[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Terp

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wierde)
Hegebeintum

In terp is in keunstmjittige hichte, oanlein yn de Fryske kuststreken, fan Belgje oant it suden fan Denemarken Jutlân.

Yn Grinslân wurdt meastal de namme wierde brûkt, yn Noard-Hollân en it eilân Marken de benamming werf, yn Seelân wurdt werve brûkt, yn Noard-Dútslân de benammingen warft, wurt of wierde en yn Denemark værft, varft of verft.

In grut part fan Fryslân is foarme ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul hân op it Fryske lân. By seestigingen strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har dêr net permanint nei wenjen te setten. Om 700 foar Kristus hinne setten minsken har op de hegere kwelderwâlen nei wenjen, en doe’t der om 500 foar Kristus wer in seestiging kaam, wie it foar guon mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Yn de tiden tusken seestigings waard it mooglik ek op oare plakken te wenjen, en om't der mear minsken kamen wie dêr ek ferlet fan. Dêrnei waard der by eltse nije seestiging in nije generaasje terpen boud.

Der binne sa fjouwer generaasjes fan terpen: fan 500 f.Kr., fan 200 n.Kr., fan 700 n.Kr. en fan nei it jier 1000. It oanlizzen fan de seediken makke dat der by de seestiging fan de fjirde generaasje al minder ferlet fan terpen wie; nije terpegeneraasjes binne der net mear kaam.

De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan Hegebeintum, dy't 600 f.Kr. al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen fan de earste generaasje oant de 1e iuw f.Kr. net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe oant de 8e iuw, it tiidrek dat Fryslân diel útmakke fan it Frankyske ryk, wie dat lykwols al sa.

In hûsterp by Blije

Terpen waarden opwurpen troch dong en seadden út de kwelder yn lagen te steapeljen. Yn de rin fan de tiid kaam hjir ek noch dong en de resten fan de tige fergonklike huzen by. Sa waarden terpen hieltyd heger. Terpen wiene meast ovaal fan foarm, mei skean ôfrinnende siden.

Der binne ferskate soarten terpen: lege terpen sûnder bebouwing bedoeld as flechtplak foar fee, terpen foar in inkelde wenstee - hústerpen, en terpen foar meardere huzen - doarpsterpen. Boppe-op hús- en doarpsterpen stienen de huzen om in fiver mei farsk wetter hinne. Letter waard de fiver op terpdoarpen meastal ferfongen troch in tsjerke. De foarein fan de huzen stie nei it midden, en de efterein nei bûten. Ut it efterein waard dan de mjokse fan de bisten gewoan de skeante del smiten. Dêrom waarden dizze skeanten brûkt foar lânbou: hja wienen net sa wiet as it legere gerslân en troch de dong tige fruchtber.

Tusken Fly en Lauwers hawwe der al mear as tûzen terpen west. Dit hawwe foar in part hústerpen west, dêr't mar ien pleats of wente op stie, mar in oar part wie doarpsterpen. Guon terpen hienen plak foar in grut doarp mei ekstra romte tafoege foar lânbou. De grutste bekende terp wie dy fan Ezinge, dy't 24 ha. grut wie.

Nei de oanlis fan de diken rûn it belang fan de terpen werom. Yn de 19e iuw waard in grut tal fan terpen ôfgroeven, om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't dêrby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen en laten úteinlik yn 1965 ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintewet. Fan de measte doarpsterpen is hjoed de dei lykwols faak it part fan de tsjerke mei it hôf oer.

Op de Halligen, dy't lang ûnbedike bleaun binne, en ek no mar lege diken hawwe, hawwe de terpen noch altyd in funksje.

Oant de ein fan de Midsiuwen wie it wurd foar in wenhichte wert, wat ek noch yn in soad plaknammen weromkomt. Dat kin nei gedachten ôflaat wurde fan werft - opgoaide hichte. Yn Noard Dútslân wurdt Warft brûkt; it Grinslânsk brûkt it wurd wierde.

It wurd terp wie eartiids it Fryske wurd foar doarp. Doarp is nei alle gedachten in Nederlânsk lienwurd, en troch de opkomst dêrfan is terp it wurd wurden foar de hege wenplakken. Yn it Sealterske wurd Täärp is de betsjutting fan doarp noch bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: