Willem Engelbart Engelen
Willem Engelbart Engelen | ||
politikus | ||
W.E. Engelen (om 1850 hinne) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
lid Provinciale Staten van Friesland = | ||
amtsperioade | 1842-1850; 1851-1879 | |
boargemaster fan Ljouwerteradiel | ||
amtsperioade | 1852-1854 | |
lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal | ||
amtsperioade | 1853-1855 | |
lid Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1854-1875 | |
offisjele webside | ||
Profyl parlement.com |
Jhr, Mr. Willem Engelbart Engelen (Snits, 2 febrewaris 1817 - Ljouwert, 23 april 1879) wie in Frysk jurist, politikus en bestjoerder út it geslacht Engelen.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem Engelbart Engelen waard berne yn Snits, yn de húshâlding fan de doetiidske gritenijsekretaris fan Wymbritseradiel, Daniël Engelen, en Diederica Adema fan Snits. Hy wie de pakesizzer fan Willem Engelen, lid fan de Gearkomste fan Notabelen en de Provinsjale Steaten fan Gelderlân.
Nei in stúdzje rjochten oan it Atheneum Illustre te Frjentsjer studearre Engelen Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan 'e Hegeskoalle yn Utert. Hy fêstige him as advokaat yn Ljouwert yn 1840 en waard sekretaris fan de gritenij Ljouwerteradiel (1840-1852). Hy wie fan 1842 ôf mei in koarte ûnderbrekking lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en wie fan 1852 oant 1854 boargemaster fan Ljouwerteradiel.
Fan 1853 oant 1855 wie Engelen konservatyf lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal út namme fan it kiesdistrikt Snits. Dêr spruts er ûnder mear oer it earmbestjoer en de wettersteat. Yn 1854 waard er deputearre yn Fryslân (dêrom naam er ûntslach as boargemaster, en yn 1855 ek as Keamerlid omdat de funksje te dreech te kombinearjen wie) en fan 1868 ôf wie er plakferfanger by de arrondissemintsbank. Yn 1875 naam Engelen ûntslach as deputearre om reden fan sûnens, mar bleau wol lid fan de Provinsjale Steaten.
Engelen troude yn 1841 mei Sara Suzanna Cats, de dochter fan rjochter en Twadde Keamerlid Jentje Cats, mei wa't er twa soannen en in jongferstoarne dochter krige. Hy is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|