[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wetzlar

Ut Wikipedy
Wetzlar
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Lahn-Dill-Kreis
Stedsyndieling 12 Stadtbezirke
9 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 54.187 (2022)
Oerflak 75,65 km²
Befolkingsticht. 716 ynw./km²
Hichte 156 m
Oar
Postkoade 35576-35586
Koördinaten 50° 33'N 8° 30'E
Offisjele webside
www.wetzlar.de
Kaart
Wetzlar (Hessen)
Wetzlar

Wetzlar is in stêd oan 'e Lahn yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It is de haadstêd fan 'e lânkring Lahn-Dill-Kreis. De stêd leit oan 'e noardlike kant fan it Ryn-Main gebiet, dêr't it mei ferflechte is.

Gruttere plakken yn 'e omkriten binne Gießen (15 km eastlik), Limburch (40 km), Koblenz (90 km westlik), Siegen (50 km noardwestlik), Dillenburch (30 km noardlik), Marburch (30 km noardeastlik) en Frankfurt am Main (60 km súdlik). Wetzlar en Gießen foarmje de twa kearnen fan in lytse stêdekloft yn Middenhessen (Mittelhessen). De stêd hat yn Hessen de status fan in Sonderstatusstadt.

Súdwest fan it histoaryske sintrum fan 'e stêd mûnet de Dill yn 'e Lahn út. It heechste punt yn 'e stedsgrinzen is de Stoppelberch mei in hichte fan 401 m boppe seenivo. Om Wetzlar hinne leit in gebiet mei in soad bosk en net in soad bewenners.

Súdlik fan 'e Lahn leit de Taunus, noardlik fan 'e rivier en westlik fan 'e Dill begjint it Westerwâld. Noardlik fan 'e Lahn en eastlik fan 'e Dill begjint it Gladenbacher Bergland.

Kaart met kernen van Wetzlar.

De stêd Wetzlar is yn 12 stedswiken ferdield en dêrnjonken binne noch 8 Stadtteile. De stedswiken (wiken) fan Wetzlar binne:

  • Altstadt
  • Neustadt
  • Hauserberg
  • Büblingshausen
  • Sturzkopf
  • Stoppelberger Hohl
  • Nauborner Straße
  • Silhöfer Aue
  • Altenberger Straße
  • Dalheim
  • Dillfeld (yndustrygebiet)
  • Niedergirmes

De 8 Stadtteile binne:

De âldste fermelding fan 'e stêd is yn in oarkonde fan 832 yn ferbân mei in skinking oan it kleaster Lorsch. De Konradynske greve Gebhard liet yn 897 in Salvatortsjerke (Erlöserkirche) wije, dy't in âlder gebou ferfong. Hy stifte yn 'e jierren 914-915 it kleaster Sinte-Marij yn Wetzlar, dêr't er ek begroeven waard. Oan it begjin fan 'e 10e iuw stiften syn soannen it Marijestift, in kollegiaal stift.

Domtsjerke.

As Frije Ryksstêd naam it tal ynwenners fan Wetzlar sûnt de ein fan 'e 12e iuw ta. Om 1250 hinne wiene de stedsmuorren foltôge en likernôch yn 'e selde tiid waard útein set mei de bou fan 'e hjoeddeiske dom. Oant likernôch healwei de 14e iuw hie Wetzlar 6.000 ynwenners en dêrmei wie Wetzlar nei Frankfurt de grutste sted yn 'e omkriten, mar sûnt it begjin fan 'e 15e iuw sette in ferearming fan 'e stêd yn troch in jierrenlange striid mei de greven fan Solms, dy't de stêd ûnder harren kontrôle besochten te krijen. De hannel sakke yn en de stêd rekke yn 'e skulden. Tsjin 'e ein fan 'e Trititichjierrige Kriich wie it tal ynwenners sakke nei noch mar 1.500.

Wetzlar healwei de 17e iuw..

Nei't Frânske troepen yn 1689 Spiers plonderen, ferhûze it Rykskeamergerjocht, it heechste gerjocht fan it Hillige Roomske Ryk yn 1693 nei Wetzlar. Dat brocht de fleur der foar de stêd wer wat yn mei't ek in soad minsken mei it Rykskeamergerjocht nei Wetzlar meiferhûzen. Dat hie ek in positive ynfloed op oare ekonomyske aktiviteiten en foar it earst groeide it ynwennertal fan 'e stêd wer.

Mei de Frânske besetting fan Wetzlar yn 1803 ferlear Wetzlar de ryksûnmidlikheid. As greefskip Wetzlar waard it ûnderdiel fan it yntusken net mear geastlike karfoarstedom Mainz. Tegearre mei de foarstedommen Regensburg en Aschaffenburg waard Wetzlar in diel fan it Karfoarstedom fan 'e aartskânsler, dat mar trije jier bestie oant it Frâns II de keizerstitel dellei, wêrmei't der definityf in ein oan it Hillige Roomske Ryk kaam. Mei kaam ek in ein oan it Rykskeamergerjocht.

Nei it Kongres fan Wenen foel Wetzlar yn 1815 oan Prusen en yn 1822 waard de stêd de haadstêd fan 'e lânkring Wetzlar. Dy nije lânkring lei as in isolearre eksklave fan 'e Prusyske Rynprovinsje op likernôch 60 km fan de rest fan it Prusyske territoarium. Eastlik fan Wetzlar lei it Gruthartochdom Hessen en westlik it Hartochdom Nassau.

Mei de yndustrialisaasje groeide de stêd bûten de midsiuwske stedsgrinzen en waard foar it earst in oanbuorjende gemeente by de stêd foege. Op it plak fan it hjoeddeiske distrikt Büblingshausen lei yn 'e Earste Wrâldkriich in kamp foar sa'n 15.000 fral Oekraynske kriichsfinzenen. Wylst de stêd yn 1890 noch 8.144 ynwenners telde, wie it ynwennertal flak nei de Earste Wrâldkriich al tanommen ta 15.000.

Monumint foar de Oekraynske kriichsfinzenen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie Wetzlar as yndustriëel sintrum it doel fan swiere bombardeminten. It gebiet om it stasjon hinne en it stedsdistrikt Niedergirmes mei syn fabriken rekken dêrby slim skansearre, mar de histoaryske stêd bleau op 'e domtsjerke nei foar in grut part by de bombardeminten sparre. De yndustrieel Ernst Leitz II wist in belangryk diel fan 'e joadske minderheid fan Wetzlar út de hannen fan 'e nazy's te hâlden troch mei syn jild har nei it bûtenlân te helpen en wurdt ek wol de Wetzlarer Oscar Schindler neamd. Yn septimber 1942 waarden de lêste 34 noch yn Wetzlar wenjende joaden deportearre.

Nei de oarloch lei de stêd yn 'e Amerikaanske besettingssone. Wetzlar waard yn it ramt fan de weryndieling fan it lân by it nije bûnslân Hessen yndield. De stêd groeide fierder, fral ek troch de ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich, en oan it begjin fan 'e jierren 1950 gie it ynwennertal al oer de grins fan 30.000. Tusken septimber 1946 en maart 1949 lei yn Wetzlar in kamp foar Displaced Persons, dêr't tydlik 4.200 joaden ûnderbrocht wiene.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kornmarkt.

It sintrum fan Wetzlar is ryk oan histoaryske bouwurken.

  • Mei de bou fan de domtsjerke waard yn 1230 útein set en de bou waard nea foltôge. It is ien fan 'e fjouwer domtsjerken dêr't katolike en protestantske tsjinsten holden wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Wetzlar.