leila Johnson Ewing (1864-1940).

William Reily sette yn 1870 útein mei in stúdzje oan 'e Amerikaanske Marine-akademy, yn Annapolis, mar nei't er trije kear foar syn eksamens sakke wie, joech er de ofsiersoplieding yn oktober 1872 oer. Fan desimber 1872 oant july 1873 naam er diel oan in lânmjittingsekspedysje yn Nikaragûa, en neitiid wied er yn 'e tsjinst fan 'e marinewerf yn Washington, D.C., dêr't er tafersjoch hie op 'e sloop fan ferâldere oarlochsskippen.

Op 15 oktober 1875 wist Reily in oanstelling te bemachtigjen as twadde luitenant by it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint. Op 25 jannewaris 1876, krekt foar't de Grutte Sû-Oarloch útbriek, waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Dêr waard Reily op 17 april fan dat jier oansteld as ûnderbefelhawwer fan E Kompanjy, ûnder luitenant Charles DeRudio, mar om't de rezjimintskommandant, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, foarôfgeande oan 'e simmerkampanje fan 1876 mei ofsiersoanstellings hinne en wer skode om syn favoriten de bêste posysjes te ferskaffen, waard Reily in moanne letter tydlik tafoege oan F Kompanjy, as ûnderbefelhawwer fan kaptein George Yates.

Op 25 juny 1876 kaam Reily yn 'e Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, te sneuveljen, yn 'e mande mei hiele F Kompanjy en alle leden fan fjouwer oare kompanjyen dy't Custer dy deis persoanlik oanfierde by in oanfal op in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn. Reily syn stoflik omskot waard nei ôfrin fan 'e fjildslach oantroffen op Custer Hill, de heuveltop dêr't de lêste restanten fan 'e fiif kompanjyen troch de krigers fan 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho besingele rekke en oan 'e lêste man ta útrûge wiene.

It lichem fan Reily waard earst provisoarysk op it slachfjild begroeven, mar in jier letter opgroeven en nei it easten ta stjoerd, dêr't er op 3 augustus 1877 byset waard op it Mount Olivet Begraafplak yn Washington, D.C. Reily syn segelring waard letter weromfûn mank de besittings fan in kriger dy't him yn april 1877 oerjoech by Fort Robinson, yn Nebraska. De ring makket no diel út fan 'e kolleksje fan it Smithsonian Ynstitút, yn Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: